UIT-Festival: de Moanne & Tresoar

Yn de muzykkoepel tsjinoer De Koperen Tuin yn de Prinsetún fan Ljouwert presintearje de Moanne en Tresoar tidens it UITfestival Leeuwarden Fryslâns meast bysûndere dichters: Sannemaj Betten, Elmar Kuiper, Jan Ketelaar, Elske Kampen, Marrit Jellema en Tim Honnef!

Jan Ketelaar út Drachten, ek bekend as potsenbakker, bringt 24 augustus syn earste dichtbondel út. De winneres fan de Fedde Schurerpriis, Fan Elske Kampen, de winneres fan de Fedde Schurerpriis, kaam earder dizze simmer de nije bondel Man en Mem út. Sannemaj Betten studearret yn Maastricht en makket al jierren yndruk op poetry slam-wedstriden. Marrit Jellema út Snits debutearre op har 19e mei de spannende bondel ”Liefde, lust en een gebroken hart”. Elmar Kuiper krige bekendheid as twatalich multitalint op poëtyske basis, wylst Tim Honnef (lykas Jellema in teenerdebutant yn de literatuer) spesjaal foar dizze middei yn de Prinsetún syn spokenword-toernee troch Skotlân ûnderbrekt.

Meindert Talma en Djûke foarmje it muzikale programma dizze middei. Talma, Nederlâns ûnbekendste popster, brocht ein ferline jier it sterke album Kelderkoorts út. Yn de Prinsetún bringt hy syn soloprogramma nei de Koepel.

Singer-songwriter Djûke makke earder dit jier yndruk yn de finale fan de Kleine Prijs van Fryslân in Poppodium Romein. Ek dizze kear nimt se har komplete band mei.

Tiidskema:
15:00 – Sannemaj Betten en Elmar Kuiper
15:30 – Djûke
16:00 – Tim Honnef en Marrit Jellema
16:30 – Meindert Talma
17:00 – Elske Kampen en Jan Ketelaar

Presintaasje: Arjan Hut

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.