fotografy: Hans Jellema

It twadde libben fan Explore the North

MONIQUE FLINKER – 

Nei in jier fan ôfwêzigens komt it festival Explore the North wer werom yn Ljouwert. En it is fan doel om dit kear te bliuwen. “Wij gaan voor de lange termijn.”

Hast alle petearen dy’t algemien koördinator Mark Hospers fan Explore the North de lêste oardel jier fierde, gongen oer jild. De finansiering fan it festival wie in dreech punt. “Ik was er nu ook wel een beetje klaar mee, moet ik zeggen. Ik ben blij dat we het nu eindelijk weer over het programma kunnen hebben.”

Mei stipe fan KH2018 slagget it Explore om dochs wer in edysje op te setten. En yn 2017 en 2018. Fansels moatte der noch oare jildsjitters fûn wurde, mar dêr makket Hospers him net drok om. Hy is derfan oertsjûge dat ek bygelyks provinsje en gemeente noch wol oer de brêge komme. “Als je ziet hoe enthousiast iedereen is, komt dat wel goed.”

 

Het kan zomaar zijn dat een kunstenaar op de komende editie iets aankondigt, maar dat hij daarmee ook de komende twee jaar op Explore staat. Net zoals het festival, willen we ook dat de acts gaan groeien.

 

No, goed in heal jier foar de folgjende edysje, is der dus grien ljocht. Behoarlik koart dei. It wurdt in spannende tiid om it programma op tiid rûn te krijen. It draait by Explore om de ynhâld. “Wij hebben geen groot festivalterrein met headliners. Wij willen experimenteren, met acts en locaties.”

Lykas ferline edysje, doe’t ien fan de grutte suksessen it ûndernimmersproza wie. Fjouwer jonge skriuwers gongen yn petear mei ûndernimmers yn de stêd en makken nei oanlieding dêrfan in fiksjeferhaal. De ûndernimmers liezen dat dêrnei foar. Hospers: “Het was wat onwennig, maar je zag de trots. Daardoor hingen de mensen aan hun lippen.”

Om it programma op te setten, hat Explore in gearwurking mei in grut oantal partners. Tink oan Neushoorn, Lân fan de Taal, de Popfabriek, Welcome to the Village, Oerol en Asteriks. Ek is Explore yn petear mei Tryater, om te sjen oft dy noch wat betsjutte kinne.

Dat Explore wer trochgiet, is de rêding fan it festival. “Was het ook dit jaar niet gelukt, dan hadden we de stekker er wel uitgetrokken”, bekent Hospers. Hy sjocht dizze ‘trochstart’ as it twadde libben foar it festival. En dêr geane se as organisaasje fol foar.

Neffens Hospers is Explore yn sekere sin ek ûnmisber foar in stêd as Ljouwert. Minsken ûntdekke de stêd, troch opfallende acts op plakken dêr’t je it net ferwachtsje. “Niet alleen mensen van buiten de stad ontdekken een andere kant van Leeuwarden, ook de inwoners zelf.” Hy hopet dan ek dat Explore in fêste, jierlikse ûntdekkingstocht troch de stêd wurdt.

Oer de acts kin Hospers noch neat sizze, der leit noch nimmen fêst. Wol tinkt er dat mei guon artysten boud wurde kin oan in langere gearwurking. “Het kan zomaar zijn dat een kunstenaar op de komende editie iets aankondigt, maar dat hij daarmee ook de komende twee jaar op Explore staat. Net zoals het festival, willen we ook dat de acts gaan groeien. Het is een ontwikkelingsproces waar we met zijn allen inzitten.”

Oant en mei 2018 leit it festival no fêst. Mar júst de edysje fan 2019 wurdt neffens Hospers hiel wichtich. “Wij spelen een belangrijke rol tijdens Culturele Hoofdstad 2018, maar wij zijn wel een eigen festival. Daarom wordt 2019 heel belangrijk. Dan moeten we echt laten zien wat we waard zijn. De ontwikkelingen die we de komende jaren doormaken, willen we dan doorzetten. Elke editie moet anders en beter. We willen onmisbaar worden voor Leeuwarden.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.