Sealterfryske boeken
fotografy: Sealterfryske boeken

Twa nije boeken oer it Sealterfrysk

HENK WOLF –

It Frysk wurdt net inkeld mar yn Fryslân praat. Yn de noardlikste Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein lizze Noard-Fryslân en it eilân Helgolân en dêr praat sa’n fiif persint fan ‘e minsken it Noardfrysk. En krekt oer de Nederlânsk-Dútske grins leit it Sealterlân, dêr’t rûchwei tsien persint fan ‘e minsken it Sealterfrysk prate – al wit net ien de krekte sifers. Foar dat Sealterfrysk bin ik as wittenskiplik meiwurker warber.

It Frysk fan Noard-Fryslân, dat fan Sealterlân en dat fan de provinsje Fryslân binne alle trije wer oars. It Noard-Frysk stiet it fierste fan de oare twa ôf, dat moat men hast as frjemde taal leare. It Nederlânske Frysk (‘Westerlauwersk Frysk’ yn faktermen) en it Sealterfrysk lykje al in stik mear opinoar. Doch binne se te ferskillend dat de Sealterfriezen samar in boek fan Willem Schoorstra lêze kinne, of dat ien út Wommels in Sealterfryske radioútstjoering fan de Ems-Vechte-Welle folslein begrypt.

En dan wurdt it wol lestich foar sa’n lytse taal, mei op syn alderheechst twatûzen praters. Wêr moat men dy better leare? En wêr moat men begjinne te learen as men de taal helendal noch net behearsket? Lêsboeken binne der mar in hantsjefol, learboeken allinne foar begjinners. Aldergeloks binne der al wurdboeken: sawol Pyt Kramer as Marron Fort ha in moai wurdboek fan it Sealterfrysk makke – dat fan Kramer nei it Dútsk en nei ús Frysk ta, en oarsom om, dat fan Fort nei it Dútsk ta.

Der komme ynkoarten aldergeloks twa spannende nije boeken by foar wa’t Sealterfrysk leare wol. Menno Aden út it Dútske East-Fryslân is in jonge heit dy’t graach wol dat syn bern letter wat leare kinne oer de taal fan har bertestreek. Yn East-Fryslân waard fanâlds in foarm fan it Frysk praat dy’t ticht leit by it Sealterfrysk. De lêste sprekkers binne yn de jierren 1950 ferstoarn. Aden hat alles garre wat der oer it Sealterfrysk en oer de âlde dialekten fan East-Fryslân te finen wie en al dy ynformaasje opskreaun yn in nij boek. Alles byinoar is dat noch in aardich soad ynformaasje. It boek wurdt nei ferwachting takom jier útjûn troch de Oldenburgische Landschaft.

In oar spannend boek op kommendewei is in grammatika fan it Sealterfrysk. Dat is in boek dêr’t yn stiet hoe’t je wurden kombinearje kinne ta sinnen. It boek wurdt skreaun troch Eric Hoekstra, Bouke Slofstra en Tessa Leppers fan de Fryske Akademy. Se dogge dat yn opdracht fan de gemeente Sealterlân en mei jild fan it Dútske ministearje foar kultuer en media en it Nedersaksyske ministearje foar wittenskip en kultuer. Se basearje har foar in grut part op de Kuute Seelter Sproakleere fan Pyt Kramer, mar brûke ek nijer ûndersyk. Fierder meie se allegear opnamen makke dy’t Pyt Kramer en oaren fan Sealterfryske petearen makke ha. Dêr is in protte oer it Sealterfrysk út te learen. It wurdt trouwens net in papieren boek, mar in digitalen ien en it wurdt takom jier fergees foar elkenien op ynternet pleatst.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.