De man út de minen

SIMON OOSTING – 

 

 

foar wa’t it nedich hat is de poëzij

sei de rinnende man

út de minen kaam er

en dat koe ik hast net leauwe

want de neiste minen binne

dagen geans hjirwei

 

we dronken in flesse út en hy fertelde

oer de froulju by de see

 

al haw ik dêr nea west

sei er

ik bin fan ’e ierde

út it djipste fan ’e sulverminen wei

ljocht is fan flikkerjende fakkels dêr

en altyd giel

 

ik sjoch dat hjir âlde inket

swart wurdt as bestjurre bloed

en dat it sleatswetter stjonkt en skommet

as it nei ûnderen streamt

nei de see dy’t ik dêr boppeút rûk yn de wyn

 

en ik wit der is gefaar hjir

dat fan it lân komt

fan efteren

sûnder rook yn ’e wyn op

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.