The Cure – Disintegration

ELMAR KUIPER – 

Ik wie 19 jier en moast in soad traine. As hurdfytser hie ik krekt de oerstap fan de junioaren nei de amateurs makke. Dêr rieden sterke kleppers tusken, de koersen soene in stik hurder wurde.

Yn tarieding op it nije seizoen fytste ik my yn it foarjier gauris it snot foar de eagen. Op ’e lange duerritten, fan likernôch fjouwer, fiif oeren, hie ik bidons, bôle, bananen en dextro by my mar ek de Sony walkman fan Welmoed. Dy droech ik yn it binnenbûske fan myn hurdfytsshirt. It wie in ûnhebbich, primityf ding, mei grutte knoppen en in goedkeap koptillefoantsje. Der koe in kassettebandsje yn, dat om it heal oere omwiksele wurde moast. Geandewei de trainingsrit, as de rêch opspile en de kûten fersuorre rekken, begûn it bandsje stadiger te rinnen, ruts de sanger de wurden as kaugom út. De batterijen hiene de lech út.

 

De plaat wie ferpletterjend. Lang útspûn, tsjuster, tantrysk, waarm en geil, epysk, droegen en hyperemoasjoneel.

 

It lânskip, dêr’t ik troch hinne fytste, koest dúdlik de nukken fan de Middelsee sjen. De diken wiene smelle, linige slangen. As in swarte frucht hong de loft boppe my. Maartske buien giselen it ôftrainde liif. Ik hie altyd wat bandsjes mei: in bandsje mei in kompilaasje fan VPRO’S ‘De wilde wereld’ en ‘Nozems a go go’, dêr’t de presintator gauris troch it yntro of outro siet te lullen, in bandsje mei Jan Douwe Kroeske syn ‘Verrukkelijke 15’ en in bandsje dêr’t The Cure op stie.

Dat bandsje fûn ik magysk. Harren magnus opus: ‘Disintegration’, stie der op. Ik helle der in soad krêft en ynspiraasje út. De plaat wie ferpletterjend. Lang útspûn, tsjuster, tantrysk, waarm en geil, epysk, droegen en hyperemoasjoneel. De nûmers sieten kompositoarysk fernimstich ynelkoar. Mankelike, útrutsen synthesizerklanken leinen in waarm tapyt ûnder de nûmers. Op ’e gitaren, dy’t subtyl, ja suver ynholden klonken, siet in bytsje delay. Bas en drums dreaunen it bloed troch de ieren. Robert Smith, de sanger/gitarist, song ingeleftich moai. Hy wie in opmerklike ferskining, yn myn eagen suver in twaslachtich wêzen. Hy seach derút as figuer út in mearke, as in profeet, mar ek as in ôfwêzige genêshear direkteur, as in heal ôfsminkte clown, mei swarte eagen en in pôle (tûpearre) hier, dêr’t swarte fûgels, sûnder straf, harren aaien yn lizze koene. Smith wie maskulyn, in romantikus pur sang, mar ek in testosteronmantsje mei in kropfol sied. Hy hie in lûd datst omskriuwe koest as kleiend, salvjend, bitend en sluerend. It sprekwetter út syn mûle wosk de earen.

It nûmer, ‘Pictures of you’, besoarget my hieltyd noch pikefel. Rigels as; ‘I’ve been looking so long at these pictures of you/That I almost believe that they’re real’ meitsje in soad yndruk op my.

It is sa oarspronklik, sa ûntwapenjend earlik. Hy hat sa lang stoareage nei de foto’s dat er sawat leaude dat se wier wiene. Yn dat subtiele wurdsje ‘almost’ sit ek it relativearjende. Fansels hat er wol troch dat it net wier is, dat er drôchbylden produsearret, mar hy wol it faaks leauwe. Sjoch hjir it minsklik lijen yn in pear sinnen heind! Smith lit him leaver driuwe op hertstochtlike weagen, rekket leaver fereale op it byld fan de ideale oar. Hy lit him der sûnder reserves yn ûnderdompelje, hy wol himsels ferlieze en gearrane mei dy (tinkbyldige) oar. Sa skriuwend foar de Kuiperkrante draai ik de plaat wer en ferlies mysels yn ’e nûmers, dy’t waarm, emoasjoneel, persoanlik en yntins binne. De muzyk krûpt my yn ’e earen en yn ’e ieren. Der is net in oare plaat dy’t sa’n yndruk op my makket.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.