• 27 mei 2016

    ARJAN HUT -  Wat hat Gysbert Japicx ús 350 jier nei syn dea noch te bieden? Dat wie de fraach dy't sintraal stie by de koarte foarumdiskusje oan de ein fan de offisjele iepening sneon yn de Martinitsjerke fan Boalsert fan it Gysbert Japicxjier. Ien fan de dielnimmers oan it foarum waard troch it publyk mar min ferstien: Oeds Westerhof. Wylst guon âldere taharkers prottelen [...]

  • 25 mei 2016

    ARJAN HUT -  De presintaasje fan de debútbondel 'Reade Triedleas' fan Sigrid Kingma bygelyks, mei gastoptredens fan dichters Elmar Kuiper, Arjan Hut en Joost Oomen. Sjongeres Greetje Bijma wie ek wer ris yn Fryslân te hearren, sy song nij wurk basearre op gedichten fan Janna van der Meer. Boppedat wie Reinder Rienk van der Leest der. Under it kânsel, lâns de súdmuorre, stie in útstalling [...]

  • 20 mei 2016

    EPPIE DAM –  Yn 1970 wie ik santjin, âld foar myn leeftyd, en lid fan de Lêzende Mins. Jierren rûn ik op en del tusken bungalow en bibleteek, de griene barak dêr’t ik datumstimpels garre yn dichtbondels fan namme. Omdat it ek wat mei my wurde moast, reizge ik troch de wike fan Kollum nei Dokkum. Mar ik wie al wat ik wie: lêzende mins. [...]

  • 18 mei 2016

    ULKE BROLSMA -  "Karina!" mei it lûd fan in misthoarne op folle see ropt Jan Wolkers syn frou. Ik wol in ôfspraak mei de master meitsje foar in besite oan Zaandam. En net samar in besite. De skilder, byldhouwer, skriuwer sil dêr te wurd. In moeting mei it folk dat rûnom de nije Dr. J.M. den Uylbrug yn Zaandam wennet. Hy sil útlis jaan oer [...]

  • 17 mei 2016

    MONIQUE FLINKER -  Nei in jier fan ôfwêzigens komt it festival Explore the North wer werom yn Ljouwert. En it is fan doel om dit kear te bliuwen. "Wij gaan voor de lange termijn." Hast alle petearen dy’t algemien koördinator Mark Hospers fan Explore the North de lêste oardel jier fierde, gongen oer jild. De finansiering fan it festival wie in dreech punt. "Ik was [...]

  • 13 mei 2016

    KAREN BIES -  Wy rinne achter Murk oan oer de betonreed it lân yn. De fugels ha wy al heard, mar we sjogge se no ek, en fan sa tichtby. Ast gewoanwei ergens oan it fytsen bist en do sjochst in skries, dan stapst even ôf, sa bysûnder is dat. Hjir, yn it lân fan Murk Nijdam oan de Slachte yn Wommels, stekke by de [...]

  • 10 mei 2016

    TJITSKE VAN DIJK -  It is in prachtige foarjiersdei as ik mei Hanneke de Jong oer de camping nei har ‘skriuwlab’ kuierje. Dit is it plak dêr’t ynspiraasje in idee wurdt en in idee in ferhaal. Ferhalen dy’t skreaun wurde, ferfrommele, wer opsocht, opnij skreaun, krekt salang oant it goed genôch is. Sa’n ferhaal is ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’. Net samar [...]

  • 4 mei 2016

    MARRIT DE SCHIFFART -  Op 15 april ferskynde Schemerdieren, de debútroman fan Nowelle Barnhoorn (1986). Hoe is it om as jonge skriuwer te debutearjen en hoe belibbe Nowelle de ôfrûne wiken? 'Niets zo verraderlijk als de openheid van het Friese land. Het leven van Pier Sikkema is overzichtelijk: hij heeft een huis met een tuin, een charmante vrouw en een dochter op wie hij trots [...]

  • 29 april 2016

    JOSSE DE HAAN -  It is healwei achten de jûns. We sitte mei in goeie twa hûndert minsken yn de teaterseal fan it kultureel sintrum fan Irun - Ficoba – op 'e grins fan Spanje en Frankryk. Om de rotonde hinne foar it sintrum reest it ferkear oer de brêge dy’t de twa lannen ferbynt. De Bidasoa streamt hjir ûnder de brêge út de Pyreneëen [...]