Under it jok fan de ‘frije’ merk – ‘Every night, every day.

EELTSJE HETTINGA –

Yn 1947 hie it Boun fan Koöperative suvelfabriken yn Fryslân har fyftichjierrich jubileum. Nei oanlieding dêrfan waard de film Dêr’t de groun de soargen leannet makke. De tekst by de histoaryske opnamen, te finen yn de argiven fan it Fries Film Circuit, waard destiids besoarge en ynsprutsen troch de dichter Douwe Tamminga. As in earsten foarljochter sjongt er de lof en gloarje fan de Fryske suvel. In lytse skôging oer lânbou, kultuer, emigraasje en “in nije tiid” (Postma) dy’t trochrint oant yn it Texas fan de 21-ste ieu.

It foarste part fan de yn swart-wyt draaide film, mei in doer fan in foech sechtich minuten jout in byld fan it boerelibben yn in fierhinne pre-yndustrieel Fryslân: earden molke-amers oan it jûk, swarte gudsen foar de ploech en krompanielen sjeazen dêr’t de boer en it sydsulver mei yn it besytsjen of oarswei mei ûnderweis binne.

Yn it twadde part is der in bulte omtinken foar de bûtenwenstich strange winter fan 1947. De bylden binne like idyllysk as oandwaanlik: rinkeljende swarte happen foar belsliden yn tichte, fan snie oerdutsen bosken, prikslide-jeien fan bern yn sitsen kostúms, earne bûten de dyk op de Iselmar, en hurd trochklauwende riders dy’t har oan de Alvestêdetocht weage hawwe. It lêste part fan de film jout in skets fan it ûntstean en de ûntjouwing fan it koöperative suvellibben yn Fryslân. It wie de lânboukrisis oan de ein fan de 19de ieu dy’t mei syn struktureel beroerde gefolgen foar de Fryske ekonomy de oantrún jaan soe ta de oprjochting fan de koöperative suvelfabriken. De earste sette yn 1886 útein yn Wergea.

 

 

 

Keunstbûter
Lit my in tel langer stilhâlde by it ekonomysk delgeande tij tusken 1878 en 1895, in tiid dy’t ek yngeande gefolgen hawwe soe foar de kultuer en it kulturele libben yn Fryslân. De krisis wie begûn by de bouboeren. De oerfloed oan Amerikaansk en Russysk weet op de Europeeske merk hie de prizen ûnmeilydsum ûnderút helle. Rillegau sloech de ellinde nei de feehâlderij oer. De hege grûnprizen yn de jierren foar de lânboukrisis, dy’t foar in part it gefolch wienen fan de spekulaasjesucht fan de lânhearren, hienen derfoar soarge dat de hier- en pachtprizen relatyf te hurd omheech gien wienen. Doe’t op in stuit ek nochris de molkeprizen yninoar klapten, wie it nacht yn ’e nane. Dêr kaam fierders de alles fergriemende konkurrinsje fan ‘de keunstbûter’, de margarine, oerhinne. De ienris bloeiende Fryske eksport fan bûter en tsiis nei Ingelân gyng folslein ûnderút. Gjin droech brea mear mei te fertsjinjen. Ferskillende lannen mienden op in stuit dat de ‘depresje’ him inkeld bestride liet mei it safolle mooglik beskermjen fan de eigen lânbou. Proteksjonisme. Grinzen gyngen massaal ticht. Doe wie de boat pas goed oan. ‘Bern waarden gauris fan skoalle holden, se moasten mei yn it wurk om it bedriuw oerein te hâlden. Fan de priis dy’t foar in mingel molke bard waard, koe amper in bôle kocht.’ (Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús, nov. 2010)

‘Och leave heit, net wer!’

Yn de Harnzer haven ware yn dy dagen, begjin 1880, in rare leechte om. Boeren wienen twongen te besunigjen, der moast tûker en effisjinter produsearre. It arbeidersfolk krige massaal dien. Navenant wie de earmoed en oare maatskiplike ellinde, lykas it drankmisbrûk. ‘Och leave heit, net wer!’ sei bygelyks it biedwurd fan de Blauwe Knoop. Troch de lânboukris setten kloften minsken fan it plattelân nei de grutte stêd – tusken 1860 en 1920 setten krapoan 150.000 minsken de provinsje út – like it as rûn Fryslân leech. Tûzenen ljepten de Oseaan oer, nei Amearika. Yn it tiidrek tusken 1880 en 1914 emigrearren mear as 20.000 minsken út Fryslân wei nei Amearika, mei-inoar 15 persint fan de Fryske befolking dy’t yn dy jierren tusken 300.000 en 350.000 sielen telde. (Annemieke Galema, Frisians to America, 1880-1914. With the Baggage of the Fatherland, Grins 1996). Yn de blêden en periodiken fan dy dagen ferskynde de weareld oan ferslaggen oer de emigraasje nei Amearika. Fan Piter Jelles Troelstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen oant en mei Gerben Rypma, gjin Fryske dichter of hy wie op ’e tekst oer it lânferhúzjen. Rypma kaam yn it tydskrift Sljucht en Rjucht bygelyks mei it weemoedige en sentimintele ‘Nei Amerika’ (1909).

 

 

[…]
Ho’n fûle smert fan ôfskieds-wé
Forskoert my, nou ’k myn bertesté
For altyd moat forlitte,
En gean oer ’t fiere wetterwiid
In ûnbikende nije tiid
Yn yd’le droom tomiette.

 


Piter Jelles skreau ûnder mear it lange gedicht ‘Lânforhúzer’, dêr’t ik hjir de sande strofe út nim, te finen yn de bondel Rispinge (1909. s. 246):

 

(…)
Do-t fjouwer bern biwarre bleauwen
En ’t brea al tinner foar ús waerd,
Kaem earmoed, as in tsjuster skaed,
Al neijer oan ús himel driuwen.
It wirk rekke op, nou wier de lijensmjitte fol:
Farwol myn heitelân, lân fan wanhoop, nou farwol.

 

 

Mei de iensidige opbou fan de Fryske ekonomy – Fryslân hie him te lang en tefolle op lânbou en suvel útlein – takke de wurkgelegenheid nammerste hurder ôf. Kapitaal foar in feroarjen, konkreet, in ferbreedzjen fan de basis fan ekonomy yn Fryslân wie der net. Dat ynvestearringsjild siet by ‘de grote burgerij’, de eardere grytmanfamyljes en lânhearren dy’t healwei de njoggentjinde ieu Fryslân de rêch takeard hienen.

 

 

 

Braindrain
Mei de krisis fan 1880 en de emigraasje – de ‘braindrain’ troch it fertrek fan ûnderwizers, predikanten, ensfh. wie like yngripend as de flecht fan it kapitaal út Fryslân wei – skode de provinsje op ekonomysk en kultureel mêd wat langer wat mear nei de perifery. Fergelike by de eardere gloarjedagen fan Fryslân binnen ‘de Republyk’ (1588-1795) siet de provinsje oan de ein fan de 19de ieu knap yn it ûnleech. Yn Amsterdam stroffele men yn dy dagen oer de ûnderwizers en polysjeminsken dy’t Frysk praten. ‘Goeie Piebe, do hjir ek wer.’ Hoe hurd it mei de befolking efterútbuorke, de sifers lige der net om. Gong yn de jierren, foarôfgeand oan it tiidrek 1795-1880 noch mar 16,3% fan de natuerlike oanwaaks ferlern troch mear fertrek as festiging, yn de perioade 1880-1920 waard 70,4 % fan de natuerlike groei troch it fertreksaldo ‘ôfrjemme’. (Boarne sifers: Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda).

De kultuer en it ekonomyske libben yn Fryslân waard in spultsje fan de ‘kleine burgerij’, lyts, provinsjaal en yn himsels keard. Dat lêste gou ta in hichte ek foar de Fryske literatuer. De klam lei benammen op de eigen taal en skiednis, ynbegrepen de ivigen noed oer it weireitsjen fan dy taal. Men besocht sa fier mooglik by it Hollânsk wei te bliuwen. Oan de literêre moaden en ûntjouwings yn Nederlân en Europa hie men, op in útsûndering nei, net folle boadskip. Boppedat, wat soe men ek en lês de yn modder, drek en stront omklauwende minsken gedichten foar, skreaun yn de trant fan Boutens, Kloos en Perk? Nee, it oan- en by bringen fan in Frysk nasjonaal bewustwêzen, dat geandewei de twadde helte fan de 19de ieu in wichtich ûnderwerp wurden wie, wie in motyf dat ekstra fuorre waard troch de delgeande tiid. It ferhearlikjen fan it eigen ferline en it lofsjongen op de âlde, romrofte Fryske frijheid en ûnôfhinklikheid wie skearing en ynslach. De romantysk nasjonalistyske gefoelens dy’t mei dy heechstekkerij mank wienen, kamen geregeldwei oer it fuotljocht yn de poëzy en it proaza fan minsken as Waling Dykstra, Onno Sytstra en fansels Piter Jelles Troelstra. De lêste tekene ûnder mear foar de sang ‘Ela Fria Fresena!’, te finen is yn de bondel Rispinge (1909, s. 4).

 

 

Fen ’e wylde see besprongen,
Tûzen kearen op ’e nij.
Faek bekampe, nea betwongen,
Wiern’ de Friezen roun en fry;
Frydom wier de heechste wet
Yn it eale Friez’ne hert;
Mannen sjong,
Mannen sjong ’t elkoar den ta:
“Ela Fria Fresena!”(…)
Meie ek namme en tael forgean,
Dou, o, frydom, bliuw bestean!
Klink yn ’t roun,
Oan de fierste neiteam ta:
“Ela Fria Fresena!”

 

 

Minsken as Troelstra, Dykstra en ek Rypma berôpen har op it wurk fan skriuwers as Harmen Sytstra (1807-1862) en de bruorren Halbertsma, mei harren romantysk bepaalde sin foar it folkseigen, de nasjonaliteit en de histoarje. Fan datoangeande binne de tiden net in soad feroare. Yn tiden fan krisis, mei navenant alle driging, komt it net selden foar dat ‘mensen terugvallen op hun culturele eigenheid.’ (Bas Heijne, NRC, 26 nov. 2011). En by dat soarte fan ûntjouwings is meastentiids de rook fan alderhande domme en stompsinnige foarmen fan nasjonalisme – it ressintimint dript der bytiden fan ôf – ek net al te fier wei. Dat soarte tendinzen binne rûnom yn Europa te fernimmen, ek yn Fryslân. (Eeltsje Hettinga, Perio-pamflet – De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018)

Werom nei de film Dêr’t de groun de soargen leannet (fan der minsken warbere han). De jierren fan 1885 oant 1895 wienen foar de Fryske boeren de minste. Der moast wat gebeure. Healwei de jierren njoggentich stuts in tal boeren de noazen byinoar. Se woenen by alle ellinde dy’t de minne molkprizen mei har meibrocht hie net langer ôfhinklik wêze fan ‘de fabrikant’ [les: de partikuliere hannel]. Dy sette harren in priis, sûnder se dêr ek mar in sint ynfloed op hienen. As se de lapen gearsmite soenen en sels de produksjemiddels yn hannen namen, faaks dat se de bûter jild jilde litte koenen. Se soenen tenei frij man wêze, net mear de marionet fan de partikulier opkeaper. Yn Wergea setten yn 1886 trijentweintich boeren útein mei in suvelfabryk op koöperative grûnslach, se namen de molkeferwurking yn eigen hannen. Trije, troch stoom oandreaune sintrifúzjes dienen it tsjernjen fan de molke. It inisjatyf slagge. Wergea foer der wol by. Mear wurk en minder earmoed. Yn in 1888 steld skriuwen lit it Roomske tsjerkebestjoer fan Wergea bygelyks witte dat ‘de boterfabrieken reeds een gunstigen invloed uitoefenen op den omvang van de burgerlijke armenzorg, die beduidend is ingekrompen.’ (H.W. Lintsen, Geschiedenis van de techniek in Nederland. De wording van een moderne samenleving 1800-1890)

 

 

 

 

Stylistysk saltospringen

Tamminga by syn wente op Kiestersyl

De agrarysk yndustriële revolúsje yn Fryslân kaam dus mei stoom. De ôfset en eksport fan Fryske suvel makke yn de earste helte fan 20ste ieu in grutte opflecht, rûnom yn Europa. Om 1910 hinne namen de molkfeehâlders yn Fryslân mar leafst in kwart fan de totale Nederlânske bûterproduksje foar rekken. Fan al dy ûntjouwings jout de film Dêr’t de groun de soargen leannet it ferhaal. Der is gjin ôftiteling by, mar dat de tekst by en ûnder de bylden troch Douwe Tamminga besoarge en ynsprutsen is, is sa klear as in klok. Dêrfoar is syn markant brûnzen lûd ek te werkenber. De taal dy’t er op it aljemint bringt, is sa geef as kryt. De styl fan it ferhaal is like blomryk as poëtysk, oerladen sels, mar yn syn soarte minder maniëristysk en argaysk as de oargeljende, heechdravende styl dêr’t bygelyks ien as Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968) him mei oppenearre. Tamminga kin syn lyryske oanstriid bytiden amper de baas, it tilt op fan Germaanske stêfrym en (klassike) hendiadys om it oer it gebrûk fan it eigenskipswurd mar net te hawwen. In pear foarbylden fan syn stylistysk saltospringen: ‘Efter de dyk lizze de steatlike pleatsen fan de klaai, mar ek de smûke boerespullen fan de Wâlden en de kante stjelpen fan it wetterlân. Op al dy tûzenen bedriuwen libbet de Fryske boer. Hy fynt der syn wille en noed, syn brea en wurk. (…) De tsjûke molkier oer it waarme koweliif rint nei jaar en oeren ta: melke, in âld stikje boerewurk. (…) De earden molkamers oan it jok, sa brocht foarhinne de boer de molke út lân en jister wei nei de pleats ta. Hy wist doe noch net fan meunsternimmen, fan fjirtich literse bussen en safolle persint fet. (…)’

Nei de ein ta begjint de kommentator wat langer wat mear te galmjen as er gâns patetysk de trêften en gloarje fan de Foarútgong bewiereket. De sinnen, gauris mei-inoar ferbûn troch it bynwurd ‘en’ kronkelje as slangen op en om de bylden hinne. ‘Wy meie tankber wêze foar alles wat ta stân brocht wurde koe. Wy wolle earje dyjingen dy’t de skouders mei ûnder dit skoandere stik wurk set hawwe, har leafde foar de boerestân, har trochsetten, har stoef en steech bodzjen dat ûnder de seine fan boppen gâns goeds foar de Fryske boer yn it wêzen brocht. (…) Gâns hawwe wy ta ús foldwaan, dat der in fyftich jier ferlyn noch net wie: in fiks tariste suvelyndustry, technysk moai goed ynslein, finansjeel gever en sterkernôch, in goed beoardere en glêd rinnende suvelorganisaasje yn al syn ûnderdielen.’ Ensafuorthinne.

 

 

 

 

Fryslân, fabrykshal
Troch de nei-oarlochske skaalfergrutting binne de ferskillende koöperative suvelfabriken, geandewei, yn hieltiten gruttere konglomeraten opgien. Fan de lytse hûndert dy’t der oait tusken Warkum, Wommels en Wolvegea te finen wienen, is net ien mear oer. Alles wat der tsjintwurdich yn Fryslân oan suvelferwurking dien wurdt, falt ûnder de grutte, multynasjonale hoed fan FrieslandCampina. Dat konsern, yn 2008 fuortkommen út in fúzje tusken Friesland Foods yn Ljouwert en Campina yn Amersfoart, is mei krapoan 15.000 boeren op dit stuit ien fan de grutste suvelreuzen yn de wrâld. It haadkantoar fan de ûndernimming, dy’t ûnder oaren de Fryske ‘fergaderboer’ en âld-deputearre Sjoerd Galema yn de Rie fan Kommissarissen hat, stiet yn Amersfoart.

By de yndustriële ynrjochting fan de hjoeddeiske molkfeehâlderij heart ek de rappe útwreiding fan it tal megastallen. It giet om bedriuwen mei mear as twahûndertfyftich kij. Miljoene-ynvestearrings. Rûnom yn it lânskip dûke se op: heale fabriken, heech as flatgebouwen mei in hichte fan gauris tsien oan tolve meter. Architektoanyske wangedrochten. Wat beamkes dêromhinne en it is ‘landschappelijk ingepast’, sa’t dat hjit. By’t nacht bewize se har it bestean as kâlde, lege koalljochten yn it lânskip. Twahûndertfyftich kij of mear stappe dei en nacht – it fee komt net mear bûten – ûnder ien dak om. Dat jout by alle molke-opbringst fansels stront, bakken mei stront. Rivieren. Kij skite no ienkear. Kij switte ek, as oandragers as it moat. Dat, wat heger de stallen, wat better de waarmens en ammoniakdampen ôf te fieren binne. De ûntjouwings sille it Fryske plattelân stadich feroarje yn in baas grutte, agraryske fabrykshal.

Neffens de sifers fan it CBS hie Fryslân yn 2011 goed 40 megastallen. Mei it each op de ôfskaffing fan it molkkwotum yn 2015 en de ultym ‘frije’ neo-liberale molkemerk dêrnei, dus in merk sûnder produksjebeheiningen en sûnder eksportsubsydzjes foar bûter, tsiis en oare suvel, meitsje de mega-boeren fan hjoed har der klear op om nóch grutter. De ferwachting is dat it tal megastallen de kommende trije jier ferdûbelje sil. It streekplan Fryslân, yn it bysûnder it ‘Uitvoeringsplan 2011-2014’, dat ta stân kaam ûnder de ferantwurdlikens fan âld-deputearre Galema, mei dan wakker sweeslaan mei slogans as ‘de kwaliteit fan de romte’ en fan ‘Friesland, op afstand de mooiste provincie van Nederland’, as de kniper op de skine komt, wurdt in fierder yntinsivearjen fan de molkfeehâlderij gjin striebreed yn de wei lein.

De ein fan de skaalfergrutting, sa’t dy nei de oarloch útein sette, liket noch net yn sicht. It biedwurd seit noch altiten: big is better. Hie Fryslân fyftich jier ferlyn, yn 1963, noch 6.989 boerebedriuwen, yn 2008 wienen dat der 5.500. Oer tsien jier is fan dat tal, sa is de ferwachting, in lytse 4000 bedriuwen oer. In tsiende part dêrfan sil de saneamde ‘schaalsprong’ meitsje (kinne) nei in boere-ûndernimming mei 250 oant 350 kij. (Boarne: Advysboek De nije pleats yn Fryslân, 2009) De ûntwikkeling liket ûnomkearber. Inkeld de ôfrûne twa jier al ferdwûnen fan de 5500 bedriuwen yn dizze provinsje goed 300 bedriuwen, gemiddeld 3,5 persint jiers.

It lânboubehear dat desennia oanien mei dizze opskaling mank west hat, manifestearret him yn monokultuur: grutte, mei Ingelsk raaigers besiedde perselen, saai as biljetlekkens. Djipte-ûntwettering en alderhande manieren fan bedongjen (ynjektearjen) hawwe dêr it harres ta dien. It ferskaat oan greidefûgels bygelyks buorket hurd achterút. Ljip, wylp, tsjirk en skries hawwe it dreech. Mei natuer hat it hjoeddeiske yntinsive lânbou net in soad mear te krijen. De provinsje Fryslân hat yn dit stik in geweldigen kâns mist troch nèt op tiid yn te setten op it ûntwikkeljen fan in grutskalige en struktureel sterke biologyske en ekologyske lânbou. Mei alle kennis, ûnderfining en kunde op it terrein fan de molkfeehâlderij en suvelferwurking sa’t dy by de desennia lâns garre binne, hie men no as provinsje de molkekroan fan Europa op hawwe kinnen.

Troch de fierdere yndustrialisaasje fan it boerebedriuw, lês: de fierdere ôfname fan it tal boeren, sil der ekstra lânbougrûn frijkomme. De âlde Brueghel yndachtich komme ek by dy ûntjouwing de grutte fisken, safolleresom, de lytse fisken te iten. Oan de wurkgelegenheid yn de lânbou op de Fryske plattelân sil dat net folle ôfbrek mear dwaan. Dy wie troch alle ‘opskaling’ en meganisearring dochs al nei de filistinen.

It plattelân leit sa wie sa ûnder skot, net yn it lêste plak troch de rappe demografyske feroarings, in gefolch fan de hurd oanwinnende fergrizing, de gemiddeld lytsere húshâldings en last but not least, in massaal fertrek fan de jongerein nei de stêd. Op en om de doarpen is gjin of amper wurk. De leefberheid stiet oer alle boegen ûnder druk. Foarsjennings as iepenbier ferfier falle wei. Kafees dogge de doarren ta. Winkels wurde in seldsumheid. Te lytse skoallen wurde opdoekt. It holeagige, heal útwenne doarp Holwerd is sa linkenlytsen it symboal fan ‘krimp’. It wurd sels, mar dit sa sydlings, is yn syn soarte in perfekte yllustraasje fan taalbemanteling. It is in kreas eufemisme foar ferpaupering, ferfal en ferearmoedzjen, wurden dy’t politisy leaver net yn de mûle nimme. En as men de sifers yn acht nimt, wachtet guon parten fan de provinsje de status fan it ultime, lyts Frysk deadedoarp. Oant 2030 sil 60 persint fan de Fryske gemeenten 5 persint minder minsken hawwe, by guon gemeenten rint dat persintaazje op oant 10 of mear persint. (Krimp en groei. Demografyske feroarings yn de provinsje Fryslân, 2010).

 

 

 

 

De nije lânferhuzers

tekening: Pieter Brueghel

It leit yn de reden dat in part fan de boeren, dat yn de slach om noch gruttere bedriuwen belies jaan moat har heil en hinnekommen fierderop yn de wrâld sykje sil, dêrmei yn it spoar fallend fan de tûzenen ‘lânferhuzers’ dy’t harren, sa by de desennia lâns, foar(út)gien binne. Hjirboppe is al oanjûn hoe’t healwei de njoggentjinde ieu de migraasje nei de stêd útein sette mei it fertrek fan de grutte lânhearren. Mei harren fuorttsjen naam ek it kapitaal syn flecht. De lânboukrisis fan 1880 en de ekonomyske ûntjouwings oan it begjin fan de tweintichste ieu soargen foar de earste grutte emigraasjegolf. De lânferhuzerij krige nei de Twadde Wrâldoarloch in ferfolch doe’t men by hûnderten en tûzenen nei Amearika sette. Michigan, Iowa, Ontario, it wienen nammen dy’t yn de jierren fyftich en sechtich in magyske klank krigen. In grut part fan dizze nei-oarlochske emigranten bestie út boere-arbeiders, komelkers, hierdeboeren, boeresoannen foar wa’t op de pleats fan de âlden gjin plak mear wie, fammen en froulju dy’t harren feintsje, freon of man neireizgjen mei fierdersoan fansels dy groep boeren foar wa’t de mar nea net fol genôch wie, ûndernimmers dy’t mei oeribele grutte bedriuwen oan de basis stean soenen fan it agrarysk yndustriële karakter fan de molkfeehâlderij en de suvel yn de desennia dêrnei.

De âlde dichter Obe Postma (1868-1963) hie it der net op stean. It spul griisde him oan. Him soarge de ferfrjemding en oar minsklik ûngemak. ‘Wy moatte tinke oan Sina, dêr’t hja de minsken ek út har / libbenssteat weihelje’, sa bringt er it nei foaren yn ‘In nije tiid’ (De Tsjerne, nr. 8, 1960), in gedicht dat ik hjir yn syn hiele hear en fear oernim:

 

IN NIJE TIIDTsjalling fan der Fear is alhiel in Amerikaan wurden.
Tegearre mei syn broer Piter hat er no 1000 kij; mar lân hawwe hja net.
De kij hâlde ta, yn 2 keppels fan 500, op in keale lape grûn,
dêr’t gjin spruseltsje gers op te sjen is.Foar dy kij keapje hja foer, dat hja bûten by it sket lâns
delstruie sa dat de bisten der troch de itensgatten by kinne.
Mar dat fuorjen mei net barre minder as 4 oeren foar it melken,
oars koe it wêze dat de molke nei it foer smakke;
En de Amerikanen binne, datoangeande, o sa keken. En alles
fansels mei de masine.

Dat lies ik allegear yn in stikje yn de Sneon-Sneinskrante,
en it griisde my oan.
En ik dan dy’t it lân net koe as er it gers net libben yn
’e hannen fielde!
Dy’t net bûten de stêd wêze kin as it fjild der sa toar en deadsk
hinne leit;
Dy’t dichtsje moast, as de oere der wie, fan syn lân dat bloeide
en fan alles dat der ta berte en stjerren kaam.
It moat in oaren ien wêze as ik, dy’t fan sa’n libben fabryk
sjonge kin.
Ik haw myn Amerikaanske dichters ris oerskôge, mar net ien
fûn dy’t ik dêr op oansjen koe.
Wy moatte tinke oan Sina, dêr’t hja de minsken ek út har
libbenssteat weihelje,
En, om mear bewrotte te kinnen, yn ‘kommunes’
byinoar bringe.
De froulju arbeidzje mei: it foer foar de keppel sil ek fan bûten
oanfierd wurde moatte.

 

 

De ynfiering fan it Molkkwotum yn 1984, in maatregel dy’t de oerproduksje oan molke tsjingean moast, en de argewaasje dy’t de Brusselske regel- en wetjouwing opsmiet, brochten ûnder de boeren in nije emigraasjegolf op gong, sij it dat dy minder grut fan omfang wêze soe as dy yn de jierren fyftich. It tal emigranten wûn oan doe’t troch de kwotearring fan de molke de lânprizen wat langer wat heger waarden. Bedriuwen dy’t te lyts wienen, hienen faak net de finansjele earmslach om út te wreidzjen c.q. te oerlibjen. Yn de moardzjende race nei grutskaliger foarmen fan molkfeehâlderij sette in grut tal boeren, slave en swypke fan it giseljende topperstou fan de ‘marktwerking’, nei Nij Seelân, Kanada en Texas. Migraasje en globalisearring waarden de kaaibegripen fan it nije milennium. Identiteit kaam op losse skroeven te stean, is, mear as oait, in skowend begryp wurden.

 

De OF-dokumintêre dy’t sjoernaliste Gryt van Duinen oer in tal yn Texas buorkjende boeren fan Fryske komôf makke, is fan datoangeande ûntheisterjend. Der is sprake fan in identiteit yn de loft. Men is gauris even werom yn Fryslân. De kar om werom te gean of foargoed yn Texas te bliuwen, is foar de measten dreech. It klassike leed fan de emigrant. In part fan de Fryske boeren kaam tsien, tweintich jier ferlyn op in saneamd ynvestearringsfisum Amearika yn. Har hinget it swurd fan Damokles boppe de holle. Troch de struktureel minne molkprizen hawwe in protte boeren klauwen om oerein te bliuwen. Net yn it besit fan in offisjele ferbliuwsfergunning, de Green Card, rinne se de kâns om útset te wurden. Dat jildt ek foar harren bern. Se binne, simpelwei, yllegaal, ek al hawwe se bytiden mear as tsien, fyftjin jier yn Amearika taholden. Se binne eins alhiel Amerikaan (wurden). Frysk en Nederlânsk wurde net of amperoan behearske. Om te foaren te kommen dat de kaaien op de kiste lein wurde moatte, binne de bern faak mei yn it wurk. Ien fan harren, in bliermoedich famke fan in goed tûzen wike – har âlden setten yn 1989 nei Texas melkt alle nachten, fan njoggen oant trije, in lytse 750 stiks kij. Se docht it omdat it moat: ‘Every night, every day.’

De OF-dokumintêre ropt it gedicht ‘Dream’ fan Durk van der Ploeg yn it sin, in fers, te finen yn de bondel Troch kadastrale fjilden (s. 21), dêr’t ik hjir, ta beslút, de lêste twa strofen út nim:

 

(…)
Fleantugen fan Newark Airport draaiden de Oseaan op.
Ik tocht oan thús, dêr’t fûgels oer it Keechslân fleagen.
Yn it ile ljocht fan Upper Bay ferskynden roastige
Kwelders as fisioenen fan begear. Al dat wurge ljocht
Dat my beskynde, de swarte snie dy’t treastend oer de
Eilannen jage. Ik woe de ierde mjitte mei myn kinnen
Mar kaam lykas Columbus oan in ferkearde kust telâne.Tusken ús leit see dy’t ienris noade ta aventoer.
Wêr is myn útdaging bleaun en myn ferachting foar it
Efterlân? Moarn sil ik in seeman oanklampe. By need
Wol ik oer alle seeën sykje om in thús, want ik begryp de
Driuw net mear dêr’t ik mei fan hûs gyng. Noait sil ik
Wer wurde dy’t ik wie. Nea sil ik my wer hechtsje. Mei
Fern- en Heimweh brutsen hjir en dêr en oeral.

 

Eeltsje Hettinga, 4 maart 2012. Sjoch ek http://eeltsjehettinga.blogspot.com/

PS. Oare moanne komt it Fries Film Archief mei in nije (web)side. It part fan de audiofisuele kolleksje – mei-inoar in lytse 4000 items – dat no noch net op grutformaat ôfspile wurde kin, sil mear en better tagonklik (makke) wêze.



Comments
Ien reaksje oan “Under it jok fan de ‘frije’ merk – ‘Every night, every day.”
  1. Abe schreef:

    Wa by de Moanne kin my de sin fan de pleatsing fan dit keurich skiednisstikje útlizze? De auteur sels docht it net. Wol, fansels, komme wy de wenstige warskôgingen en fertochtmakkingen wer tsjin. Proficiat allegear.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.