Omke Pier – Maartje Roos

Publisearre op 16 februari 2024

Wêr fange we de measte fisk? Fiskersfamyljes oan de Sudersee holden allegear op hun eigen wize by wêr se wêze moasten om te fiskjen, en droegen dat oer fan heit op soan. It liket wol in soart ‘geheimtaal’. Kooien krekt iepen, east oant twa wynmûnen en dan toer Hylpen yn boskje Workumerwaard is sa’n rychje oanwizings. Yn dit gefal fan de fiskers fan de famylje Poepjes út Makkum. Sa farre sy nei it plak dat se ‘Omke Pier’ neame. Dêr’t de swannen swimme, is de fisk te fangen.

‘Omke Pier’ is ien fan de fjouwer nije wurken dy’t Maartje Roos makke foar de eksposysje WaterSpiegel. Tegearre mei besteand wurk binne se noch oantemei 25 febrewaris 2024 te sjen yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Komst tusken 12 en 25 febrewaris nei it museum en hast in museumkaart? Dan krijst fergees in setsje keunstkaarten mei de nije wurken fan Maartje Roos.

Lês hjir mear oer WaterSpiegel.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels