Tosken

Publisearre op 9 augustus 2020

SJOUKJE DE BOER – 

Yn myn hannen sitte kloven. Ik smar se yn mei krêm en pak eefkes letter in safolste doaze yn. Fan alles komt my troch de fingers. Ik sil ferhúzje en ik kin mar de helte oan spul meinimme.

Fan cd’s út myn pubertiid oant âlde krystkaarten dy’t ik bewarre haw om’t ik ea wer ris it hânskreaune ‘folle lok en seine’ lêze wolle soe fan ien dy’t it net mear sizze kin. Ik laitsje om mysels. It giet de kontener yn. Soms mei de eagen ticht om’t ik it dochs wol dreech fyn om los te litten. Mar no eefkes gjin ekskuzen mear. Hele kasten klau ik leech. Skoalferslaggen, rapporten, swimdiploma’s, buttons, tekeningen, sûvenirs, plestik troep. Ik smyt it allegear fuort.

Dan fyn ik in blauwe Albert Heijn-tas. Dêr sit in friezerbakje yn. Ik pak it bakje út de tas en helje it deksel derôf. Yn in stik keukenpapier fyn ik it keunstgebit fan ús heit. Der sit kalk op it gehemelte. Ik gean derfoar sitten en probearje mei in finger de kalk derôf te wriuwen.

Ik hear it ús mem noch sizzen. Neffens har kin it wol fuort: “Wat moatte je dermei?” Mar mem pakt it gebit yn keukenpapier en hellet in bakje út ’e kast. Se siket eefkes. Der is blykber in spesjaal bakje foar in keunstgebit. Dat mei in snieflok.

Ik pak de oare helte fan it gebit en lis beide parten opelkoar. Ik stel my ús heit foar. Sûnder gesicht en sûnder de mûle dy’t dêrby heart, is dit gebit net te werkennen as dat fan heit. Oarsom wie dat ek sa. Heit sûnder gebit wie in oare man.

Ik pak it gebit wer yn en doch it deksel ticht. Dan sjoch ik in giele post-it mei heit syn hânskrift. ‘Gerrit’ stiet derop. Heit syn bakje. Klear foar wer in sikehûsbesite. Heit syn bakje mei de snieflok. As koe heit rane.

Ik plak it briefke op it doaske en pak it yn foar yn it nije hûs. In pear ekstra tosken kin ik altyd wol brûke.

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 2, 2020

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]