Wachtwurd freemwurk.nl

Publisearre op 28 januari 2011

MARRIT DE SCHIFFART –

Hoe stiet it der op ’t heden foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dy fraach te finen hat de Moanne in tal petearen pland mei minsken út it ûnderwiisfjild. Dy rige krijt no in ferfolch. Willy van der Meer praat ús by oer Freemwurk.nl, it broerke fan eduFrysk. Freemwurk.nl is in online taalplatfoarm en moat ít ynstrumint foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis wurde; likegoed foar learlingen as foar dosinten.

‘Lit oer ien ding gjin twivel bestean’, beklammet Van der Meer fuortendaliks, ‘freemwurk.nl is in medium en dat medium wurdt droegen troch dosinten. Wy wolle de dosint Frysk net ferfange. De dosint bliuwt de siel fan it fak; is belangryk foar learlingen, as persoan en as ynspirator. Freemwurk.nl is neat mear as in ynstrumint dat de dosint helpt yn syn of har wurk.’

De wurkgroep dy’t de papieren lesmetoade Freemwurk ûntwikkele woe dat online taallearplatfoarm al lang. Der waard doe keazen foar in faklokaal Frysk op digischool.nl. Troch allegear tûkelteammen en foaral omdat bliken die dat it meitsjen en ûnderhâlden fan in digitale learomjouwing hiel tiidslinend wie, hat de provinsje besletten om it projekt freemwurk.nl troch de Afûk fierder ûntwikkelje te litten. Yn oktober 2010 gong de bêtaferzje online. In bêtaferzje hâldt yn dat de webside al wol brûkt wurde kin, mar dat er ûndertusken trochûntwikkele wurdt. De offisjele ferzje fan freemwurk.nl moat mei yngong fan it nije skoaljier klear wêze.

Van der Meer is projektkoördinator fan de webside dy’t by de Afûk ûntwikkele wurdt. Se makket freemwurk.nl mei deselde minsken as dêr’t se eduFrysk mei makket. Dat kwartet bestiet út twa ICT-spesjalisten en twa taalspesjalisten. Dy gearwurking is in hiele moaie, neffens Van der Meer. ‘Wy behannelje de tematyk elk út ús eigen ynfalshoeke, mar oerlizze ek in soad. Dat moat, want alles wat wy op didaktysk en talich mêd betinke, moat op technysk flak fansels wol útfierd wurde kinne.’

Freemwurk.nl: foar dosinten en learlingen
Wat der mooglik is mei it medium? In hiele soad. Freemwurk.nl hat twa yngongen: ien foar dosinten en ien foar learlingen. De dosint kin yn syn persoanlike omjouwing lesplannen gearstalle en opslaan. Oan ’e lesplannen kin húswurk keppele wurde en de dosint kin toetsen ûntwikkelje. Van der Meer: ‘Wy hawwe besocht om freemwurk.nl sa te meitsjen dat de navigaasje hiel yntuïtyf is én dat de dosint in grutte frijheid hat om freemwurk.nl op in manier te brûken dy’t by him past. Didaktysk sjoen hâldt de dosint de rezjy, wy jouwe allinne de mooglikheden.’

As in learling ynlocht op freemwurk.nl, kin er oan ’e slach mei de lessen of opdrachten dy’t de dosint klearsetten hat. Hy sjocht ek hokker húswurk oft er thús dwaan moat en wannear’t de toetsen op ’e planning steane. Dêrneist kin er spultsjes dwaan en gebrûk meitsje fan it sosjale netwurk. Dat lêste is in belangryk ûnderdiel, neffens Van der Meer. ‘Learlingen moatte net it gefoel ha dat freemwurk.nl allinne mar bestiet út leskes meitsje, want dan fielt it as in moatten. Myn fisy is just dat jo minsken pas oansette ta it learen fan in taal as se der ek lol oan belibje. Dêrom hawwe wy freemwurk.nl útwreide mei sokke ferdivedearjende applikaasjes.’


Gearwurking ynstituten

Dosinten kinne foar harren lessen kieze út it lesmateriaal dat op freemwurk.nl stiet. ‘Wy wolle ha dat safolle mooglik materiaal foar it fak Frysk fia de website te finen is. Op dy wize hat de dosint rom kar-út. Op dit stuit biede wy allinne materialen foar earsteklassers. It is de bedoeling dat der takom skoaljier in folsleine trochgeande learline oan materialen foar it fuortset ûnderwiis online stiet.’ Dat oanbod komt ta stân troch in gearwurking tusken Afûk, Cedin/Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslân. It materiaal dat de ferskillende ynstituten ûntwikkelje, sil út freemwurk.nl wei te berikken wêze. De gearwurking fan dy ynstituten is wichtich, stelt Van der Meer. ‘De ynfrastruktuer fan it Fryske fuortset ûnderwiis stuts altyd sa yninoar dat dosinten ferskillende websiden en ynstânsjes bydel moasten om it materiaal byinoar te skarreljen. Dat is fansels betiizjend. Fia freemwurk.nl komme de dosinten automatysk telâne by alle ynstituten; rjochtstreeks of troch in automatysk trochlinksysteem. Alle ynstituten hawwe as mienskiplik doel om it Fryske ûnderwiis te ferbetterjen. Elk docht dat op syn eigen manier en út eigen krêft wei. It is moai as wy mekoar dan fersterkje kinne fia in webside as freemwurk.nl.’


ICT-foarsjennings op skoallen

De learling leart it Frysk fia freemwurk.nl dus online. Toetsen, diktees, opdrachten en leskes, alles bart achter de kompjûter. De ûnderwiispraktyk wiist lykwols út dat de ICT-foarsjennings op skoallen noch net optimaal binne. Der binne altyd te min kompjûters, koptelefoanen of digitale skoalbuorden. ‘Dat is sa’, fertelt Van der Meer. ‘Dêr hawwe wy ús yn it earstoan yn fersind. De ûntwikkeling fan ICT yn it ûnderwiis giet net sa hurd as dat men tsien jier lyn tocht. Gelokkich hoecht in dosint freemwurk.nl net perfoarst op de kompjûter te presintearjen. It kin ek klassikaal op it digiboerd brûkt wurde. De teksten kinne boppedat útprinte wurde en de lûdsbestannen delladen as MP3.’

De mooglikheden binne der dus, mar wol de dosint der wol oan? Kinne jo samar fan dosinten ferwachtsje dat se har manier fan lesjaan kompleet omgoaie? ‘Nee, dat kinne wy net’, stelt Van der Meer. ‘Us útgongspunt is dat freemwurk.nl in mearwearde wêze moat foar dosinten Frysk. Wy wolle harren wurk makliker en oersichtliker meitsje. As dat slagget, wurde dosinten fansels entûsjast. Mei dêrom hawwe wy in jier útlutsen foar de bêtaferzje. Dat jier brûke wy om freemwurk.nl sa effisjint mooglik yn te rjochtsjen, ôfstimd op de winsken fan dosinten. Belangryk dêrby is dat jo der maklik mei oerwei kinne en net in hiele stúdzje hoege te wijen oan it gebrûk. Wy kinne lykwols net alles achter de tekentafel betinke. Suggestjes út it fjild binne fan wêzentlik belang. Op dit stuit binne wy drok dwaande om de dosinten te aktivearjen fia brûkersgearkomsten. Wy moatte der mei ús allen foar soargje dat wy fan dizze bêtaferzje in perfekte ferzje meitsje.’


Subsydzje

Freemwurk.nl krijt yn 2011 noch subsydzje. Dêrnei is it ôfwachtsjen. Is it net risikofol om sa’n grut platfoarm op te setten, wylst noait seker witst oftst it yn ’e loft hâlde kinst? ‘Ja, dat is it seker. Dochs tinke wy dat wy dat risiko nimme kinne. As de side in súkses wurdt, moatte wy op ’en doer ta op in fertsjinmodel. Mar hoe’t dat krekt ynelkoar stekke sil, witte wy noch net.’ Van der Meer is derfan oertsjûge dat dit projekt slagje sil. ‘Ik hoopje dat freemwurk.nl oer fiif jier in fanselssprekkend plak ynnommen hat yn it Fryske fuortset ûnderwiis. Funksjoneel én ynspirearjend, likegoed foar dosinten as foar learlingen. Undertusken besykje wy it platfoarm sa oantreklik te meitsjen dat it ek noch ekstra eineksamenkandidaten Frysk opleverje sil.’


Freemwurk.nl yn de praktyk

Anna Marije Bloem, dosint Frysk by Bogerman Wommels en Koudum: ‘Freemwurk.nl is in fantastyske nije ûntwikkeling en it is goed dat it fak Frysk sa mei de tiid meigiet. Ik wie dan ek hiel entûsjast doe’t wy as dosinten de ynlochkoades fan freemwurk.nl krigen. Yn ’e praktyk docht lykwols bliken dat it dreech is om freemwurk.nl no al te ymplemintearjen yn it ûnderwiis. Der moatte oplossingen fûn wurde foar saken dêr’t wy yn ’e praktyk tsjinoan rinne. Dat is ek logysk: dit is de bêtaferzje. It belangrykste ferbetterpunt is dat der mear rekken hâlden wurde moat mei de ICT-foarsjennings op skoallen. Yn de earste klasse ha ik klassen fan tritich bern, dy kin ik net allegearre achter de kompjûter sette. Safolle kompjûters hawwe wy net. Ik kin freemwurk.nl fansels ek brûke op it digitale skoalboerd, mar ek dat is net ideaal. In oanbod fan lessen dy’t klassikaal brûkt wurde kinne, ûntbrekt op freemwurk.nl. It measte materiaal moat yndividueel makke wurde troch de learlingen. Faak ha se dêr ek noch in koptelefoan foar nedich, ek dêr hawwe wy net genôch fan. Dêrom soe it goed wêze as der materiaal op freemwurk.nl komt dat ik ynteraktyf yn ’e klasse brûke kin.

Fierder is it spitich dat dizze bêtaferzje fan freemwurk.nl allinne materiaal biedt foar de earste klassen. Ik ha just ferlet fan materiaal foar tredde- en fjirdeklassers. Dat binne lytse klassen en dus kwa ICT-foarsjennings ideaal om mei freemwurk.nl oan ’e slach. Boppedat besteane de lessen yn de boppebou foar in grut part út grammatika en stavering. Saai dus. It soe echt in foarútgong wêze as wy dy lesstof troch freemwurk.nl op in hippere en modernere manier bringe kinne.

Takom skoaljier komt der materiaal foar de boppebou beskikber. Ik tink dat de measte dosinten dan echt oan de slach sille mei de webside. Yn de simmerfakânsje ha se boppedat de mooglikheid om harren ris goed te ferdjipjen yn freemwurk.nl. As leek hawwe je tiid nedich om in wei te finen yn alle mooglikheden.
Myn konklúzje is dus eins dat wy freemwurk.nl sa gau mooglik fierder ûntwikkelje en ferbetterje moatte. As dat bart, bin ik der fan oertsjûge dat it de takomst is fan it fak Frysk. Myn learlingen binne yn elk gefal no al entûsjast: se fine dat de webside der hip en modern útsjocht en hawwe al in soad wille hân fan de spultsjes.’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels