21 juli 2015
SIMON OOSTING - foar wa’t it nedich hat is de poëzij sei de rinnende man út de minen kaam er en dat koe ik hast net leauwe want de neiste minen binne dagen geans hjirwei we dronken in flesse út en hy fertelde oer de froulju by de see al haw ik dêr nea west sei er ik bin fan ’e [...]
14 juli 2015
SIMON OOSTING - al betiid rinne de fiskersboaten yn want boppe see berint de loft en op it wite fabryk by de haven skynt de sinne wyn ferwaait de stilte by it iepene rút bin ik tsjûge fan brekkende tiid se sitte krekt as alle dagen yn it skoft mei kofje en bôle út plestik trompkes kliemsk fan jam en woarst en [...]
17 september 2014
Op de webside by it skilderij komt it fers yn 4 faaks 5 talen, by eltse taal in eigen filmke. Dizze wurdt in foarpriuwke, yn it Ingelsk.
9 juli 2014
Op it stuit wurkje ik oan de ynfolling fan de QR-koade, rjochtsûnder op de skildering.
11 juni 2014
Earst in skilderij meitsje en dat dan bedrukke op in âlde drukpers. It wie spannend. It mocht net ferkeard gean en dat die it lokkich net. No noch yn in list sette en de link meitsje nei de digitale wrâld. En dy wrâld noch stal jaan. Healweis.
27 mei 2014
Sjueryrapport Douwe Tammingapriis foar debutanten 2014 Wy hawwe 14 boeken lêzen en op sjuerygearkomsten en fia email besprutsen. Wy binne Bart Temme, Karen Bies en Simon Oosting, en wy hawwe dit dien om te sjen hokker proazadebút út de jierren 2011 oant en mei 2013 de Douwe Tammingapriis winne moatte soe. Wat ús opfoel is dat teminsten seis fan de ynstjoerde boeken útjûn wienen in [...]
6 mei 2014
U-kapke wurdt in projekt dêr’t de letter Û yn sintraal stiet. U-kapke is letterlik it sintrum fan in skilderij op papier, mar ek de earste letter fan in fers. Yn leaden letters is it fers setten, no earst noch om út te finen op hokker wize it op it skilderij printe wurde kin. Mar it wurdt noch mear. U-kapke makket in wurd, wurden meitsje in [...]
19 maart 2014
De sjuery hat út mear as 70 ynstjoerings en foarstellen 26 keunsterns keazen dy’t mei harren plan en letter úteinsette meie. De sjuery wie ûnder de yndruk fan it nivo en de kwaliteit fan de ideeën. De 26 selektearre keunstners binne de kommende moannen fia de website fan de Moanne te folgjen yn harren wurk. Oan ’e hân fan ynterviews, fideo’s, sketsen en oare bydragen kinst it ûntstean fan [...]
6 mei 2013
ABE DE VRIES - requiem wês stil en harkje want dêr efter de tsjerkedoarren oan de râne fan de stêd en fierderop yn ’e romte fan it lân klinkt in grut orkest en sjongt in koar fan tûzenen kielen neffens de partituer fan de komponist in requiem molkeriders yn in lange rige besette de diken de tsjillen rûzje binne de [...]