Roekoepolle – Maartje Roos

Publisearre op 4 januari 2024

REDAKSJE –

Doe en no krúse mekoar op it wetter fan de Snitsermar. Yn dit wurk hellet Maartje Roos it ferdronken eilân Roekoepolle wer boppe wetter. De Roekoepolle wie eartiids it plak dêr’t hurdsylwedstriden starten en de feestlikheden nei ôfrûn plakfûnen. Hjir sile alle klassen dy’t belangryk binne yn de Snitswike, om it eilân hinne. It binne de tradysjonele skippen lykas de draak, de BM, de regenboog, it Fries jacht, de dertigkwadraat en de pampus. Ek it Steatejacht Friso is derby.

Roekoepolle is ien fan de fjouwer nije wurken dy’t artistyk fotograaf Maartje Roos makke foar de eksposysje WaterSpiegel. Tegearre mei sân earder makke wurken binne se te sjen yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits.

Maartje toant dêr ek har wurkwize en boarnen fan ynspiraasje. Sa hinget der fan Roekoepolle ek in tekene skets. It wie foar Maartje noch in hiele toer om dit wurk op tiid klear te krijen. Omdat de measte skippen allinnich farre by wedstriden, soe se dy fotografearje moatte by de Snitswike. Mar ôfrûne simmer waaide it faak te hurd om te silen. En as der al syld wurde koe, wie der gjin sinne, of stie de wyn sa dat it ljocht net fan de goeie kant kaam. Mei tank oan de reewilligens fan de skippers en de fotoprinter koe it wurk op de dei fan de iepening noch op seal hongen wurde.

Op snein 21 jannewaris jout Maartje Roos in Artist Talk yn it museum. Mei wurk út de tentoanstelling as foarbyld, fertelt se fan begjint oant ein hoe’t se te wurk gien is. De Artist Talk is fergees, jo betelje allinnich entree foar it museum. Graag yn it foar efkes opjaan fia balie@friesscheepvaartmuseum.nl.

www.friesscheepvaartmuseum.nl/waterspiegel

www.roosphotography.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels