Biografyen oer Bregman en Huisman

Publisearre op 1 juli 2012

JOSSE DE HAAN –

Yn koarte tiid binne der dit jier boeken ferskynd oer de Fryske skilders Boele Bregman (1918-1980) en Jopie Huisman (1922-2000). It earste hjit Boele Bregman – alles bestaat uit kleur, skreaun troch Doeke Sijens, útjûn troch Museum Belvédère (112 siden oblong). It twadde is Jopie Huisman – De andere kant, skreaun troch Albert van Keimpema en útjûn troch de Stichting Jopie Huisman Jubileumexpositie (156 siden, oblong). Beide boeken binne skreaun troch net-keunsthistoarisy, lju dy’t har ornaris ek net dwaande hâlde mei keunst. Beide skriuwers meitsje gjin byldzjend wurk – skilderijen, grafyk of oars. Noch Sijens, noch Van Keimpema hawwe ea kritysk wurk levere oer byldzjende keunst.
Bregman, de konservator en de skriuwer
Yn de ynlieding op it boek fan Bregman troch de konservator fan Belvédère, dêr’t de tentoanstelling hâlden is, wurdt praten oer de levensgeschiedenis en de mythe. De ûndertitel fan it boek oer Huisman hjit de levensgeschiedenis van een volksschilder, en even fierder wurdt ek praten oer mythe.
Doeke Sijens hat primêr literêr wurk skreaun yn it Frysk, en in pear jier lyn in biografy oer de Fryske skriuwer Reinder Brolsma. Sijens kin skriuwe, hy is by steat en skilderje in persoan mei wurden. Albert van Keimpema hat by myn witten gjin literêr wurk publisearre. Syn taalgebrûk – ek Nederlânsk yn dit boek – is breklik, wylst de styl wol wat hat fan in âljende sportferslachjouwer. As jo oer keunstners skriuwe is in subtyl taalgebrûk in betingst – likernôch sa’t Bregman en Huisman skildere hawwe.
De ynlieding fan konservator Han Steenbruggen yn it Bregmanboek rint net helendal parallel mei de ynhâld fan it boek sels – mei it neamde boarnemateriaal en de literatueropjefte oer Bregman. Steenbruggen skriuwt yn syn ynlieding: ‘(hij) kan beschouwd worden als de tragische held van zijn eigen levensverhaal. Getekend door de oorlog, getroffen door hartfalen, verstrikt in een onmogelijke liefde en gevangen in het web van maatschappelijke verantwoordelijkheden – gezin en beroep als loodgieter – strijdt hij een innerlijke strijd die hem voert naar het vrije kunstenaarschap’.
Yn de biografyske skets wurdt oer dat ‘fertize sitten yn in ûnmooglike leafde’ neat sein. It is krekt as mei de biografy oer Brolsma – dy’t opsletten siet yn in ferskriklik houlik -, sadree’t dat soart saken oan de oarder komme jout Sijens net thús. Brolsma sprong yn it kanaal en ferdronk, sa fier is Bregman net gongen. Dat ‘fertize sitten yn in ûnmooglike leafde’ kin hjir ek omskreaun wurde mei ‘fertize yn in tal leafdes’. Tusken 1964 en 1971 haw ik dat fan frij tichtby meimakke. It is ek in perioade dat Bregman magistraal wurk levere hat. It is heel spitich dat dy jierren net mei leafde, mar mei de ‘mantel’ fan de leafde – hoe synysk ek – bedutsen binne. Sûnder yn rabjen te ferfallen (sa’t Van Keimpema oer Huisman docht) hie hjir mear mei dien wurde kinnen, foaral oangeande it wurk.

Deiboeken, brieven en gedichten
Steenbruggen neamt yn syn ynlieding ek noch de ‘dagboeknotities, de brieven en de gedichten’. Jo fine dêrfan yn de skets fan Sijens net in soad werom. Deiboeken en priveebrieven binne net iepenbier, mar de skriuwer fan dit ferhaal oer Bregman hat se wol ynsjoen, en hie (dus) mear sitearje kinnen, sadat in ferbining mei it wurk ûntstien wie.
It falt op dat oer de briefwiksel tusken Boele Bregman en Laurens ten Cate neat sein wurdt. Yn de boarnen is gjin ferwizing te finen, wylst dy korrespondinsje iepenbier is, meidat it literêre tydskrift Trotwaer (XX,1988, nr 1, p. 11 en fierder, Kar út de briefwiksel tusken Bregman en Ten Cate) dy publisearre hat. Yn dy heel eigen(sinnige) útwikseling fan gedachten en ideeën komt Bregman autentyk en libbensecht nei foaren. Dêr is helendal neat mei dien! It fjirde elemint dat ik mis binne de gedichten fan Bregman. Lykas yn de brieven leit er ek dêr ferbiningen mei syn wurk, mei it libben en mei syn leafdes, spesjaal mei DE FROU.
Doe’t Boele Bregman fyftich jier waard yn 1968 hâlde Laurens ten Cate de iepeningsspeech op de jubileumtentoanstelling (11 oktober yn Galerie Van Hulsen, Ljouwert). Ten Cate hie faker oer keunst op ’e tekst west, siet goed yn it wurk fan Bregman, sadat it meagere sitaat oer Ten Cates speach ‘hjir lit immen in heel libbenswurk sjen’ wol heel koart om ’e hoeke is. Ten Cate liket ferbean yn dit boek. Mei krekt it soarte minsken as Ten Cate, mei Bregman syn gedichten en mei de neamde briefwiksel hie Sijens de djipte yn kinnen. Dit is in miste kâns, want Boele Bregman hat in hele grutten west – net allinne yn Fryslân.

Jopie Huisman troch de eagen fan in rioelrôt
It boek oer Boele Bregman is manjefyk as jo it fergelykje mei dat oer in oare Fryske autodidakt, Jopie Huisman. Ik haw noch nea sa’n fodde lêzen as dy saneamde libbensskets. It iennige wat ik priuw is in soarte fan wraaknimming troch guon dy’t sa’t it hjit ‘de oare kant’ fan Jopie Huisman sjen litte wolle, mar yntusken him, syn famylje en de keunst troch de stront helje.
Oars as yn it boek oer Bregman wurde yn it boek oer Huisman gjin boarnen jûn, gjin nammen fan ynformanten. Rutger Kopland en Freek de Jonge, dy’t gearwurken mei Huisman, ûntbrekke bygelyks. It boek is ien grutte skelpartij op elitêre keunst – it kin sa yn it partijprogram fan de PVV. Ik soe der gjin oandacht oan besteegje as iksels net direkt en yndirekt op it aljemint kom. Ik lês dêre rioelbekkerij en in foarm fan plagiaat yn twa alinea’s.
Yn 1964 hawwe in tal lju yn Harns de ‘Stichting De Blauwe Hand’ oprjochte. Bestjoersleden wiene Josum Walstra, Josse de Haan en Paul Panhuysen. Wy woene it monumintale gebou De Blauwe Hand behâlde as galerij en keunstsintrum. Walstra wie keunstskilder, hie in galerij yn it gebou, en wenne dêr ek. Yn it komitee fan oanbefelling sieten û.o. Anne Vondeling (minister), Jan Kassies (keunstpaus yn de Raad voor de Kunst) en bgl. H.P. Linthorst Homan (Kommissaris Keninginne).
Yn 1963 debutearre Jopie Huisman yn de galerij. Kollega-skilder Jan Murk de Vries iepene de tentoanstelling. Yn tsjinstelling ta wat Van Keimpema skriuwt, waarden lang net alle skilderijen ferkocht – Huisman wie noch net bekend. Op de tentoanstelling dy’t no hâlden wurdt oer âld wurk soe oanjûn wurde kinne wat doe ferkocht is en oan wa. Ek hoefolle jild oft dat opsmiten hat. Van Keimpema beweart nammentlik dat Josum Walstra (‘de angry young men’ – it wie trouwens mar ien man!, en boppedat, wat wurdt hjir suggerearre, en wa is hjir ‘angry’?) al dat jild fan ferkochte skilderijen achteroer drukt hat. Huisman koe nei syn jild fluitsje. (Want) ‘Hij (= Walstra, JdH.) kocht een jaar later namens een Stichting het pand…, althans kon het pand kopen’. As ‘Stichting De Blauwe Hand’ hawwe we it pân yndie kocht, mar wol mei in 100 persint hypoteek. Sûnder bewizen fan it tsjindiel is Van Keimpema mei kwealaster en smaad dwaande, 47 jier nei dato en noch net ferjierre.

Ferstekeningen/tekenfersen – it plagiaat
Jopie Huisman en ik hawwe in sân jier buorlju west yn Hjerbeam. As skoalmaster yn Hjerbeam haw ik syn bern yn ’e klasse hân. Doe’t ik yn 1971 ferhúzje soe nei Schagen (N.-H.) skille er in pear wiken foar ús ôfreizgjen: ‘Kom even del, it is fansels idioat datst Fryslân ferlitst, mar ik haw dochs wat foar dy makke.’ Hy skonk my in pintekening sa’t er dy de lêste jierren in soad makke hie: ik sit te skriuwen op in nacht yn de foarkeamer fan it skoalhûs, achter dat hûs stiet de tsjerketoer fan Hjerbeam, dêrnjonken baarnt in nachtlampe. In oantinken oan sân goeie jierren. Hy is opnommen yn ‘100 jier keatsen Hjerbeam’ (1993, KU).
Jopie Huisman en ik hawwe yn 1971, noch krekt foardat ik ferhuze, in bondel tekeningen en gedichten útjûn by de Koperative Utjouwerij – ferstekeningen/tekenfersen – mei op it omslach in lêzende Marretje, dochter fan de skilder. Ik lies yn dy tiid oer Marc Chagall en in boek fan Herbert Marcuse. Huisman wie in leafhawwer en bewûnderer fan Chagall – we ha der gauris oer praten. Meidat ik de Iendiminsjonale Mins fan Marcuse – foaral syn ideeën oer poëzy – wichtich fûn kaam ek dat aspekt op it aljemint. Yn dy bondel gedichten en tekeningen haw ik in stikje tekst opnommen fan B. Majorick (J.J. Beljon), dat komt út de Salamanderpocket G54 – Ontwerpen en verwerpen (Querido, 1959). It stiet yn it haadstik De klokken van Chagall, of de lotgevallen van de poëzie. Van Keimpema wit dêr neat fan en hat yn syn boek oer Huisman opnommen (s.77): “Als een bezetene, door een hogere macht gegrepen begon hij te schilderen. Aan B. Majorick ontleende Jopie het volgende uitgangspunt: ‘De schilder- en tekenkunst moet opnieuw meten met de maat van het menselijk hart, een schilder- en tekenkunst, waarin meer mogelijk is dan in formules is vast te leggen, een schilder- en tekenkunst die zichzelf ontworstelt heeft aan de tirannie van de klok.’ ”

Opm: yn it orizjineel fan Majorick wurdt allinne praat oer skilderkeunst, ik haw der tekenkeunst oan tafoege. Meidat Van Keimpema myn Fryske tekst oerset yn it Nederlânsk makket er noch twa grutte flaters: ontworstelt = ontworsteld en heeft moat hebben wêze, omdat ik de twa apart sjoch. It is dúdlik, Van Keimpema hat dy – kursive – tekst stellen út it boek fan Huisman en my. Meidat er neat wist fan de achtergrûn fan it sitaat, neat fan de wize sa’t Chagall tocht – dêr’t Huisman wat werkende – plakt er dy tekst tusken in ‘âlde skoen’ en ‘de broek fan meuke Albertsje’. Je tinke dan al gau: dit sil wol net it iennige plagiaatstik wêze.

Jopie Huisman en Yde Schakel as kariakatueren
Ik haw al faker argewaasje hân fan it foarútdatearjen fan troch Huisman makke skilderijen en tekeningen. Oer guon tekeningen yn ferstekeningen/tekenfersen (1971) dy’t foar it grutste part makke binne yn 1969 en earder wurdt no skreaun dat se yn de tachtiger jierren ûntstien binne. In skilderij as De kermisgangers (en in heel soad yn dy trant) haw ik al yn Hjerbeam sjoen – se kamen út de fyftiger jierren. Ek it Oud-ijzerfeest komt út dy tiid en net út 1965. Ik haw sân jier sjoen wat de skilder makke dêre yn de keamer tsjinoer ús hûs. Sa is bygelyks de Holle Mar net yn 1985 tekene mar yn 1969 – ik kaam dêr hast elke wike wol even en seach hoe’t it wurk foardere.
Yn syn ynlieding seit de skriuwer fan it boek dat Thom Mercuur tinkt dat dy eksposysje fan wurk dat net yn it museum hinget ôfbreuk docht oan de namme fan Huisman. Neffens my docht dit boek noch folle mear ôfbreuk oan Jopie Huisman. It is in fodde oer in parttime-foddeboer dat basearre is op wraak, rankune, domheid en oergeunst. Fan Huisman wurdt in karikatuer makke – de grutte keunstner dy’t it sa swier hie, dy’t sa meilibbe mei syn meiminske, mar krekt rûnkomme koe, en folslein nayf as in bern op ’e wrâld omrûn. Maatskiplik in stakker. Kwats!
Ik haw in pear kear by nacht mei west om yn Noard-Hollân, dêr’t Huisman in pleats kocht hie, in pear tegeltablo’s fan de muorren en út de skou te slopen. Hy wie sa handich dat er ien brutsen tegel op fyftich hie. Op ien fan dy nachten kamen we thús mei in trijehûndert âlde tegels – tablo’s fan skippen, merken en stedstafrielen. Fan fjouwer, njoggen of sechtjin tegels makke er ‘nije’ tablo’s. Foaral Dútsers wiene gek op dy stikken. Se betellen grif in fiifhûndert, tûzen of mear foar sokke 17e-ieuske tafrielen. Huisman koe aardich rûnkomme. De myte fan de earme keunstner sit yn de holle fan Van Keimpema dy’t him of brûke litten hat, of bewust dy nonsens opskreaun hat om mei dit skotskrift te skoaren, sa’t de blêden dat faak ek dogge.
De ûnsin dy’t oer de famylje skreaun wurdt, oer yndividuele leden, oer it libben fan de eardere partner fan Huisman, Elly de Boer, oer har leafdes en foaral oer Yde Schakel mei wa’t se letter troud west hat, hawwe mei de keunst fan Jopie Huisman neat te krijen. Dit nivo is noch leger as Privé of de Ingelske skandaalblêden. Ynteressant hie it wêze kinnen as de skriuwer de frou Elly de Boer tusken de twa giganten Jopie Huisman en Yde Schakel setten hie, hoe’t sy posityf en negatyf op beide kreativelingen wurke hat. Mar dan moatte je tink ik in literêre skriuwer wêze en/of in tûke psycholooch. Beide manlju ferwurde yn dit boek ta karikatueren fan harsels.

Kryptyske teksten
De leagens en heale leagens yn Jopie Huisman – De andere kant binne net te tellen. Troch it breklik taalgebrûk en ek troch ynsinuaasjes begripe je soms net wat bedoeld wurdt. Alles oer testaminten, oer broer Lieuwe/Louis Huisman, oer de relaasje Elly Huisman en Yde Schakel, oer de bern, oer syn earmoede kin fergetten wurde. Jopie Huisman koe swetse, seach wolris te heech op by de notabelen of bekende Nederlanners lykas Freek de Jonge, naam de wierheid soms mei in kerl sâlt, wie gjin filantroop, mar Van Keimpema oertreft him hjir yn it kwadraat. Ien alinea yn it boek seit faaks wêrom’t dit boek skreaun wurde moast sa’t it bard is – it is sa kryptysk dat allinne in insider begrypt wat der stiet (side 41):
In het boerderijtje aan de Hertog van Saxenlaan (Frjentsjer, JdH.) stond de wieg voor de vierde maal in huis. De bekoorlijke Elly werd immer begeerd door mannen. Dat was al zo toen ze een tiener was. De stoere adonis uit haar jeugd had zelf een zeilboot gebouwd en voer over de meren. Hun liaison kreeg op een zwoele julidag in 1963 langs de rietkragen een aardse dimensie in de persoon van Jacob. Het gezin was compleet.’
Jacob Huisman, dy’t mei syn neef Joop Huisman de tentoanstelling Museum De Andere Kant gearstald hat, is berne yn april 1964. Yn it ronkend neiwurd + foto fan Albert van Keimpema (Dijken, 1958) wurdt dat net fermeld. Mar neffens my leit dêre yn dat lytse fragmintsje de kym fan it boek. De meast ynteressante fraach, oft Huisman de bou fan syn eigen museum betelle hat, wurdt net beäntwurde. Yn dit boek oer in earme keunstner-sloeber koe dat ek net. De saneamde Romantyk is op ’e kletter slein mei Van Keimpema en syn IQ. Hy hat in leafdeleas boek skreaun.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels