Verstilde beelden
Publisearre op 28 januari 2011
Under de titel ‘Verstilde beelden’ eksposearret galery Terbeek wurk fan Heleen Vriesendorp en Jozephine Wortelboer. By in duo-eksposysje is it in keunst om twa stilen te finen dy’t goed by inoar passe. By ‘Verstilde beelden’ is dat it gefal. De brûnzen fûgels fan Wortelboer soene sa opfleane kinne om te ferdwinen yn de wiidse lânskippen fan Vriesendorp. It ferstilde karakter yn de wurken fan beide keunstners bestiet der ûnder oaren út dat de bylden net opboud binne út in soad details op de kante sintimeter. Wortelboer en Vriesendorp bouwe harren wurk op út grutte linen, en eltse line is raak. Gjin fûgelfearkes mar karakters en hâldingen. Gjin blomkes en hûskes, mar romte, ljocht en sfear.
De brûnzen fûgelfigueren fan Jozephine Wortelboer binne net massyf mar hawwe faaks in binnenromte. Wortelboer hat fan de bylden allinnich dy parten makke dy’t fan it brûns in ûnmiskenbere iisfûgel, ljip of mûzefalk meitsje. ‘Hoe meer open ruimte, hoe meer mensen hun eigen invulling aan het beeld kunnen geven’, seit Wortelboer.
Typearjend foar de skilderijen fan Heleen Vriesendorp is de ûndergrûn mei in ûnregelmjittige struktuer. Dizze struktuer skimert troch alle ferflagen hinne en jout sa in boeiend karakter oan it totaalbyld. Romte is ek wichtich yn it wurk fan Heleen Vriesendorp. Sy skildert wiidse lânskippen mei hege loften. Somtiden minske- of bistefigueren, lyts en kwetsber yn ûneindige flakten: skilderijen om yn te ferdwalen.
Verstilde Beelden, 4 febrewaris – 10 april, Galery Terbeek, Ychtenbrêge
www.galerieterbeek.nl
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Byldzjende keunst,Essay
YME KUIPER - ‘Een portret kan groot zijn, grooter dan de oneindige lucht, grooter dan de heerlijkste buitendag, het portret toch kan het leven, de [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]
Kategory: Arsjitektuer,Byldzjende keunst,Essay
HUUB MOUS - It Frysk Museum hat fan de ferline jier ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema achttjin miljoen euro krigen foar nijbou ‘op of aan het [...]