Taspraak dep. Jannewietske de Vries

Publisearre op 10 november 2011

Achte oanwêzigen/Bêste minsken,

It moat my mar fuortendaliks fan it hert: einlings hat Durk van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis! Gelokkich, ik kin net oars sizze. At der ien de priis fertsjinnet, dan Van der Ploeg. Alle kearen neamd, nea wûn. Wat wie ik bliid dat ik Durk van der Ploeg lêsten moarnsbetiid belje mocht om him te fertellen dat er dizze priis krije soe.

Dêrmei is de erkenning realisearre fan in grut skriuwer, mei in grut oeuvre. No wie dizze erkenning der altyd wol, fan de lêzers, mar at je dan altyd op ien nei earst binne, dan kin ik my yntinke dat je wolris wat teloarsteld binne. Moai dat dizze sjuery ditkear fan de Gysbert Japicxpriis in oeuvrepriis makke hat mei dizze kar.

It wurd oeuvrepriis bringt my by de oplizzer, dy’t de sjuery skreaun hat by it advys oan it kolleezje fan Deputearre Steaten om Van der Ploeg de priis te jaan. Yn de oplizzer docht de sjuery inkelde rekommendaasjes oangeande it karakter fan dizze priis. It binne wize rekommendaasjes, dy’t ik jim net ûnthâlde wol. Yn it foarste plak advisearret de sjuery om fan de Gysbert Japicxpriis in oeuvrepriis te meitsjen. As twadde advisearret de sjuery: ferheegje de priis. It bedrach is no sa lyts, dat wy dêrmei it sinjaal ôfjouwe dat wy mar in lytse, minder wichtige taal hawwe soene. Set mar in nul efter dy € 5.000, klinkt it ek. Soks giet altemet wat al te rûch. Mar lit dúdlik wêze dat ek ik fyn dat der wat barre moat. Yn ús nije kultuernota sil dit in plak krije!

Om no al temjitte te kommen oan dit advys, hat it Kolleezje besletten om foar ditkear nochris € 5.000 beskikber te meitsjen. It bedrach kin brûkt wurde om in titel út it oeuvre fan de winner oer te setten yn it Nederlânsk. De titel kin keazen wurde yn de mande mei Tresoar en Van der Ploeg. In oersetting is in moai middel om lêzers yn oare parten as Fryslân yn de kunde komme te litten mei ús Gysbert Japicxpriis-winner. Hoe’t dit allegear komt, moat noch útwurke wurde. Mar wy hawwe as Kolleezje tocht dochs wat ekstra te dwaan.

Mei de Gysbert Japicxpriis as oeuvrepriis, sa as de sjuery oanjout, is der wol ferlet fan in twajierlikse literatuerpriis foar boeken dy’t de lêste twa jier publisearre binne. Neffens de sjuery kin Tresoar tegearre mei de útjouwers dizze nije priis organisearje en finânsjeel mooglik meitsje. De provinsje hoecht him der as oerheid dan net mei yn te litten. By dit priis kin dan ek wurke wurden mei in shortlist fan nominaasjes.

Jannewietske de Vries

kultuerdeputrearre

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels