Bosnië leit tusken Oslo en Genève

Publisearre op 30 mei 2018

BOUKE VAN DER HEM

De Spaanske skriuwster Clara Usón beskriuwt yn har bejubele roman Ana Mladić hoe’t de 22-jierrige dochter der ta kaam harsels in kûgel troch de kop te sjitten, mei it wapen fan de heit: de wreedferneamde Servyske generaal Ratko Mladić.

 

Soe it ek sa wêze kinne dat in frou of yn elk gefal dy dochter har net echt deaskrikt fan heity’s hurde militêre ynslach en wapenfeiten?

 

Goed ien jier letter biddele ús luitenant-kolonel Karremans by Mladić om de enklave Srebrenica of op syn minst Dutchbat te sparjen. It earste mocht net barre (sa’n 8000 moslimdeaden), it twadde wol: ús jonges dûnsen de polonêze yn Zagreb.

De fraach dy’t dit fansels opropt en dy’t Usón yn har roman ‘ôfhannelet’, is wat de ynfloed wie fan de selsmoard fan de dochter op it optreden fan de generaal en/of oarsom: soarge syn fêstige reputaasje foar de died fan de leafling?

Neffens de tsjokke roman en útlittingen deroer fan de skriuwer late de suïside nei de genoside.

Sy hat fierders sein dat se it boek skreau op basis fan feiten, geroften en fermoedens.

Fansels, ju! It sjenre is fiksje. En ferfrisseling mei de werklikheid kin de moaiste striidliteratuer opleverje, soks hat ús bygelyks de Havelaar besoarge en dat kin net faak genôch gebeure. Boppedat kin it liede ta, wa wit, in Nobelpriis! De Nobel foar literatuer dan fansels, want wat der ûnder har ferhaalline ferskûle leit oan wapengekletter botst útsoarte mei de Conventies fan Genève, wêryn’t it ‘oarlochsrjocht’ fêstlein is, papieren dêr’t generaal Mladić ‘m nammers lekker de kont mei ôffage. Hawar, dat betearde dus úteinlik yn in knetterhurd libbenslang te Scheveningen!

Evensagoed: oars as by Multatuli past by de ynstek fan Usón en har niisneamde konklúzje wol in prozayske kanttekening. Want it is mar hielendal de fraach oft generaal Ratko troch de died fan syn knappe Ana ta de misdieden yn Bosnië brocht waard.

De man hie al rom foar dy tiid in ferskriklike reputaasje opboud, ûnder mear by de jierrenlange belegering/úthongering fan Sarajevo. En sy as studint genêskunde en frou-fan-de-wrâld wíst dat! Dat hoegde har, lykas yn it boek bart, echt net pas ferdútst te wurden op in studintereis yn it doe tydlik relatyf liberale Moskou…

Sy, dy’t boppedat wakker wiis wie mei it ‘favorite wapen’ fan him dat se kado krigen hie en op ‘t lêst brûkte: soe it ek sa wêze kinne dat in frou of yn elk gefal dy dochter har net echt deaskrikt fan heity’s hurde militêre ynslach en wapenfeiten?

En lykas sein: oarsom wie in casu syn genoside der ek al/wol kaam sûnder har suïside.

Okee, sorry: ik soe der hast wer yntraapje, it is mar fiksjonearjen, ju! Wat donderet it as dat no moaie literatuer opleveret?

Meitsje dyn punt en jou dy der dan mar oan oer.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]