Bibliotekaris

Publisearre op 15 maart 2014

KAREN BIES – 

De kachel baarnt en der hinget in swiere lucht fan opdroegjende klean. Ik hear it tikjen op in toetseboerd, it flústerjen fan bern, de hege stim fan de frou fan de ynformaasjebaly. Fierders is it rêstich. Ik sjoch om my hinne. Dit is ien fan de bibleteken dy’t skielk sluten wurde fanwege besunigings. Ja, dy kachel koe miskien wat leger. Mar der binne genôch minsken en it sit hjir wol gesellich.

Wy hiene eartiids de bibliobus, op woansdeitemoarn foar skoalle. Ik naam alle kearen fjouwer nije boeken mei en dy hie ik dan in wike letter wol út. Earst de boeken fan kast A, as se net al te bernich wiene, dêrnei alle boeken fan B, mar net te jongeseftich. De moaiste lies ik hyltyd wer.

Doe woe ik ek ris wat út kast C. ‘Hoe âld bist?’ frege de bibliotekaris anneks bussjauffeur. Syn kollega seach my skerp oan. Se hie in bril en knypeachjes, fan al dat lêzen fansels. ‘Tsien,’ sei ik. De man pakte myn steapeltsje boeken oer leafde en romantyk en al it oare dêr’t ik noch neat fan wist. Boppeop lei in ‘jeugdroman’ mei de fassinearjende titel: ‘Mijn liefje, mijn hamburger.’ Op it omslach in jonge en in famke mei jierrensantich-hier en in sigaret. De bibliotekaris sette in blau stimpel foaryn it boek. ‘Toe dan mar,’ sei er.

Mar op skoalle krige ik der lêst mei. Master pakte it boek fan myn bank, lies de earste side en sei strang: ‘Dit liket my hielendal gjin geskikt boek foar dyn leeftyd.’ En wer krige ik in kleur, no fan skamte.

Mar ik haw it boek fansels al lêzen. En dêrnei alles wat los en fêst siet. Myn wrâld fan it lytse doarp waard safolle grutter troch boeken. Ik koe ferdwine yn in ferhaal, meidwale yn de gedachten fan in oar, my fernuverje oer de wurden fan in skriuwer. En dat is hearlik. Wêr oars kinst dysels sa fine, as yn boeken.

Myn wiete jas hinget oer de radiator. Ik sit oan de lêstafel mei in dizich tydskrift oer mindfulness. Neist my in âlde dame dy’t de krante lêst, oan de oare kant in man mei in automagazine. In pjut fan in jier as trije draaft mei in grutte atlas nei syn mem. Sy sjocht even nei dat enoarme boekwurk en dan nei har soan. ‘Toe dan mar,’ seit se.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]