Terug uit de Witte Hel, werom nei de Arcadia

KAREN BIES – 

Op 2 augustus 1927 komt der in Nederlansk cruiseskip oan op Spitsbergen, de Gelria.

Sjef is bliid. Einlings heart er wer ris syn memmetaal. Hy nimt groepkes passazjiers op sleeptou troch it doarpke Barentsburg en fertelt hûnderdút oer syn slidehûnen. Ien fan de passazjiers op it cruiseskip is Nan Woudenberg. Dat is te sizzen, sy is de haadpersoan yn it famkesboek ‘De Arcadia. Een genoeglijke reis naar Spitsbergen’ fan Cissy van Marxveldt. De achttjinjierrige Nan fynt de Nederlânske gids Sjef van Dongen mei syn brúnferbrânde kop wol in kreaze jonge, mar foar it oare kin it kâlde keale lânskip har amper boeie. ‘Hij is nu vier jaar in Spitsbergen – hij liever dan ik,’ seit Nan.

 

It libben fan Sjef van Dongen is in prachtich ferhaal. Terug uit de Witte Hel is de biografy fan in Brabânske jonge, dy’t eins by tafal in poalheld wurdt.

 

By my stiet ‘De Arcadia’ út 1928 yn de kast en ik haw it oait wol lêzen. Dat de Nederlânske poalheld Sjef van Dongen dêr ek in roltsje yn hie, wie ik fansels allang wer ferjitten.

Mar Adwin de Kluyver bringt Nan op de lappen yn syn biografy ‘Terug uit de Witte Hel – hoe poolreiziger Sjef van Dongen een nationale held werd’. Ik haw it krekt út, en ik sil it jim daliks mar sizze: it is in moai boek. De Kluyver beskriuwt it ‘arctisch toerisme’, dat begjin 20e iuw op gong komt. De âlde en de nije riken betelje tûzenen gûnen foar in cruise nei de Noarske fjorden en Spitsbergen, ‘een eenzaam oord op de rand van de geciviliseerde wereld’. In aardich útstapke foar de passazjiers is bygelyks in bluodderige harpoenjacht op walfisken. It fongen bist wurdt by Spitsbergen op ‘e wâl sleept ‘waar hij voor de ogen van de enigszins verbijsterde toeristen in stukken werd gehakt.’

It is de tiid fan ekspedysjes nei de Noardpoal, fan wa’t de earste is dy’t de nasjonale flage dêr yn it iis stekke kin. Der wurdt pionierd yn de loft om de 90 graden noarderbridte. Wittenskippers en aventoeriers reizigje mei skip, slide, fleantúch of zeppelin. Lang net elkenien komt werom. Des te spannender. Poalreizen sprekke ta de ferbylding. Wa’t soks doart, is in held.

Sjef van Dongen, de haadpersoan út it boek fan Adwin de Kluyver, wurdt in Nederlânske poalheld. Sûnt Willem Barentsz hiene wy der gjint mear hân, dus it waard ek wolris tiid.

Sjef giet yn 1923 mei syn âlders en broerkes en suskes nei Spitsbergen, hy is dan 17 jier. Heit is yn tsjinst by de Nederlandsche Spitsbergen Compagnie, dy’t mynbou ûntwikkelet en stienkoal út de grûn hellet. Mar al nei in pear jier giet it minder mei de NeSpiCo en moat de famylje van Dongen werom nei Nederlân. Sjef bliuwt mei in pear oaren yn Barentsburg achter om op it magasyn, de masines en de hûnen te passen. Der is net folle te dwaan, it is kâld, stil en meastal tsjuster. De mannen kaarte en drinke of lizze op bêd.

Mar dan gebeurt der wat. Yn 1928 stoart in loftskip del: de zeppelin Italia, mei oan board generaal Umberto Nobile en syn bemanning. Njoggen man sitte fêst op it pakiis, yn it noarden fan Spitsbergen. Der komme rêdingsaksjes op gong, en ek Sjef van Dongen wurdt frege om mei syn hûneslide de mannen te sykjen. Nei in wikenlange tocht, wêrby’t Sjef op it lêst syn eigen hûnen opite moat om te oerlibjen, wurdt hy sels rêden. De Italianen binne dan al troch oaren fan it iis helle.

Sjef wurdt yn Nederlân ûntfongen as in held. Tûzenen minsken wachtsje him op en sjonge him ta, hy krijt in fyts en in stúdzjebeurs, der wurde sigaren en pipermuntsjes nei him neamd. Hy makket in toernee troch it lân, wurdt oeral huldige. Yn Frjentsjer wurdt sels it Frysk folksliet foar him songen. Hy jout lêzings, skriuwt in boek. Syn poalaventoeren wurde mar al sensasjoneler, moaier as de werklikheid soms.

It libben fan Sjef van Dongen is in prachtich ferhaal. Terug uit de Witte Hel is de biografy fan in Brabânske jonge, dy’t eins by tafal in poalheld wurdt.

Nijsgjirrich is hoe’t Adwin de Kluyver weromgiet nei it Nederlân en de westerske maatskippij oan it begjin fan de 20e iuw. Bygelyks de frouljusemansipaasje en hoe’t de mannen dêrmei oan binne. Froulju wolle mear wurkje, studearje, se easkje stimrjocht, wolle minder bern. Foar it swiere mannewurk wurde masines útfûn. Hyltyd faker sitte manlju de hiele dei op kantoar, achter in buro. Spierballen, hoesa?

Mannen krije it dus dreech, wurde dêr ûnseker fan. Dus wat dogge se (alteast de dappersten): se sykje de wyldernis op, gean op ûntdekkingsreis nei de âlde manlike wearden. De poalstreek mei al syn gefaren, iisbearen en temperatueren djip under nul, is it ideale terrein foar it sterke geslacht om oan te toanen dat se it écht wol winne kinne. Moedich trochsette yn de striid tsjin de fijannige natoer, nettsjinsteande it risiko om dea te friezen of opfretten te wurden. Dát is de echte man.

Wat ek spilet, is de angst foar it morele ferfal. De Kluyver beskriuwt hoe’t yn 1928, eins tagelyk mei Sjef, sjongeres en dûnseres Josephine Baker foar optredens nei Nederlân komt. In sterke frou, dy’t mei har ‘luchtige kledij’ lak hat oan de protestântske noarmen. ‘Moeders verwijderen hun kinderen,’ stiet yn de krante, as ‘de sirene van de tropen’ yn Volendam ferskynt. ‘Amoreel, verderfelijk, obsceen, onfatsoenlijk’, dat binne wurden dy’t de kranten yn dy tiid brûke foar Josephine Baker. Wurden fan krityk dy’t de angst bedekke, net iens de angst foar it bleate, mar de angst foar wat der fierder noch achterwei komt. Men is bang foar ‘de ontaarding der wijfjes’. Se drage koart hier en koarte rokken, se smoke en drinke. Jild is der genôch, seks is leuk, it libben moat fierd wurde. Se lûke har nergens mear wat fan oan en de konfessionele man kin der mar net oan wenne. De froulju hiene yn 1919 it kiesrjocht al krigen, wie it no hast net klear mei dy emansipaasje? In kultuerfilosoof skriuwt begjin jierren ’20: ‘De moraal der tijden is week en vrouwelijk’.

Sjef van Dongen komt dus moai op tiid.

Adwin de Kluyver yn ‘Terug uit de Witte Hel’: ‘Precies op het moment dat er breed getwijfeld werd aan de deugdzaamheid van de jonge generatie én de dominantie en superioriteit van de man, meldde zich daar een jeugdig rolmodel die alle mannelijke, oer-Nederlandse eigenschappen als fysieke kracht, geestelijke weerbaarheid, moed, zelfopoffering en volharding belichaamde. In een tijd van groeiende massaconsumptie en verstedelijking was daar ineens een echte man die nog worstelde met de natuur en die tijdens zijn jarenlange verblijf op Spitsbergen nooit was bezweken voor de verleidingen van de moderne maatschappij. Het morele verval, dat overal om zich heen leek te grijpen, had op deze poolheld geen grip kunnen krijgen. En dat gaf de, vooral mannelijke, burger moed.’

De helden fan doe. Wylst ik tink dat de echte helden fan nó de minsken binne dy’t net meidwaan wolle yn in oarloch, oft it no giet om Syrië of Swarte Pyt, fyn ik it hearlik om te lêzen oer helden lykas Nansen en Amundsen, dy’t gewoan de striid oangongen. Sjef van Dongen wie eins in oar ferhaal. Want ek al waard der in held fan him makke, Sjef wie yn syn hert in gewoane, kwetsbere jonge.

‘Toen de Gelria vertrok en bij wijze van afscheid nog eenmaal toeterde, kreeg Sjef het te kwaad. Al het opgekropte verdriet van de afgelopen maanden kwam naar buiten. Terwijl het schip de baai uitvoer en de 250 passagiers zwaaiden, verstopte hij zich en huilde tranen met tuiten; om het gemis van zijn ouders, om de lange eenzame winters, om de financiële zorgen van zijn familie. Maar het was ook verdriet uit zelfmedelijden. Al die landgenoten zouden over twaalf dagen weer in Nederland zijn en hij bleef hier achter.’

Mar syn emosjonele ynsinking duorret mar in dei, skriuwt hy: ‘Vandaag heb ik me erover gezet. Ik zeg maar tot mezelf: Sjef, je bent geen jonkvrouw. Het leven is geen lolletje. En nu gaat het weer.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.