Eksposysje Balanina yn H47 Ljouwert

Publisearre op 14 juni 2023

Fan 1 july oant en mei 22 july is de Kunstruimte H47 in solo-eksposysje fan fotograaf en Haniakunstenaar Natalia Balanina te sjen.

De iepening fan de eksposysje is op 1 july om 16.00 oere. Fan herte wolkom!

Yn de fotosearje mei de titel ‘Acceptatie‘ ferbyldet Natalia har eigen syktocht nei ynsjoch en eigenheid, de konfrontaasje mei har twivels en mankelikens, en har langst nei akseptaasje. Se nûget de sjogger út om stil te stean, te reflektearjen en tichterby te kommen – tichter by de oar mar ek by harsels.

Natalia portrettearret harsels sûnder har folslein bleat te jaan. Har foto’s binne ekspressyf en kontrastryk, mar ferbergje in yntroverte persoanlikheid. Troch yn te zoomen op details suggerearret se yntimiteit en kwetsberens, mar tagelyk bliuwe de bylden sletten en abstrakt. Dizze tsjinstellingen ûnderskiede it wurk fan Natalia Balanina, en wize op in ûnderhûdske striid fan in soad sizze wolle, mar net goed witte hoe. It swart-wyt yn ‘e foto’s is net allinnich hurd en skerp, mar yn guon bylden ek yn beweging; it kontrast ferflaget, is sykjend nei in nije foarm, ferbyldet ûnwissens en fertwiveling. Yn dit spanningsfjild tusken eangst en langstme, flústerjen en razen, ferbergjen en sjen litten, ûntstiet stadichoan romte foar nije ynsichten dy ’t liede kinne ta akseptaasje.

Mear ynfo oer de keunstner en har wurk: balanina.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels