fotografy: Swalk

Der wie net te min te belibjen

ARJAN HUT – 

De presintaasje fan de debútbondel ‘Reade Triedleas’ fan Sigrid Kingma bygelyks, mei gastoptredens fan dichters Elmar Kuiper, Arjan Hut en Joost Oomen. Sjongeres Greetje Bijma wie ek wer ris yn Fryslân te hearren, sy song nij wurk basearre op gedichten fan Janna van der Meer.

Boppedat wie Reinder Rienk van der Leest der. Under it kânsel, lâns de súdmuorre, stie in útstalling fan syn skilderijen. Op syn 83e bringt de skriuwer twa werskreaune romans út, mar it hoe en het dêromtrint waard net alhiel dúdlik. Matty de Vries ûnderfrege van der Leest op it poadium wiidweidich oer syn skilderwurk, mar de literatuer skeat der yn alle nervositeit by yn.

 

Mei Fier dyn frije taal wol útjouwerij Frysk en Frij alle talen dy’t yn Fryslân praat wurde, yn it sinneljocht sette en klinke litte.

 

Der stie ek wol wat spanning op de jûn. Dat wie al te fernimmen oan Janna van der Meer, dy’t nammens organisator, útjouwerij Frysk en Frij, de sintrale presintaasje die. Sykjend om wurden besocht sy de jûn te tsjutten, mar it foel net ta. Alle ûnderdielen foelen ûnder de neamer ‘Fier dyn frije taal’. Mei Fier dyn frije taal wol útjouwerij Frysk en Frij alle talen dy’t yn Fryslân praat wurde, yn it sinneljocht sette en klinke litte. In ûndernimmen dat wer falt yn gruttere ramt fan Kulturele Haadsted 2018. En dan wie der ek noch de kameraploech fan de Omrop, laat troch Bart Kingma. Dy filmen de jûn yn it ramt fan in dokumintêre oer it Gysbert Japicks-jier.

De earsten dy’t har taal fierden, wiene seis triljende, dochs grutske skoalbern dy’t mei help fan Matty de Vries oan it dichtsjen slein wiene. Wy hearden hearlik ûnskuldige fersen (“Myn poeske”) en âlderwetsk ideologyske fredesoproppen yn it Nederlânsk, Frysk en Poalsk. Janna van der Meer sei by de oankundiging fan it folgjende optreden dat de bern – guon al gapjend – net ferplichte wiene de hiele jûn út te sitten. Fuortendaliks sette de jongerein ôf, ynklusyf oanhing, sadat ynienen in gat yn it publyk foel foar it optreden fan stimkeunstneres Greetje Bijma.

Gjin need, want der kaam noch folk oanrinnen. Krekt tusken twa lieten fan Greetje Bijma yn, knalden de tsjerkedoarren iepen en it duo Pier Boorsma & Piter Yedema stapte frolik by it poadium del en groete entûsjast en út folle boarst de oanwêzigen. Boorsma fûn in plak foaroan, dêr’t de stuoltsjes noch krekt waarm fan de bern wiene, en Yedema ferdwûn nei achteren. Bijma pakte de tried sa wer op, en noch gjin minút letter song sy yn har ientsje trijestimmich en ‘joike’, flústere, fluite en kwinkeleare firtuoas troch in arsenaal lûden en ritmes. It wie de meast frije taal dy’t de hiele jûn te beharkjen wie!

Yn it skoft makke Pier Boorsma him yn de kofjekeamer soargen oer syn kompaan Piter Yedema. “Ik ha him net wer sjoen sûnt wy deryn kamen. Neffens my fynt hy dat mar niks, Greetje Bijma, hy sil wol erges weikrûpt wêze.” Dêr wie lykwols gjin sprake fan. Yedema en de stimkeunstneres hiene in rêstich plakje achter yn de banken opsocht. De dichter woe alles fan har witte en siet suver by Bijma op skoat. Wilens wienen Sigrid Kingma en RRR Van der Leest al dwaande om harren nije útjeften te sinjearen

Sigrid Kingma wie ek nerveus, krekt as de skoalbern, Matty de Vries en Janna van der Meer. It is ek net neat, jins debút presintearje. En dan wachtsje, oant nei it skoft, yn in seal fol freonen en famylje, mjukse mei Frisiasten en oar mâl folk. Kingma besocht de spanning lykwols net  fuort te stopjen en dat wurke befrijend. Har ûntwapenjende entûsjasme waard noch ekstra oanset troch in redefiering troch Joost Oomen, dy’t Kingma har yntree yn de Fryske dichterswrâld omskreau as ‘het in hotpants binnenstappen van een literaire zaal vol heren en dames in pak en mantelpak.’ Reade Triedleas is in twatalige bondel, sawol yn it Frysk as yn it Ingelsk te lêzen. Oersetter Trevor Scarse wie ek oanwêzich. Kingma droech gedichten foar en song ien dêrfan, Profile Photo, wylst sy harsels op in gitaar begeliede. Games spylje in opfallende rol yn har wurk. Sy droech in Super Mario-jurk wylst rûnom de fototastellen flitsten.

Van der Leest hie syn frou meinommen (hja wenje yn it Brabânske Haren) en oerlange har op it poadium in boeket en wol mear as trije tuten. Nei ôfrin fan it offisjele programma joech hy by syn skilderijen, oan wa’t it hearre woe, noch in priveekolleezje. Hy prate helder en besteklik oer artysten as Roy Lichtenstein en Matisse en dy harren ynfloed op syn byldzjende wurk. Ek Bijma en Kingma bleaunen noch even, om nei te praten, plannen te smeien of om einlings, nei in lange jûn fol lytse en grutte yndrukken yn in ferskaat oan ‘ramten’, te ûntspannen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.