Skuor yn de broek

Achte Kommissaris,

O, o, krekt as jo siet ik ek sa lekker yn in flow. It wienen machtige wiken. Wier, ik bin net synysk. Dy Kulturele Haadstêd, ik fyn it super. Aldergelokst haw ik de ôfrûne jierren net yn it kamp fan de KH-soerstokken sitten, oars hie ‘k my no de tonge raar yn de bek draaie moatten om my hjir út te swetsen. Nee, de minsken dy’t foar KH tsjin alle stoarmen yn in briljant plan skreaun ha, dêr meitsje ik in djippe bûging foar.

En dan de iepening fan it Fri Esm Use Um. Ik hear deselde grumpy old men wer omraak krimmenearjen, mar ik ha grut respekt foar dat fierstente lytse ploechje minsken dat oan de slach gien is mei de hast ûnmooglike opjefte om terppotten, joadestjerren en Benners by elkoar te bringen. Dat dat harren mei fisy en keihurd wurkjen dochs slagge is, en dat dat werklik prachtige eksposysjes oplevere hat, is ferskuorrende knap.

En doe – ik hâld mar gewoan de folchoarder oan dy’t jo brûkten op prinsjesdei – de Fryske ambassade. Mei pompebôle en sûkerblêden lieten de bestjoerders en amtners neffens my sjen dat se it nije boadskip fan KH en FM noch net hielendal ferstien hawwe. Mar allá, sei Allah, it sil fêst in noflik en o sa wichtich netwurkwykje west hawwe.

En doe kaam dy ferrekte skuor yn de broek. As dy op it goeie plak sit, is it handich skiten, mar ik begriep pas letter dat jo wat oare krampen hawwe as ik. En dat snap ik net hielendal.

Want wat yn de frede is der sa moai oan dat oarlochstúch? Ien fan myn earste herinnerings oan it libben is dat ik as beukerke mei de hantsjes oer de earen jankend ús hûs yn fleach as der wer sa’n masine oerkaam. Grif op wei om nommel wurk te dwaan by in treinkaping of yn Libanon, mar ik krige der in skuor yn ‘e trommelfluezen fan. En no noch altyd fersteure dy rotsakken geregeld myn frije simmermiddeis, of myn wurk as ik foar opnames earne yn in moai stil stik lân stean. Myn arsenaal skel- en flokwurden hie him nea sa ryk ûntwikkele sûnder de fleanbasis. Ik soe it in segen fine as dy g-dv-rd-mde k-t  F16’s opsodefuckstrale koenen.

Ik baalde dus as in stekker, doe’t ik hearde dat de basis foarearst iepenbliuwt en dat de JSF hjir syn plakje krije sil. En doe’t jo sprieken oer de skuor yn de broek tocht ik ynearsten dus dat wy it hjiroer goed iens wienen. Mar jo bedoelden it krekt oarsom. It gie om dy 900 banen dy’t hjir safolle bedjerre. Dy 900 banen dy’t foar in grut part bestean út minsken dy’t oars heus net yn de Fryske UWV-bakken bedarje, mar dy’t gewoan meiferhúzje nei Volkel of in oare hightech-omjouwing. Dy’t hjir gewoan tydlik wenje omdat har wurk no ienris yn Ljouwert is. En as harren huzen frijkomme, komt der moai wer wat beweging yn de huzemerk.

Maar kijk daar ‘es, kommissaris, in fisioen: sûnder dy pokkeherry fan neiferbaarnders is it folle nofliker kuierjen troch de binnenstêd, fytsen lâns it kanaal, strunen troch it museum. Dat sille dy tûzenen KH-rekreanten aansen ek fine. Sy sille manmachtiger, langer en faker komme, dus it ekonomysk neidiel fan de ferdwinende banen wurdt samar omset yn in grut foardiel.

En no hat Definsje ús beiden út de flow helle. Jo fanwege it ferlies fan de wurkgelegenheid en my fanwege it feit dat de basis bestean bliuwt. Ha dy smychten út Den Haach ús dochs wer te pakken. Kinne wy net in alliânsje slute? Dan falle jo it regear fan rjochts oan, ik fan links. En as we se ferslein ha, sil ik it jo yn de flow fan de oerwinning noch ien kear útlizze.

 

Freonlik groetsjend,

Bart Kingma

Comments
Ien reaksje oan “Skuor yn de broek”
  1. Bouke Slofstra schreef:

    Wat betsjutte “prinsjesdei” en “keihurd”?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.