Tienduizend keer geluk

Publisearre op 7 april 2011

In soad Sineesk porslein is dekorearre mei gelokssymboalen. Under de titel ‘Tienduizend keer geluk’ eksposearret Museum Princessehof yn Ljouwert gelok en foarspoed op Sineesk diggelguod. De Sineeske tinkwize is ryk oan tekens dy’t gelok bringe, lykas kraanfûgels en Yin- en Yang-tekens. Der besteane symboalen foar algemiene winsken, mar ek foar rykdom, in lang libben, in lokkich houlik, skientme, it krijen fan in soad soannen of it beheljen fan in hege sosjale status. Betink ris: sniewyt brekber porslein. Ieuwenlyn sá fyn beskildere as wie it dien troch in toverhân, mei in ienhierrich pinsiel. Soks fan tichteby te besjen, men soe der gelokkich fan wurde.

‘Tienduizend keer geluk’, geluk en voorspoed op Chinees porselein. 24 april – 30 oktober Museum Princessehof Ljouwert.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels