‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’

TJITSKE VAN DIJK – 

It is in prachtige foarjiersdei as ik mei Hanneke de Jong oer de camping nei har ‘skriuwlab’ kuierje. Dit is it plak dêr’t ynspiraasje in idee wurdt en in idee in ferhaal. Ferhalen dy’t skreaun wurde, ferfrommele, wer opsocht, opnij skreaun, krekt salang oant it goed genôch is. Sa’n ferhaal is ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’. Net samar in ferhaal, mar goed foar de Simke Kloostermanpriis 2016.

It idee foar it boek kaam net fan Hanneke de Jong sels, mar by in kollega fan OSG Piter Jelles. “Hy sei: ‘Do bist altyd sa iepen oer dyn ADHD. Soest der net ris in lèùk boek oer skriuwe kinne? In boek dat net allinne oer de ferfelende kanten giet?’ Earst sei ik net folle. In boek oer ADHD? Mar drekt de oare deis hie ik al allegear prachtige ideeën!” Hanneke laket. “Ja, dat is ADHD, hè? De holle siet der al hielendal fol mei.”

 

Ik hearde wol fan minsken dat se it boek moai fûnen, mar dizze priis is sa bysûnder. En foar my persoanlik is it ek wol in ôfsluting.

 

Troch in ferfelende fal moasten alle goeie ideeën earst de iiskast yn. Hanneke koe gjin ljocht ferneare en moast hiele dagen rêstich lizzen bliuwe. “No freegje dat mar ris fan in ADHD-er!”

Mar it slimste wie, dat se wurden kwytrakke. Ynspiraasje genôch, mar de goeie wurden woene net mear komme. In ramp foar de skriuwster. It wie in aaklike tiid fol twifels. Gelokkich kamen lang om let en mei in soad help de wurden werom en koene de ideeën it paad nei it papier wer fine.

Doe koe Hanneke oan ‘e slach mei har ADHD- ferhaal. Om’t it ûnderwerp wol hiel tichtby kaam, skreau se yn it Nederlânsk. Sa skipe se wat ôfstân. “Fansels kaam ik mei myn earste ferzje by myn kollega en myn man, benijd wat se der fan fine soenen.” Wer in laits. “No, ik leau dat se it út lêzen hawwe om’t ik it wie. Ien sei: ‘Hanneke, ik wurd der gek fan!’. Ik tocht: ‘Tsja, dat is ADHD, sa sjocht dat derút’. Mar it wie leau ‘k wat tefolle ADHD.”

It moast oars. Minder saaklik, mear gefoel. Yn alle boeken fan Hanneke de Jong fynst dat werom. Der sit gefoel yn. Net alles wurdt beneamd, mar do kinst fiele wat der bedoeld wurdt. “Ik moast opnij begjinne. Net mear yn it Nederlânsk, mar yn it Frysk. Hoe ’t it krekt wurket wit ik ek net, mar doe slagge it al.”

In hiel soad minsken, jong en âld, hawwe it boek yntusken lêzen en hawwe harsels of harren soan, dochter, freon of freondinne deryn werkend. It is in fleurich boek, mar mei ynhâld.  “Boeken mei in boadskip, boeken dêr’st wat fan leare moatst, dêr hâld ik net fan. Mar it mei wol ergens oer gean”, seit Hanneke. ‘Trettjin dagen’ giet oer in feest. It wurdt in prachtich feest, mar yn de oanrin dêrhinne heart haadpersoan Marike dat har broerke ADHD hat. Mei tank oan in freontsje begjint se oan harsels te twifeljen: Is sy sels eins wol normaal?

Hanneke de Jong wist sels net altyd dat se ADHD hat. Ek doe’t de bern der al wiene, kaam it net yn har op. “Us bern hawwe it ek. Ik wit dus wat it is om it as mem mei te meitsjen. Datst tinkst: wêrom giet it by ús dochs altyd oars? Wêrom slagget it my net en in oar wol? Us âldste seach ek nergens gefaar. Wy ha der wat mei hân. Mar as der dan echt wat te rêdden wie, dan wie hy wol de earste dy’t klear stie en yn aksje kaam, wylst oaren noch stiene te tinken. Dat is ek ADHD: hup, aksje, net eamelje!”

Pas doe’t de bern wat âlder wiene, hearden Hanneke en har man dat it ADHD wie. “De dokter sei: ‘It is erflik.’ Ik sei: ‘Wat bedoele jo dermei?’ ‘Ik tocht oan dy’, sei er. No, dat hie ik no nea betocht. Mar it foel te plak. En sûnt doe binne wy der altyd iepen oer west. Minsken sjogge wolris nuver, dat ik der sa fleurich oer doch. Mar gûle helpt ek net. It is net altyd maklik, wier net. Mar ik tink dochs dat is it it bêste is om der iepen oer te wêzen. En ast it goed besjochst, is it echt wolris om te laitsjen watst as ADHD-er meimakkest.”

Ek dat is fansels werom te finen yn ‘Trettjin dagen’. Sa’t Marike foar de keukenkast stiet, bygelyks. It doel is om te sjen wat der oan boadskippen yn ’e hûs is. Dan sjocht se dat de kast eins in rommeltsje is en se begjint op te romjen. Ynienen betinkt se dat de yndieling net handich is en hellet alles fan it plak. Mar dan kin se der ek like goed in doekje trochhinne helje.

“Sa soe it my ek gean. Ien fertelde my ris dat it ek planke foar planke kin. Wat in geweldich idee! Dêr soe ik nea op komme. Do wol?” Hanneke moat laitsje as ik knik.

“Echt? Och ja, ADHD betsjut grutte plannen, it iene noch moaier as it oare. Neat mis mei de plannen, en planningen meitsje kin ik as de bêste, mar ja, dan moatst dy der wol oan hâlde no? As it dan net slagget, dan is de teloarstelling grut. Wat dat oangiet ha ik fan it skriuwen fan ‘Trettjin dagen’ ek in soad leard. Der binne sitewaasjes dêr’t in oar fan seit: ‘Toe no, do sjochst dochs wol dat dit op’e kop ferkeard komt!’ Dy sjoch ik no soms ek better oankommen. No, en dan bin ik echt grutsk op mysels as it my slagget en traapje der in kear net yn!”

Hanneke bekent dat se in loftsprong makke doe’t se hearde dat se de Simke Kloostermanpriis wûn hie. “Ik hie der hielendal net op rekkene. De konkurinsje wie sa sterk! Mar it is prachtich. Ik hearde wol fan minsken dat se it boek moai fûnen, mar dizze priis is sa bysûnder. En foar my persoanlik is it ek wol in ôfsluting. Ik ha in hiele ferfelende perioade hân, mar de wurden binne der wer, ik ha de holle fol nije ferhalen en ik kin as ‘Skoalskriuwer’ myn passy ek noch diele mei bern. Ja, it giet goed.”

As ik werom rin oer de camping, kin ik net oars as leauwe dat der noch in soad moaie ferhalen út it ‘skriuwlab’ fan Hanneke de Jong komme sille. Gelokkich mar.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.