Tankman

Publisearre op 3 december 2013

Achte hear Xiao Wang,

Samar ynienen skeat it byld my wer yn ’t sin: de man dy’t yn 1989 yn syn ientsje in hiele rigele tanks tsjinhold op it Tiananmenplein yn Peking. It wite boesgroentsje, de earms slap nei ûnderen, yn beide hannen in tas, en dêr stied er. Poerlike allinnich, in michje tsjinoer al dat wapentúch. Hy gie der net tsjinyn, hy rûn net fuort. Bleau gewoan stilstean, mei in freegjende blik. De kommandant fan de foarste tank wist net wat er dermei oanmoast, en sa wist tankman de hiele kolonne ta stilstân te krijen.

It is net jo etnyske achtergrûn, mar jo hâlding yn de beruchte ôflevering fan Holland’s Got Talent dy’t by my de oerienkomst mei tankman optwong. Dat stille stean, jo fatsoen hâlde, rêstich antwurd jaan op de driigjende fragen. Net tsjin dy smoarge rotgrappen yngean en likemin derfoar fuortrinne. Gewoan stilstean en beleefd wachtsje, de freegjende eagen rjocht yn de loop fan it kanon. It kontrast mei it ferbale masturbearjen fan Gordon koe net grutter.

It is hast net te leauwen hoe’t, mei troch jo optreden, yn in pear wiken tiid de hiele diskusje oer tolerânsje yn ús lân folslein kantele is. Alles wat we altyd sûnder skrupules dienen, fan Swarte Piet oant Sineesk plate, ynienen mei it allegear net mear. Omdat in pear soerprommen net begripe dat se har dy grappen net sa persoanlik oanlûke moatte.

Aldergelokst begriep ús út India adoptearre klasgenoat it froeger al wol. Dy hie sels de gek mei syn hûdskleur: ropte dat we him yn it tsjuster net fine koenen, dat alle swarten de bus út moasten as der in oare donkere man ynstapte. En wy laitsje! En deroerhinne fansels, mei negermoppen. Hy die it sels ommers ek, en sa mâl bedoelden we it net, ja. En dat wy him yn desimber  Swarte Piet neamden wie logysk en fûn er hielendal net slim. Sjochst wol.

Dy hâlding koe’k goed brûke, doe’t ik koartlyn op it Vrijthof noflik siet te iten mei in klupke minsken. Se kamen oeral út it lân wei, en al gau gienen de grappen oer tafel oer wat in Fryske klaaiklút eins yn it boergondyske Maastricht te sykjen hie. Ik hie der wol niget oan en die der noch wat skepkes boppe-op; dat ik yndied eins leaver rauwe jirpels út de grûn opfriet, dat ik hjoed foar it earst yn myn libben net op klompen rûn, ensa. De hearen mochten dus gerêst fierder gean mei grappen meitsjen oer Friezen. Ik die it sels ommers ek. It stigma fan ûnderûntwikkelde boeren yn de Fryske negerij bleau stiif oerein, dat wol. No ja, wat soe it. It wienen mar grapkes. Myn segen hienen se, oars hie it in drege jûn wurden.

Sa wurket dat dus mei ús tolerânsje. We lizze de ferantwurdlikheid by it slachtoffer del. Hý moat der mar mei oerwei kinne, hý moat derom laitsje, hý moat it net te serieus nimme, hý moat de humor derfan ynsjen kinne, it leafst moat hý mei selsspot noch in stapke fierder gean as wysels. Docht er dat net, dan is hý in jittikmiger, dan begrypt er ‘it’ net en dan leit it diskriminaasjeprobleem dus by hím.

Doe tocht ik oan jo. As jo by tankcommandant Gordon lilk wurden wienen en fuortrûn, hienen we it probleem dus by jo dellein en wie de hiele kolonne oer jo hinne dendere. Lykwols, as jo krekt as ik de draak stutsen hienen mei jo ôfkomst, dan hie it dikke mik west yn dy show. Jo hienen in topsinees west. Allegear laitsje, hannen op elkoars skouders slaan en hup, noch in opmerking deroerhinne. Krekt as by ús op it Vrijthof. Moai man. It hie it stereotype byld fan de Sineesk befêstige, en gjinien hie him ôffrege oft soks der net fier by troch is. No ja, wat soe it. Grapke, no.

Mar jo wienen tankman. En de hiele kolonne kaam ta stilstân. In folslein démasqué.

Sa moat it dus, mei dy rasistyske grappen. Net oan meidwaan, net tsjinyn gean. Gewoan de oar freegjend oansjen. Dan krijt dy oar fansels yn de rekken dat er him gedraacht as in lompe tank tsjin in beskaafd boarger.

Jo hawwe my de eagen iepene en ik wol jo tank sizze. Tenei haw ik allinnich noch mar de gek mei jirpels en klompen as ik dat sels wol, en oars net. Mei ik jo no ek noch gau ien lytse tip jaan? Ik lies dat jo fannewike mei in ferklearring komme wolle oer hoe’t jo dy tv-show belibbe ha. Ik soe sizze: net dwaan! Gewoan stil foar de loop fan it kanon stean bliuwe, de earms slap nei ûnderen. Dat leart ús it fluchst ôf.

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]