Tryater op it skerm

ELSKE SCHOTANUS – 

Wat yn de iepeloft op it eardere jiskelân fan Ljouwert plakfine moatten hie – 1000&1 Nacht, de foarstelling dêr’t Ira Judskovskaja ôfskied fan Tryater mei nimt, sit it publyk thús achter it byldskerm. Foar Tryater is it in eksperimint en in útdaging: in foarstelling bringe as de spilers net byelkoar komme kinne en it publyk net fysyk oanwêzich wêze kin. Trije wiken, alle wiken fiif jûnen achter elkoar, om 21.00 wurdt in goed healoerelang online in live-spile ôflevering brocht. De earste, ‘It ferhaal fan de kening’, skreaun troch Eelco Venema, wie tiisdei 26 maaie te sjen. De fiif ôfleveringen foarmje mei-elkoar de foarstelling, mar kinne ek los fan elkoar besjoen wurde.

 

Dêr sitst dan, op in moaie simmerjûn, binnendoar achter dyn skerm yn plak fan ûnder it himelsk ferwulft: guon yn it publyk moerallinne …

 

It gegeven is bekend: De kening sliept elke nacht mei in maagd om har dêrnei te ûnthalzjen, benaud as er is dat sy him ûntrou wêze sil. Sa giet it lân nei de filistijen en Sheherazade wol de situaasje rêde. Dat docht sy troch ferhalen te fertellen en salang’t dy him boeie, ûntkomt net allinne sy oan de bile, mar rêdt sy ek it keninkryk. De sân akteurs binne thús, elk op har eigen honk, en dat jildt ek foar de alsidige Beppe Costa dy’t foar de muzyk soarget en Elze van den Akker dy’t de de ‘live-foarmjouwing’ docht. Dan wer sjochst alle njoggen tagelyk, elk yn in rjochthoekje op it skerm, dan wer gean inkelde spilers ôf. Spilers spylje op elkoar yn, sa oerlanget Romke Gabe Draaijer as de broer fan de kening, as hy en de kening seks mei in frou hân ha en sy fan beide in ring easket har dy wyls se beide yn har eigen hokje thús foar de kamera en yn har eigen hokje op it skerm sitte. En de sekssêne sels is hilarysk, seker ast witst dat it noch mear fake is as op in poadium. Boeiend is de dûns nei in yntroduksje fan Beppe Costa, opfallend goed it spul foar de kamera fan Dimithri Postma as dzjin. Elze van den Akker dekt de tafel, de spilers dûke op, elk mei in teedoek as slabbe foar. Wetter yn in wettersieder wurdt in wylde see. Sa is der in soad te belibjen.

Der sitte noch al wat bonkjes yn dizze alderearste ôflevering. Sa komt Beppe Costa syn stim, as er yn it begjin oer de spulsitewaasje fertelt, amper boppe de muzyk út. En de kening is net altyd like skerp yn byld as de oaren. Wat fierder opfalt is de wize wêrop’t it meartalige ynset wurdt. Sa praat Sherezade (Brecht Wassenaar) Frysk, en de hofdame (Marjolein Ley) Nederlânsk, de kening (Jochem Stavenuiter) Nederlânsk, syn broer Frysk. Wat frjemd is dat de hofdame Sherazade’s Fryske tekst gauris yn it Nederlânsk werhellet, mar dat de twa manlju dat net dogge. De iene kear komt it keunstmjittich oer, op in oar momint jout it brûken fan twa talen krekt ekstra gong oan it spul.

Der wie, via in link, gelegenheid ta neipetear via Zoom, mar dat slagge hjir net. Dat it applaus fan myn kant, foar alle meiwurkers dy’t mei elkoar in boeiend eksperimint oandoarden, hat nimmen heard.

Foar Tryater is it in útdaging, mar los fan de wurdearring foar it resultaat, is it mar de fraach oft in online foarstelling as alternatyf foar in foarstelling yn de iepenloft wurket. Online is der al sa’n soad fermeits: youtube, de films op npostart dêr’tst earder net oan ta kaamst, Netflix … Mei ‘tank’ oan corona is dêr folle mear noch bykaam: firtuele stedskuiers en rûnliedingen, livestreams fan konserten, dûnsfoarstellingen fia Zoom, treasttelevyzje … Teater, yn in seal, bûtendoar is in oare ûnderfining. Fielst de bas, fernimst it sykheljen fan de akteurs, it lûd fan bleate fuotten op ’e flier. Dêr heart ek it ferwachtingsfolle ôfwachtsjen foardat de tribune of seal iepen giet by, it ‘hee, jimme hjir ek?’, it rûzemuozjen om dy hinne foar’t it begjint, de stilte as it boeit, de fûgel dy’t, heech yn de loft boppe it âld-jiskelân, mei begjint te sjongen, it oansteklike laitsjen fan it publyk, it applaus en de blommen, en, om’t 1000&1 Nacht Ira Judskovkaja’s ôfskiedsfoarstelling is, in steande ovaasje dy’t mar oanhâldt en oanhâldt op de premjêrejûn, de bubbels nei ôfrin. Mar neat fan dat alles. Dêr sitst dan, op in moaie simmerjûn, binnendoar achter dyn skerm yn plak fan ûnder it himelsk ferwulft: guon yn it publyk moerallinne … En it jout in treurich gefoel net te witten hoe’t it fierder gean sil, as de teaters ûnder alderhande aaklike betingsten aanst wer iepen gean, mar miskien ek hielendal net …

Oan de iene kant ried ik elk oan kaarten te reservearjen foar 1000&1 Nacht, mar hoe moedich en kreatyf it sykjen en finen fan in alternatyf foar it oarspronklike plan, hoe nijsgjirrich as eksperimint, en hoe goed útfierd ek, mei alle ôfleveringen in oar ferhaal yn in oare sfear: It. Is. Net. Itselde.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.