De zee vrij spel? Kwelder Sneek – Maartje Roos

Publisearre op 13 december 2023

Hoe sjocht ús lânskip derút yn it jier 2100? Foar it wurk De zee vrij spel? Kwelder Sneek gie artistyk fotograaf Maartje Roos op syk nei âlde kaarten, se plúze de nijste klimaatscenario’s út en gie yn petear mei saakkundigen. Ien fan dy hjoeddeistige scenario’s is echt gearwurkje mei de natoer, troch hjir en dêr de see stadichoan wer it lân yn gean te litten.

De wize wêrop de terpbewenners eartiids learden om te libjen mei it wetter, kin ús ynspirearje by de tarieding op sa’n scenario, fynt Maartje. Sa ûntstie dit byld fan Snits op in terp. De zee vrij spel? wurdt in rige, ek foar oare plakken sil Maartje de gefolgen fan it omheechkommen fan de seespegel ferbyldzje.

De zee vrij spel? Kwelder Sneek is ien fan de alve wurken dy’t te sjen binne yn de eksposysje ‘WaterSpiegel’ yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Spesjaal foar dizze eksposysje hat Maartje fjouwer nije wurken makke. Yn dy tentoanstelling lit sy net allinnich it einrisseltaat fan har wurk sjen, mar ek har ynspiraasje en har wurkwize. ‘WaterSpiegel’ is nog oantemei 25 febrewaris 2024 te sjen.

www.friesscheepvaartmuseum.nl/waterspiegel

www.roosphotography.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels