• 20 september 2013

    Achte Kommissaris, O, o, krekt as jo siet ik ek sa lekker yn in flow. It wienen machtige wiken. Wier, ik bin net synysk. Dy Kulturele Haadstêd, ik fyn it super. Aldergelokst haw ik de ôfrûne jierren net yn it kamp fan de KH-soerstokken sitten, oars hie 'k my no de tonge raar yn de bek draaie moatten om my hjir út te swetsen. Nee, [...]

  • 17 september 2013

    WILLEM WINTERS -  Mienskip! Dat joech de trochslach. Ljouwert KH 2018! Mienskip! De sjuery wie unanym: de Mienskipsgedachte, dat is wat nedich is! By it wurd Mienskip begûn der eat yn my te triljen. Eat dat al hiel lang yn djippe rêst wie. Ik waard wekker, sa fielde it: 'Dit is myn kâns, dit is ús kâns. Wy, de lêste sosjologen. Wy dy’t yn de [...]

  • 7 september 2013

    KAREN BIES - De alderleafste susters en dokters wurkje yn it sikehûs fan Drachten. Ik ried jim allegear oan om jo dêr ris in dei opnimme te litten. Net mei in aaklike sykte fansels, mar foar in lytse yngreep. By my wie it in operaasje oan de foet. It like my ta dat pleatslike ferdôving genôch wêze soe. Mar nee, dat moast op syn minst [...]

  • 8 augustus 2013

    HENK WOLF -  "Dy auto gong fet hurd!" en "dy broek is echt fet hip!" By jonge Friezen is 'fet' it nije 'tige'. It is bûn oan leeftyd. Myn oarehelte is 33 en kin it noch krekt op in natuerlike manier brûke. Ik bin 40 en ik krij it net ta de strôt út. Ik fûn it heel opfallend dat in synonym fan 'fet', nammentlik [...]

  • 25 juli 2013

    DOUWE KOOTSTRA - Congressen en symposia, je kunt me er altijd wakker voor maken. En ik bof, want er gaat bijna geen kwartaal voorbij of ik mag weer aantreden. Het Mercator Research Centre, opererend onder de krachtige vleugels van het Center of Excellence de Fryske Akademy, is op het terrein van meertaligheid internationaal sterk profilerend bezig. Taalwetenschappers uit heel Europa en soms ook daarbuiten worden [...]

  • 16 juli 2013

    KAREN BIES - Yn de twadde klasse fan de middelbere skoalle koene wy kieze tusken Latyn en Frysk. Ik keas Frysk, omdat ik ûnnoazelwei tocht dat ik dêrmei fierder komme soe. En dat it handiger wie om foar in libbene taal te kiezen as foar in deadenien. Jo sjogge wat dêr fan kommen is. Ik wenje noch altyd yn Fryslân en it Frysk is op [...]

  • 15 juli 2013

    PIER BERGSMA - Jo soenen begrutsjen krije mei de froulju dy’t dei yn dei út, sûnder útsjoch op in better bestean, yn de neare lucht fan lokalen sûnder airco besykje moatte ek de ûnnoazelste bern fan de ûnnoazelste âlden wat by te bringen. Dat is noch net alles. It folk foar de klasse docht neat oan it narjen. De steatssekretaris wol no in nije wet [...]

  • 10 juli 2013

    KAREN BIES - De boppeseal fan Hotel Reekers op ’e Jouwer, in kreakjende houten flier, tl-buizen dy’t de dochs al bleke pubergesichtsjes ûnferbidlik yn it ljocht setten. De famkes stiene links, de jonges rjochts en dan rôp dûnslearaar Piet de Boer: ‘Vandaag kiezen de dames een heer!’ Dan wie it saak om op dyn spesjaal foar dûnsles oanskafte pumps sa gau mooglik oan de oare [...]

  • 8 juli 2013

    JAN FOLKERTS -  De dream fan in bloeiend plattelân, dêr’t lokkige en sûne minsken yn harmony mei harsels, mei de natoer en mei harren meiminsken libje, is in dream fan alle tiden. We sjogge dy dream werom yn de propaganda fan totalitêre rezjyms, dêr’t laitsjende en sûnreade boeren it nôt rispje foar de gloarje en de eare fan de naasje en it heitelân. Yn in [...]