Zum Wohl

Earne achter yn de kast moat er noch altyd stean. De flesse Obstler, oantinken oan in prachtige Alpentocht fan hutte nei hutte, fan ’t simmer. Under de beamgrins hienen wy de hiele wike net west, en ûnder de nevel fan de alkohol hienen wy gjin jûn wei west. Dus hup, in pear flessen yn de auto, dan koenen wy thús noch wat yn de stimming bliuwe.

Mar thús smakket alles oars. Ik tink dat ik hjir noch ien kear in Obstler ynskonken ha. It wie de tiid der ek net foar. Der foel net folle te fieren. Teminsten, as ik myn hûs, myn pensjoen leauwe moat. Wacht, miskien… ferdomd, ja, fierhinne fol. Ik fei it stof fan it apeltsje-etiket ôf en jit my ien yn. Zum Wohl! It streamt like suver de kiel yn as de ile berchlucht op de longen slacht.
It wie noflik, dêr yn de bergen. Bonkelje lâns glysterige paadsjes, rotsige flanken opklauterje. Eefkes fuort, oare minsken, oare bylden, oare geuren. Lekker gjin skûtsjekeatsljeppen. Wy hawwe ús poerbêst fermakke, dêr.

Dêr stekt ús oankommende Kryst-midwike yn Súd-Hollân wat skril by ôf, moat ik sizze. Mar wattefok, it is al hiel wat dat wy noch in pear dagen fuort kinne, yn dizze krisistiid.

Ho ho, no net fuortdalix yn it negative, asjeblyft. Ik skink wat by. It smakket net ferkeard. Betink mar fêst wat leuke dingen foar 2012. Miskien mar in moaie foarstelling reservearje. De skouboarch sil, mei wat gelok, dit jier noch wol iepen bliuwe. En Tryater kin hooplik noch in pear foarstellings meitsje, foardat… oeps, posityf bliuwe, hie ‘k sein.

Noch mar in buorrel, miskien helpt dat. Ik soe oars net tefolle drinke, hjoed. Moarn mar wat ekstra sporte. Drave mar, dat is teminsten net sa djoer, en no’t de gemeente de gymseal yn ús doarp fuortbesunig… och, sorry. Ik moat mysels net sa de put yn prate. Da’s net goed, en in depresje leit samar op de loer. En dy kinne jo mar better net krije, tsjintwurdich, want ik wit net oft psychyske help aanst noch fergoede… shit, dêr gean ‘k wer.

Glês alwer leech. Flesse noch net, aldergelokst. Heal leech is heal fol. Seit Ljouwert ek, ús Kulturele Haadstêd. Watfoar haadstêd? Ja, ik mei wier hoopje dat it slagje sil, mar spitigernôch slacht it synisme foarearst foar master op. Sokke inisjativen moatte fan ûnderop droegen wurde, seit men. Mar dêr driuwt it lyk fan Parnas. No ja, oars moat Skylge it mar wurde. Oerol wie ommers fan ’t jier wer prachtich. Hoefolle moasten dy aanst ek alwer ynleverje… och, no doch ik it alwer.

It komt fan it nijs, tink ik. Al dy minne berjochten. It gie der oan wei, fan ’t jier. Sels de boadskippers sels moatte foar it offer. Redakteuren by de krante derút, boekerij útklaaid, Omrop yn swier waar… ho mar wer. In grutte swolch, dat klapt lekker it liif binnen.

Moarn grif pineholle – no ja, boeie. ’t Is mar eefkes, en lang gjin migrêne. Soe, dêroer sprutsen, De Sionsberg it noch lang oprêde kinne? Allinnich al om de namme soe ik it harren gunne, mar spannend wurdt it wol, liket my. Aanst Dokkum yn sintrale zak en as, bin ‘k bang. Gelokkich komt dy dyk der teminsten wol, kinne de Dokkumers tenei by in hertoanfal yn alle gefallen flot nei Drachten brocht wurde. Ik nim noch mar ien, ’s goed foar it hert. En mei de Heak om Ljouwert sille se ek hast los. Moai man, sa bin ik aanst trije minuten flugger by it UWV!

En gelokkich kinne wy no mei 130 fia De Lemmer of de Ofslútdyk de provinsje útjakkerje. Sa fielt it dochs oft jo wat meikomme kinne yn de modder…moderne tiid, sjuh. God, wat is dat guod lekker! En wat binne dy gleskes lyts. Ik hearde dat se sels de hiele Ofslútdyk mar asofaltearje wolle. Ik soe sizze: altyd dwaan, Sjaan! Dat skeelt in moaie poep sinten oan lânskipsarsjektuer, blue energy projekten en natuer. Och, dat wie ommers ek mar klearebare jildfergrienerij. Ha! Oei, ik bargje wat.

Ik ha sin oan ús midwike fuorts, aanst yn de krisisfakânsje. Ek al ist mar nei Sudollân. Tisz goeid om der eefkes út te wêzen, sizze se. Sadat jo dêrnei wer fol moeie goed de tried wer oppakke kinne. Misskien nim ik de bern wol in dei mei nei De Naach. Eefkes sjen op it Binnenhôf. Of binne se dêr op resesje? Der sil wol in sirene rêst hingje, dan. Stilte foar de stoarm, mei ‘k tinke, want der komme grif noch folle mear rampen oer ús hinne komme sille, takom jier. Ho! Ophâlde no, te mintinken! Hoei, tizmywatte! Ien lêste slokje noch, op jo en myn folle flok en skeine en in nij jier en sa, dan giet de flesse oan ‘e kont… kant.

Leech.


Bart Kingma

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.