‘Te dammen de hele tijd’

KAREN BIES – 

Myn Grinzer beppe hat eartiids in kear in damboerd wûn, fertelt se. Se wie tsien jier, it wie feest op skoalle en se diene spultsjes. By de famkes gong it der om wa’t it rapste de wask op ‘e line hingje koe. Sy wie ien fan de âldsten út in grut gesin en wûn glânsryk dit wedstrydsje kniperjen. De earste priis wie in damboerd en in doaske houtsjes. Tenei knokten de broers en suskes alle middeis om wa’t it earst damje mocht.

 

Nee, it is net hormonaal. It is Jannes van der Wal.

 

Ek by ús thús learden we damjen fan ús heit, mar ik wie der net goed yn. Wol spitich want der wie ek in Bauke Bies, in echte dammer yn Grins. Ik haw him in kear sjoen, doe’t ik nachts mei freonen yn denksportcafé de Evenaar bedarre omdat der oars niks mear iepen wie. Jannes van der Wal kaam dêr ek. In maf lyts mantsje mei in grutte grijns. Ik doarde niks tsjin him te sizzen, want as net-tinksporter fielst dy al gau ûnnoazel yn sa’n hok fol skakers, bridgers en dammers, ek al is it nacht en hawwe beide partijen bier hân. Jannes van der Wal wie in prachtfiguer en hy is fierste jong stoarn, hy wie noch gjin fjirtich jier. Op 24 septimber is dat tweintich jier lyn.

Doe’t ik fan ‘e wike thúskaam hie M. in cd foar my kocht, dat docht er faker. Diskear ‘Jannes van der Wal’ fan Meindert Talma. It plestik fan Plato siet der nei in pear dagen nóch om, want ik hie hyltyd gjin tiid. Mar juster, wylst ik bûtendoar de wask ophong, klonk ynienen muzyk. Troch de iepen ruten hearde ik in gitaar dy’t in mankelyk deuntsje spile en in tedere stim dy’t song. De stim fan Meindert Talma gong my dwers troch alles hinne. It kniperjen woe net mear, ik smiet de wask del, ik moast nei binnen en fan tichtby harkje:

‘Tijdens z’n gymnasiumtijd raakt Jannes geobsedeerd door het dammen. Jannes zegt: ‘Een mens wordt geboren en een mens gaat dood. Daar tussenin bestaat er de mogelijkheid om te dammen, te dammen, te dammen de hele tijd.’ song Meindert. En dan it refrein: ‘Ja het is een speciaal geval: Jannes van der Wal.’

Ik hie dit net oankommen sjoen, wist even net wêr’t ik it sykje moast. Ik gong sitten op ‘e tafel foar de lûdsprekker en lústere twaëntwintich minuten lang. In ballade mei it libbensferhaal fan Jannes van der Wal yn tolve kûpletten.

‘Door het bereiken van zijn ideaal raakt Jannes geestelijk ontspoord. Op een avond gaat hij tekeer tegen twee agenten. Hij slaat volledig door. Jannes wordt gedwongen opgenomen in een psychiatrische inrichting. ‘

It liket sa in net te sjongen songtekst, mar by Meindert klinkt it natuerlik. It rymt en dan wer net, it kloppet en it libbet. Muzikaal meislepend, om te laitsjen en ûntroerend, it libben fan Jannes as in humoristysk-tryst gedicht.

‘Jannes z’n vader neemt het woord en zegt: ‘Jannes is nu gestorven, maar hij heeft geleefd en het is niet voor niets geweest.’

M. wit hokker muzyk foar my te keapjen, hy wit ek wannear’t hy it opsette moat. Mar wêr’t myn triennen dan samar weikomme snapt hy diskear net. Hy weaget it te freegjen: ‘Is het misschien hormonaal?’ en krijt de wyn fan foaren. Nee, it is net hormonaal. It is Jannes van der Wal.

Comments
Ien reaksje oan “‘Te dammen de hele tijd’”
  1. Peter Grey schreef:

    Wat een mooi stuk! (Sorry, ik kan geen Fries schrijven). En ja, de ballade van Meindert Talma is geestig, teder en ontroerend. Een vriendenlied.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.