There is a dark side to mienskip

Publisearre op 27 november 2018

ELSKE SCHOTANUS – 

De ôfrûne dagen wie der in soad omtinken foar it slotstik fan LF2018, it jier dat Ljouwert/Fryslân kulturele haadstêd fan Europa wie. Yn in frijwat nuete talkshow, 25 novimber opnaam yn it stedskantoar, krigen in tal makkers de gelegenheid om werom en foarút te sjen. Dêr en ek bûten op it plein frijwol oars neat as positive lûden. Moaie foarstellingen, elk die mei, Fryslân is op de kaart set en neam mar op. En ik? Ik bin, earlik sein, wat mankelyk. Emosjoneel. Fertrietlik. Wat it goede wurd foar myn stimming is, ik wit it net krekt, ik hoech der yn elk gefal net foar nei in terapeut want moarn is it wer oer, mar it mei der dizze dagen al even wêze. Gelokkich wie der ien dy’t myn tinzen oangeande LF2018 min as mear werjoech: dat wie, oan de ein fan de talkshow, Sjoerd Bootsma.

 

Just dit jier, LF2018 datcreating in open mienskipas wichtichste doel en missy hie, brocht neist alderhande posityfs in maatskiplike ferhurding, dêr’t de ein fan wei rekke.

 

Nee, it weromsjen op in bysûnder jier makket my net mankelyk om’t ik lang net alle foarstellingen bywenje koe: dêr ha ik it jild net foar. Mar sokken binne der mear. En nee, weromsjen hat likemin ynfloed op myn stimming hân, om’t ik nergens inbydrage oan levere. Ik sjong net, spylje gjin ynstrumint, wie gjin parkearwacht, fersoarge nergens de catering. Ek dêrmei bin ik net de iennige, dat jildt foar 90% fan de ynwenners fan ús provinsje. Dat alles is net dat makket dat ik, no’t it jier foarby is, de keamer op en del trêdzje. Unfoldien. Want wat stie der yn it bidbook? Op it omkaft dit: ‘iepen mienskip’ en fierderop:

“Lwd2018 is about creating an

open Mienskip

There is a dark side to Mienskip. Frisians are prone to being wary of external input, clinging to a static definition of their culture and landscape. This is why, in the 21st century, we want to transform Mienskip into an open Mienskip. It retains the action-oriented, bottom-up spirit, but incorporates the open-minded, outwardlooking attitude that is needed if our society is to evolve and connect with Europe. SelectingLeeuwarden-Ljouwert as European Capital of Culture would affirm and reinforce thisvital shift in attitudes.”

Ensafuorthinne. En ik fielde my, earlik sein, doe’t ik it fiif jier ferlyn lies, slim misledige. Wat no Friezen benaud foar ynfloeden fan bûten? Wat no Friezen hâlde fêst oan har statyske definysjes fan kultuer en lânskip? En trouwens, as it sa wêze soe, wat is der mis mei keatswedstriden en skûtsjesilen? Us eigen taal? Dat we de skries op de hikke weromsjen wolle? De bûterblommen yn  it fjild? Muoite ha mei gasboarringen, sânwinning yn de Iselmar, wynmûne- en sinneparken? Sinneparken yn Sineeske hannen…

De mienskip moast in iepen mienskiep wurde. Iepen Mienskip, dan giet it net om de politike en/of kulturele elite dy’t snobreiskes nei oare kulturele haadstêden makken. Iepen Mienskip, dat draait ek net om alve ynternasjonaal ferneamde keunstners hjir in fontein del plantsje te litten. Iepen Mienskip giet likemin oer kânsen foar in hantsjefol nije makkers foar wa’t ynternasjonale kontakten in ferriking betsjutte (kinne). Iepen Mienskip siet foaral yn tal fan foarstellingen en barrens dêr’t, yn de rjochting fan it eigen publyk, mei sein wurdt: ús mienskip is in mienskip yn feroaring. Dan giet it om migraasje, dan giet it om akseptaasje fan – en iepenstean foar de oar.

Ik seach ‘Lost in the Greenhouse’, oer de komst fan Poalse arbeiders nei de kassen fan Seisbierrum. Ik seach Wereldburgers van de Voorstreek oer in winkelstrjitte dy’t, troch alle migraasje, sterk fan oansjen feroare: tusken de oarspronklike bewenners en ûndernimmers wenje en wurkje minsken fan oeral wei, en al dy minsken ha har ferhalen. Ik seach in list mei nammen fan flechtlingen dy’t ûnderweis nei Europa omkamen. Ik seach dichters foardragen yn Europeeske minderheidstalen. Ik seach it programma Iepen-Up dat gasten fan alderhande slach oan it wurd liet, dêr’t diskusjes fierd waarden dy’t derta dogge. Ik seach befeiligers op de dakken. Ik seach opmerkingen op ’e sosjale media as: Swarte Pyt is ús kultuer, stjoer se werom nei Afrika en litte sokke opstokelers in baan sykje. Ik seach reaksjes op in opinystik fan Jabik van der Bij op It Nijs wêrby’t dit de útsjitter wie: ‘Sûnt de dochter fan Jabik op in Turkse piemel sit, is hy wol hiel pro GL/D666 wurden’. Ik seach ek hoe’t KOPZ-demonstranten troch anty-demonstranten bananen tatreaun waarden as wienen sy apen.

‘De intocht van Sinterklaas en Zwarte Piet,’ sei Sjoerd Bootsma yn de talkshow, oan tafel mei Karen Bies en Kirsten van Santen weromsjend op LF2018 ûnder mear, ‘dat hebben we als samenleving nog niet geregeld met elkaar. (…)’ En mear ferstannige wurden. Mar just dit jier, LF2018 datcreating in open mienskipas wichtichste doel en missy hie, brocht neist alderhande posityfs in maatskiplike ferhurding, dêr’t de ein fan wei rekke. Tusken befolkingsgroepen, tusken links en rjochts, dêrby krige de kulturele elite likegoed as justysje en media fiks op ’e bealch. Gutmenschen, hege huodden, subsydzjefretters en gean sa mar troch. Mei bananen en gelul oer Turkse pimels teart de diskusje oer de kleur fan Pyt bytiden sels om yn ûnferhoalen rasisme: yes, there is a dark side to mienskip.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels