Tsjêbbe syn peptalk
ARJAN HUT –
Net allinne yn Kolombia makke Tsjêbbe Hettinga grutte yndruk, ek in heale wrâld noardliker, yn de Kanadeeske provinsje British Columbia liet de Frysktalige dichter syn spoaren nei. It wie op in festival dêr dat skriuwer, aktivist en spoken word-artyst Andrea Thompson mei him yn de kunde kaam. “Ik ha Tsjêbbe net salang kend,” skriuwt se krekt foar de koroanakrisis de wrâld op syn kop set. “We troffen inoar, hy wie dêr mei syn goede freon Henk Deinum, op it Gabriola Poetry Festival yn November 2005, op in skitterjende lokaasje foar de Kanadeeske westkust. Tsjêbbe en Henk wiene fjirtjin dagen op it eilân en hierden doe in auto om yn Portland, Oregon famylje en kunde op te sykjen. Tsjêbbe droech dêr ek foar, op in festival ta neitins oan Rosa Parks. Op ‘e weromreis nei Nederlân kamen se noch by my yn Toronto del. We sochten in jazzclub op, genieten fan de ymprovisearre muzyk en praten lang oer keunst, filosofy en it libben sels. Ik fûn it bysûnder hoe sympatyk as Tsjêbbe wie … Syn wize wurden draach ik noch altiten mei my mei.”
Tsjêbbe syn peptalk
Want hy wie in Grutte
Ynternasjonale Dichter, hy skreau
oer Belangrike Poëtyske Underwerpen
as Skiednis, Natoer en Revolúsje
yn taal optild fier en heech
boppe it prytpraat fan sljochte dagen
(want hy wie myn freon
en ik koe op him fertrouwe)
Op de waarme neisit fan in jûnsfoardracht
op it eilân Galiano yn British Columbia
liet ik him witte
dat ik twifele oft ik wol oer mysels skriuwe moatst
wie dat net, frege ik my ôf,
selfkickerich, lekker maklik
Tsjêbbe sei
dat er in dichter kent dy’t oer it roasterjen fan bôle skriuwt
sa moai dat men der suver fan gûle moat
as ien sa skriuwe kin oer de tochten fan in timpe brea
dan kinsto fan dyn eigen libben keunst meitsje ast dyn fak mar beoefenest
alles draait om fakmanskip
en ik tink oan Ann Sexton en Sylvia Plath
te rûchskriuwen oant de klep fan de ûne
Ted Hughes liet achter – syn pine yn spatten op alle siden.
Ik wit noch myn psychology dosint yn it tredde jier dy’t miende
in persoanlikeidshypoteze kinst it bêste op dysels teste
do as minske, ofst tinkst dat it jildich is, of net jildich
telt like swier as in oar syn miening.
Ik tink oan myn leafde foar it mystearje
fan de deemoedige minsklike psyche
it proses fan sprútsjen, groei
en bloei
hoe’t dat my altyd yn de besnijing hie
en tink fan ja – autobiografyske skriuwers ha seker in plak
yn it kanon fan de skiednis fan de literatuer.
Skriuw oer wat dy bekend is, sizze guon
wylst Sokrates preekt: ken dysels
en Anais warskôget ús foar de futiliteit
fan in net ûndersocht bestean.
Tige tank, Tsjêbbe, want no
wit ik – samar, seker – yn alle gefallen
myn taak – hjir – op papier
is it om wurd foar wurd, snippers
fan dit iene libben sjen te litten
libben dat stiet en is, op tiid en stip
hjir op ierde
fotograaf, kartograaf,
myn taak is it om tinken fêst te lizzen
in reizgjen yn kaart te bringen
wei fan de kusten
fan it fertroude
Tige tank, Tsjêbbe
foar it delbêdzjen fan myn
inerlike twaspjalt, no
jou ik mysels
seefarder, artyst, avonturier
it is myn taak om ferantwurdlikheid te nimmen,
op te sprekken
myn siken op de keunst fan it wêzen oan te stjoeren
yn in skip fan skeppen, ik sykje fierder oant ik
manieren fyn en skriuw oer allesennochmear
sa’t allinneikdatkin.
Oersetting: Arjan Hut
Tsjêbbe’s Pep Talk – Andrea Thompson
Because he was an Established
International Poet, who wrote
about Important Poetry Subjects
like History, Nature and Revolutions
in language heightened far and above
the pedestrian voice of conversation
(because he was a friend
and I trusted him)
one warm post-poetry show evening
in Galiano Island in BC
I confessed my insecurity
about writing autobiographically
my wondering if I was just
self-indulgent, word-wanking
Tsjêbbe told me
he knows of a poet who writes about making toast
in a way that is so beautiful, it leaves you weeping
if they can do that with the journey of a piece of bread
then you can make art out of your life if you work your craft
the craftsmanship is everything
and I think about Ann Sexton and Sylvia Plath
writing raw in the days before they opened the oven door
Ted Hughes left behind – his pain staining each page.
I remember my third year psychology professor who used to say
the best way to test a theory of personality is to try it on yourself
as a human being, your belief in its validity or lack thereof
is as valuable as the conclusions of anybody else.
I think of my love for the mystery
of the humble human psyche
the process of germination, growth
and blossoming
think of how I have always been fascinated by this
and think yes – the confessional writers do have their place
in the canon of literary history.
Write what you know, some say
while Socrates preaches: know thy self
and Anais warns us of the futility
of an unexamined life.
Thank you Tsjêbbe, because now
I know – suddenly, surely – this much
my job – here – on the page
is to offer a word-by-word, snap-shot
account of one human soul
being and living, moment by
moment, here on earth
photographer, cartographer
my job is to capture thought
to map a journey
away from the shores
of safety.
Thank you Tsjêbbe
for soothing my subject
matter insecurity, now
I offer myself up
sailor, artíst, adventuress
my job is to own it, tell it like it is
focus my winds on the craft of being
a vessel for verse, keep searching until I find
a way to write about anythingatall
like nobodybutmyself.