Wigle Visser

Publisearre op 25 september 2012

JAAP KROL 

Simmer 1977. Dat jier stiene wy mei de Tago (in saneamde optearwein) op it hiem fan myn omke yn de Brekkenpolder by de Lemmer. Mei myn neiste famylje en myn omke-en-dy wiene wy op in moaie simmerjûn nei Laaksum set. Wy rûnen wat hinne en wer, giene nei de ferlitten pleats achter de dyk en seagen troch de ruten. Achter de wite fitraazje wie neat – in keale flier, lege kasten en iepensteande, ûnbestimde doarren. De pleats wie opromme en ferlitten en wachte op syn nije bewenners.

Werom op de dyk giene wy nei it haventsje, dêr’t wy in man troffen dy’t noch oan it wurk wie. It wie de âldste man dy’t ik oait sjoen hie – my waard dan ek ynflústere dat er al oer de njoggentich wie. En dat net allinnich: dit wie de lêste fisker fan Laaksum, dy’t stoarmen trochstien hie en foar de duvel net bang wie.

Wigle Visser wie yn 1977 in man út in oare tiid. In tiid dy’t ik ergens wol koe, want hy like op Sil de Strandjutter, dy’t doe foar de NCRV op ’e televyzje wie. Hy naam ús mei nei syn hiem fierderop en fertelde oan ien stik troch oer syn lange fiskerslibben. Ik seach stikem troch it rút fan syn lytse hûs en oanskôge in stillibben fan netten, potten, stuollen en in bedstee. It wie sa echt, dat ik miende dat it der spesjaal foar my delset wie. Krekt echt, wist ik dus.

De Iselmar wie blakstil en de sinne gie stadich ûnder. It wie sa’n jûn dy’t jo in pear kear yn jo libben meimeitsje. Alteast, dat tinke jo. Sa’n jûn wurdt ommers útfergrutte, opnij belibbe en mei de jierren better betocht as dy iene perfekte simmerjûn. No liende Laaksum him dêr ek wol foar. De lege pleats achter de dyk, de ferrustke fiskôfslach en it ferlitten haventsje leine fredich en stil oan it wetter te wachtsjen op de earste toeristen – minsken út sûkerskjinne nijbouwiken, dy’t jûns foar de televyzje sieten en by de sintrale ferwaarming skiednissen en ferhalen betochten.

Lykas ik. Yn werklikheid ha ik Wigle Visser mar hiel eefkes sjoen en wit ik hast neat mear fan dy jûn. Dat ik him persoanlik echt kend ha – en hy my – kaam pas dêrnei. Om presiis te wêzen in healjier letter, doe’t wy hearden dat er ferstoarn wie. Yn de kranten stiene doe noch rouadvertinsjes fan ferstoarnen dy’t berne wiene yn de 19e ieu. Sokke minsken hiene hannen as koal en bonken fan stiel, wist ik. Se hiene op klompen de Sudersee ôfsletten en mei bleate hannen it lân bewurke. Alles is krekt echt, salang’t it mar wier bard is. Pas as it net bard is, is it echt.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]