De lêste dei fan it fiskfabryk

SIMON OOSTING – 

 

 

al betiid rinne de fiskersboaten yn

want boppe see berint de loft

en op it wite fabryk by de haven

skynt de sinne

wyn ferwaait de stilte

 

by it iepene rút bin ik

tsjûge fan brekkende tiid

se sitte krekt as alle dagen

yn it skoft mei kofje en bôle

út plestik trompkes

kliemsk fan jam en woarst

en swije

 

mei de djippe eagen grauwe koppen

bleek fan it hurde ljocht en de kjeld

fan ranend iis

 

en as lytse Douwe

mei bôlekrommels oan it kin

seit ik fyn it mar neat

geane lilke eagen efkes oer

kâlde tichels

 

gjin wurd

 

en de wyn jaget

oars net as fiskrook oer de stêd

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.