Maartje Roos: Zuiderzee-silhouet Lemmer

Publisearre op 24 januari 2024

REDAKSJE –

Doe’t de Sudersee Iselmar waard, feroare stadichoan ek it oansjoch fan de havens. By in antiquariaat kocht artistyk fotograaf Maartje Roos in ANWB-boekje út 1915 mei de ‘Zuiderzee-Silhouetten’ fan dy tiid. De haven fan de Lemmer feroare it meast, en foarme dus foar Maartje de moaiste útdaging. Se begûn oan in speurtocht nei histoarysk byldmateriaal, fotografearre de gebouwen fan doe dy’t der no noch binne en socht fergelykbere fan dy’t ferdwûnen. Twa Lemster aken farden op spesjaal fersyk út, en se montearre wetter wêr’t no polderlân leit. Sa rekonstruearre se oant yn de lytste details it oansjoch fan De Lemmer fanôf de Sudersee yn 1915.

‘Zuiderzee-silhouet Lemmer’ is ien fan de fjouwer nije wurken dy’t Maartje Roos makke foar de eksposysje WaterSpiegel. Tegearre mei sân earder makke wurken, binne se noch oantemei 25 febrewaris te sjen yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits.

www.friesscheepvaartmuseum.nl/waterspiegel

www.roosphotography.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels