Ynterpretaasjedrift

TATIANA PRATLEY – 

Ljouwert moat noch Kulturele Haadstêd wúrde, mar as it takom jier alle dagen krekt sa drok wurdt yn Ljouwert as op 13 april, dan stiet ús noch wat te wachtsjen.The Passion, de jierlikse re-enactment fan Jezus’ pynlike dea, brocht my dy deis aardich fan myn stik.

Ik stie moai posisjonearre, midden op it sigerige Wilhelminaplein, tusken tsientûzenen oaren. Seach om my hinne en seach dat elkenien der wie: in blonde freondinneclub mei in Fryske flage yn ’e hannen, in húshâlding dy’t spesjaal út Dimter oerkommen wie (se bleaunen it werheljen). En sels in jonge mei in burd.

En dêr bleau myn each hingjen, dy jonge mei dat donkere burd en dito wynbrauwen dy’t foar my stie en allegedurigen op syn telefoan sjen bleau, rêstleas hippend fan de iene foet op de oare, as oft er haast hie, of ûngeduldich wie; of net ûngeduldich, mar yn elk gefal ferdomd senuweftich en dúdlik stie te wachtsjen. En alle kearen as ik op it punt stie om de holle fan him ôf te draaien, die er wat ûnferwachts. Ik begûn te ynterpretearjen. En as ik dat doch, giet it soms mis. Sjen en tsjutting jaan oan wat ik sjoch is myn fak, mar ik ha wolris de oanstriid om troch te draven yn deistige situaasjes. Om mysels rêstich te krijen flústere ik mysels ta dat it mei opsetsin wie: de rezjy hâldt tsjintwurdich net mear op by it poadium, dy jonge is dêr delset om diversiteit yn it publyk oan te bringen.

Sûnder dat ik it woe wie The Passion healwei en hie ik neat sjoen, want ik seach allinne mar nei ‘It Burd’. Ik naam mysels kwea-ôf dat ik dat die wylst dy jonge wierskynlik neat ferkeards yn ’t sin hie. Doe’t syn hân mei in flugge beweging yn syn jas ferdwûn giene alle alarmbellen ôf, mar doe’t er ferfolgens deagemoedereard in sigretsje foar it ljocht helle en begûn te smoken, wylst Elske DeWall yn al har goedens in nûmer fan Twarres ynsette, frege ik my ôf wêr’t tolerânsje einiget en erchtinken begjint. As wy it yn 2018 hawwe sille oer in Iepen Mienskip, wurdt it tiid dat ik by mysels begjin.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.