Omke Pier – Maartje Roos
Wêr fange we de measte fisk? Fiskersfamyljes oan de Sudersee holden allegear op hun eigen wize by wêr se wêze moasten om te fiskjen, en droegen dat oer fan heit op soan. It liket wol in soart ‘geheimtaal’. Kooien krekt iepen, east oant twa wynmûnen en dan toer Hylpen yn boskje Workumerwaard is sa’n rychje oanwizings. Yn […]
Maartje Roos: Zuiderzee-silhouet Lemmer
REDAKSJE – Doe’t de Sudersee Iselmar waard, feroare stadichoan ek it oansjoch fan de havens. By in antiquariaat kocht artistyk fotograaf Maartje Roos in ANWB-boekje út 1915 mei de ‘Zuiderzee-Silhouetten’ fan dy tiid. De haven fan de Lemmer feroare it meast, en foarme dus foar Maartje de moaiste útdaging. Se begûn oan in speurtocht nei […]
Roekoepolle – Maartje Roos
REDAKSJE – Doe en no krúse mekoar op it wetter fan de Snitsermar. Yn dit wurk hellet Maartje Roos it ferdronken eilân Roekoepolle wer boppe wetter. De Roekoepolle wie eartiids it plak dêr’t hurdsylwedstriden starten en de feestlikheden nei ôfrûn plakfûnen. Hjir sile alle klassen dy’t belangryk binne yn de Snitswike, om it eilân hinne. […]
De zee vrij spel? Kwelder Sneek – Maartje Roos
Hoe sjocht ús lânskip derút yn it jier 2100? Foar it wurk De zee vrij spel? Kwelder Sneek gie artistyk fotograaf Maartje Roos op syk nei âlde kaarten, se plúze de nijste klimaatscenario’s út en gie yn petear mei saakkundigen. Ien fan dy hjoeddeistige scenario’s is echt gearwurkje mei de natoer, troch hjir en dêr […]
Eksposysje Balanina yn H47 Ljouwert
Fan 1 july oant en mei 22 july is de Kunstruimte H47 in solo-eksposysje fan fotograaf en Haniakunstenaar Natalia Balanina te sjen. De iepening fan de eksposysje is op 1 july om 16.00 oere. Fan herte wolkom! Yn de fotosearje mei de titel ‘Acceptatie‘ ferbyldet Natalia har eigen syktocht nei ynsjoch en eigenheid, de konfrontaasje […]
Nu te zien: Miltvuurbosjes van Janne van Gilst
Janne van Gilst over haar fotoserie: ‘Miltvuurbosjes zijn landschapselementen die nog veel in Friesland voorkomen en de locaties markeren waar in de 19e eeuw vermoedelijk met miltvuur besmet vee is begraven. Omdat deze bacterie eeuwenlang onder de grond kan overleven, zijn deze bosjes potentieel nog steeds gevaarlijk. Locaties zijn nooit geregistreerd, maar bestaan alleen nog in het […]
Windstil. Heleen Haijtema én Joost Oomen
De seilen fan in skûtsje as se sliepe Yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits is noch oantemei 28 augustus Windstil te sjen. In fototentoanstelling foar Arcadia, mei nij wurk fan Heleen Haijtema (1980), en har seleksje fan de bylden dy’t de Snitser fotograaf Ger Dijs (1925-2009) yn de jierren santich en tachtich makke fan […]
Nick Veenstra yn de Etalage fan Obe
Dizze hiele simmer wie OBE de Etalage foar trije keunstners. De Moanne docht yn gearwurking mei Tresoar ferslach fan dizze simmerútstalling. Yn dizze vlog fan Larissa Lokenberg fertelt Nick Veenstra oer syn wurk.
Marleen Stoelwinder oer har simmer yn Obe
Dizze hiele simmer is OBE de Etalage foar trije keunstners. De Moanne docht yn gearwurking mei Tresoar ferslach fan dizze simmerútstalling. Yn dizze vlog fan Larissa Lokenberg toast Marleen Stoelwinder har wurk en fertelt hoe’t se ta ideeën komt.
Nick Veenstra yn de Etalage
Dizze hiele simmer is OBE de Etalage foar trije keunstners. De Moanne docht yn gearwurking mei Tresoar ferslach fan dizze simmerútstalling. Larissa Lokenberg makke in moaie vlog oer – it wurk fan – Nick Veenstra. De vlog is te sjen op it YouTube-kanaal fan De Moanne.