Ynternasjonaal trochbrekke is je eigen spoar lûke

Publisearre op 18 november 2017

ELSKE SCHOTANUS – 

It rûzemûzet yn it kafee by it Fries Museum, dêr’t dichter Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) en ik elkoar treffe foar dit fraachpetear. Dyselde middeis, 1 novimber, sil hy dêr optrede. Want al sil it petear, op fersyk fan de Moanne, gean oer de ynternasjonalisearring fan de Fryske literatuer, Bruinja is geregeld yn it heitelân. Sa sil in gedichtesyklus fan syn hân yn 2018 in plak krije yn in fideopoëzyfilm dy’t op de Aldehou projektearre wurdt. En as ‘De Harde Marge’ treedt Bruinja, mei oaren, op by it festival Explore the North.

 

Der is gewoan in perioade yn dyn skriuwerskip datst hot bist, nij en fris, en op in stuit bist wat âlder en dan hast sawat oeral al in kear west. Dan is der wer in nijenien fris. It hat ék te krijen mei it wurk dat ik meitsje. Net alles is like tagonklik en de bondels binne hiel divers. Ik tink dat dát it mear is.’

 

Wy ferûntskuldigje ússels foarelkoar oer: hy lêst net in soad proaza, ik net in soad poëzy. ‘Ik lês wol biografyen, mar romans, no ja … as ik de minsken ken. Freonen of minsken dy’t dichter binne en dan in boek út ha.’ Sa lies hy Renger fan Nyk de Vries. ‘Dat boek fûn ik hiel goed, Nyk is eins ek earder proazaskriuwer as dichter.’ En sa komt it petear op Motorman fan dyselde skriuwer. ‘Miskien is it ek wol poëzy …’ Net altyd is it ûnderskied tusken de ferskillende sjenres sa maklik te meitsjen. ‘Hast no ek de esseeistyske roman. Dat sjochst no by jongere skriuwers folle mear. En der is esseeistyske poëzy dy’t lêst as proaza.’

Elk fraachpetear is in twapetear en as ynterviewer ha ik likegoed sa myn tinzen oer it ûnderwerp ‘ynternasjonalisearring fan de Fryske literatuer’. Hâldt, sa kinst dy ôffreegje, dy ynternasjonalisearring net sa’n bytsje op by de oersettingen fan inkelde berneboeken en benammen de bûtenlânoptredens fan Tsead Bruinja sels? Ek Bruinja gnysket as ik him dy fraach foarlis. ‘Sa no en dan is der ris in boek dat yn it Nederlânsk oerset wurdt en dat sa miskien België berikt. Leven en dood volgens Jelke Bos, dat koartby útkaam, de oersetting fan Tinzen oer it Libben en oer de Dea (2001) fan Trinus Riemersma, waard yn de Flaamske krante De Standaard besprutsen. Fierder binne it dichters dy’t nei it bûtenlân gean. Ek dy’t dêr in skoftsje sitte te skriuwen.’ Der falle nammen: ‘Nyk de Vries, Janneke Spoelstra, André Looijenga, Hein Jaap Hilarides … De earste wie Tsjêbbe Hettinga en doe Albertina Soepboer. Oan har ha ik myn earste bûtenlânske optreden te tankjen. Sy soe nei Yndonezië mei Martin Mooij, de eardere direkteur fan Poetry International, mar dy koe doe net – of woe net, dat wit ik net – en doe hat sy myn namme trochjûn. Sa’nien as Josse [de Haan] is wol aardich ynternasjonaal ynsteld, mar wat hy op dat mêd berikt hat … dat wit ik net. Ik tink dat ek Anne Feddema in ynternasjonale blik hat, hy reizget in soad en wenne in skoft yn Berlyn. Ik ha ris in optreden fan him meimakke yn Toulouse. Mar ik tink dat Tsjêbbe [Hettinga] noch wol it measte dien hat. Sjoch, sels lês ik altyd wol Frysk foar, mar ek Nederlânsk, it is in kombinaasje. En it is net sa dat ik ergens hinne gean om de Fryske literatuer te befoarderjen. Foaral yn it begjin frege ik by Tresoar, doe noch it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, wol om boekjes.’ Oft dy der noch binne? ‘Hm, sawol it Letterenfonds as Tresoar soenen wat mear war dwaan kinne om yn ’e gaten te hâlden oft der ynformaasjemateriaal mei nei festivals kin. Tagelyk’, is Bruinja fan betinken, ‘is it ek de ferantwurdlikheid fan de dichters sels.’

 

Myn eigen spoar lutsen
Koartby naam Teake Oppewal ôfskied as literatuerbefoarderer by Tresoar. Op de fraach oft de funksje mist wurde sil, jout Bruinja oan dat it no noch net te merken is. ‘Teake en ik, wy koenen elkoar goed, mar ik kin net sizze dat hy fan betsjutting west hat foar myn bûtenlânoptredens. En kwa binnenlân … miskien yn it begjin … Fierder ha ik wol aardich myn eigen spoar lutsen en dat giet fia oare kanalen. Teake die der wol in soad oan, mei Poetry International hie er kontakten, mar dy kontakten hie ik sels ek. Oan Tresoar ha ik mear te tankjen as der yn Fryslân in festival is.’

As it om de foardracht giet, wurdt wol sein dat Fryske dichters skatplichtich binne oan it ‘ikoan’ Tsjêbbe Hettinga. ‘Ik ha altyd dúdlik west oer myn ynfloeden. Dy komme út de wrâldpoëzy, út de Nederlânske en út de Fryske poëzy. Tsjêbbe hat in ynfloed west, mar Albertina en Elmar [Kuiper] likegoed. En al dy Kristlike Fryske FolksBiblioteekromans dy’t ik yn myn stúdzjetiid lêzen ha. Ik tink ál dat Tsjêbbe foar it oansjen fan de Fryske poëzy yn it bûtenlân wichtich west hat.’ Oft it effekt bliuwend wêze sil? ‘Ek wy wurde fergetten, witst wol. Der komme altyd wer nije minsken. Ik wie krekt yn Perû, dêr wienen fiif Nederlânske dichters en in Flaamske dichteres. De Nederlânske ambassadeur wie in Fries, dy hie twa kear in praatsje holden oer dat er sa bliid wie dat er in Fries wie. Hy hat in gedicht fan my yn it Spaansk foardroegen en ik ien yn it Frysk. Tafallich al in gedicht dat in soart earbetoan nei Tsjêbbe ta is. Mar wat is no de ympekt? Minsken ha it in kear heard, men is nijsgjirrich, mar it is net sa dat men tinkt: we moatte de folgjende kear beslist wer in Fryske auteur ha. It giet folle mear fia fia, minsken dy’tst tsjinkomst. It is in kombinaasje fan wurdearring foar dyn wurk en foar dy as minske. It is net sa dat se har yn, bygelyks, Nikaragûa ferdjipje yn de Nederlânske literatuer …’

 

Fjoer
Mear as ien kear trede hy op yn Berlyn. ‘Se kenne my dêr. Dat hat te krijen mei it foardragen yn it Frysk. Dêr sit fjoer yn, sis mar, in oar soart fjoer as yn it Nederlânsk, in oar soarte klank, miskien wat feller. Ik tink wol dat de kracht, it muzikale aspekt fan de Fryske taal yn myn gefal, nasjonaal en ynternasjonaal bydroegen hat oan it krijen fan optredens. Wat ek in punt is: Elmar [Kuiper] en ik ha wolris nei Skotlân west, dêr komme ek foardragers dy’t yn minderheidstalen skriuwe. By har merk ik in oprjochte ynteresse yn it Frysk. Der binne freonskippen ûntstien troch it dielen fan de ûnderfining mei it skriuwen yn in minderheidstaal. Dan is der gauwer in klik. Yn eigen lân wurdst as eksoatysk sjoen, tagelyk bist wend dysels te ferdigenjen, want wêrom skriuwst eins yn it Frysk? Ien dy’t yn it Welsh dichtet, herkent dat.’

 

Hot, nij en fris
Bruinja hat, neist syn dichterskip, ek warber west as organisator fan festivals, en dêrneist hat er altyd bestjoers- en kommisjewurk op him naam. ‘Doe’t ik yn de kommisje Letteren fan de Raad van Cultuur siet, waard ik in hiel soad foar festivals frege, net ynternasjonaal mar nasjonaal. Doe ha ik my wolris ôffrege oft dat ynfloed hie, mar ik kin it net hielendal bewize, ik wit net oft it sa is … Der is gewoan in perioade yn dyn skriuwerskip datst hot bist, nij en fris, en op in stuit bist wat âlder en dan hast sawat oeral al in kear west. Dan is der wer in nijenien fris.’ Hy seit it sûnder spyt, mar jout ek in oare reden. ‘It hat ék te krijen mei it wurk dat ik meitsje. Net alles is like tagonklik en de bondels binne hiel divers. Ik tink dat dát it mear is.’

Yn hoe’t Bruinja syn poëzy ûntstiet hat der ûntwikkeling plakfûn. ‘Earder wie it sa dat in gedicht ûntstean koe út it ferkeard lêzen fan in tekst of in wurd. Ik lies ‘krabsoepmetsteurgarnalen’ as ‘ramsoepmetstootgarnalen’. Ik soe nochris in bondel skriuwe wolle dy’t ien grut ferhaal is. Dat ferhaal ha ik wol skreaun, mar it is net langer as in kwart fan de bondel. Ik ha hiel lang besocht om der stikjes by te skriuwen, mar it earste wat ik skreaun wie it bêste. As ferteller is de lange baan foar my gewoan alles wat ik yn de rin fan ’e tiid skreaun ha byelkoar. As in soart hegedrukpanne moat it derút komme. Ik ha sa’n dummyboek en dêr sit ik dan mei in kleurepinne mei ferskillende kleuren wat yn te tekenjen, stomme dingen, heel lilk ek, en ik skriuw wurden dêr’t ik oan tink op. Muzyk is in wichtich elemint om it boartlike los te krijen. Dat kloaien, as oanrin nei it werklike skriuwen, kin ik wol in pear oeren mei dwaande wêze. As it oan skriuwen takomt, dan is dat net folle langer as ien, twa oeren.

Yn febrewaris komt myn nije bondel út, dêr stiet in syklus oer Titus Brandsma yn, dy ha ik skreaun as DongeraDichter, dêr wie ik gewoan bliid mei. Ik ha ek wol dingen dien, dy binne “wol aardich”, mar komme net yn de bondel. As ik yn opdracht skriuw bin ik altyd hiel frij. Ik lûk my wol wát oan fan in opdracht, mar skriuw it as autonoom wurk.’

 

Fideopoëzy op de Aldehou
Sa’n opdracht is it gedicht dat op 2 febrewaris 2018 as ûnderdiel fan in fideokeunstwurk yn premjêre giet en twa moannen oanien alle jûnen op de Aldehou projektearre wurde sil. Ast it hast oer de ynternasjonalisearring fan de Fryske literatuer, dan is it yn dizzen net dat dichters earne oars optrede, nee, it is krekt oarsom: Fryske teksten, as ûnderdiel fan in keunstwurk, binne te sjen en te hearren foar eigen publyk, mar foaral ek foar in publyk dat fan bûten nei Ljouwert / Fryslân as kulturele haadstêd fan Europa komt.

Bruinja socht, op grûn fan in tip, de gearwurking mei fideokeunstner Jules van Hulst. Herman van Veen fersoarget de foardracht en de muzyk. Dat giet net samar, fertelt Bruinja. ‘Mei beide ha ik praat, foaral mei Jules. Hy is ek skilder, hy makket hiel moai wurk. Ik hie him gedichten stjoerd en hy sei: “Dyn wurk is hiel byldzjend, mar ik meitsje sels bylden, dan wurdt it dûbelop.” Ik ha in syklus skreaun en der, op syn oantrún, goed om tocht gjin bylden te brûken. Dat kin yn taal. Ast seist: “Hoe is it?”, dan is dat gjin byld. As ik oan it kuierjen wie tocht ik dêroer nei. Dát? Nee, dat kin net. Dát? Nee, ek al net. Ast de syklus foarlêst is it seis minuten, de film duorret in kertier. Moatst derfoar soargje, fûn Jules, datst yn sa’n film net hieltyd taal hearst. Krijst ek gjin taal te sjen. Ik hâld ek net fan ûndertiteling by in film. Hearst foaral de stim fan Herman en syn muzyk, elektroanyske muzyk. Dat bist net fan him wend, mar al ast de lêste platen fan him heard hast.’ Van Veen draacht foar, sels is hy ek te hearren, mar minder. ‘Jules is, neist byldzjend keunstner, teaterman, hy hat heldere ideeën oer hoe’t er it ha wol.’ Dan, entûsjast: ‘Ik tink dat it hiel moai wurdt. De muzyk is hiel konkreet, de tekst sit gjin inkeld lestich wurd yn. Dy is skreaun yn it Frysk, yn de film hearst beide talen en dêrneist komme der oersettingen yn fjouwer talen. En Jules wurket net achter de kompjûter, hy makket échte dingen.’

 

Explore the North
It is net foar it earst dat Bruinja mei oare keunstners gearwurket. Sa bringt hy op Explore the North, mei twa muzikanten en trije dichters, in ynterdissiplinêre en meartalige foarstelling. De Flaamske dichteressen Lies Van Gasse en Els Moors drage foar, sa ek Frank Keizer en Tsead Bruinja sels. Broeder Dieleman sjongt yn it Siuwsk-Flaamsk en begeliedt himsels op de banjo mei strykstok, en Jan Klug bespilet ûnder mear de theremin, in elektroanysk ynstrumint. Lies Van Gasse tekenet en skilderet live, mei as ynspiraasjeboarne datjinge wat de oaren op it poadium hearre litte, wurk dat op in skerm te sjen wêze sil wylst it ûntstiet. ‘De Harde Marge’ neamt it kollektyf him. It is ûntstien doe’t Tsead frege waard om foar in festival yn Berlyn inkelde dichters te regeljen. De gearwurking mei oare dissiplinen blykt mearwearde te jaan. It konsept sloech sa oan dat der twa optredens yn Münster folgen en op 25 novimber is De Harde Marge yn Ljouwert te belibjen.

Der is wolris suggerearre, fertelt er foar’t wy opbrekke noch, dat hy in goede literatuerbefoarderer wêze soe. Leaust it daliks, mar: ‘Dan bist kop fan Jut, dêr jou ik myn dichterskip echt net foar op.’ Wol hat er in fraach: ‘Hoe sit it eins mei de proazaskriuwers as it om Lân fan Taal en de Kulturele Haadstêd giet?’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]