Oarloch

KAREN BIES –   Foar myn beppe haw ik eigenmakke appelsmots meinommen, fan appels út in oar syn tún. Se is der bliid mei en fertelt hoe’t se yn de oarloch ek ris appels ruile hie. Grinslanner Sedelingen. Dy lei se foarsichtich yn in laad, los njonken elkoar, yn twa lagen mei papier dertusken, sadat se […]

Praatpeal

KAREN BIES –   De griene telefoansel is al fuort, de read-oranje brievebus hast. En no ferdwynt de giele praatpeal, uterlik yn 2017. Minister Schultz sjocht it nut der net mear fan yn, omdat elkenien in mobile telefoan by him hat en auto’s in ynboud alarmsysteem. ’t Is wier, it is lang lyn dat ik in […]

Bever

KAREN BIES –   Ik tocht dat ik in otter dearied. Mar doe’t ik út de auto stapte, seach ik dat it in murd wie. Like sneu, al is in murd gjin nijs, útsein stienmurden, as se de souder fan in gemeentehûs ferniele. In deade otter hie ik melde moatten by de Stichting Otterstation Nederland (SON) […]

De lêzende mins

De redaksje fan de Moanne siket foto’s foar de fotorubryk ‘De lêzende mins – De lezende mens′. De foto-opdracht is in frije opdracht mei as tema ‘De lêzende mins’. Alle bydragen ferskine online en de moaiste ynstjoerings nimme wy op yn ús blêd. Meidwaan? Stjoer dyn bydrage oan de rubryk ‘De lêzende mins’ nei reaksje@demoanne.nl en wy […]

Gjaltema

KAREN BIES –  De telefoan gie. It wie Bert Looper, licht oerémis. De eksposysje fan Fristho-meubels yn Museum Martena soe hast iepene wurde en se hiene te min. Oft se myn dressoir trije moanne liene mochten. Ik haw in prachtich Fristho-kastje en in swak foar Bert, dus sei ik ja. Myn bern fregen wêr’t har […]

Parkeargaraazje

KAREN BIES –  As jo ris ûnbehindere seks ha wolle yn in kelder, gean dan nei de nije parkeargaraazje Riedhúsplein yn Drachten. Dêr hat men alle romte en rêst dy’t men mar nedich hat, want it is dêr leech en fredich. It iennichste spannende wat dêr gebeurt is dat der alle oeren in klant fan […]

Hûn

KAREN BIES –  Syn eagen litte my net los. Troch de traaljes sjocht er my oan: ‘Wat haw ik ferkeard dien dat ik hjir sitte moat? Ik wurd gek hjir, fan dat lytse kefferke links en dy lulke rotsak rjochts. Doch de doar iepen en nim my mei.’ In smekende, mar tagelyk berêstende blik. Us […]

Sjueryrapport Douwe Tammingapriis

Sjueryrapport Douwe Tammingapriis foar debutanten 2014 Wy hawwe 14 boeken lêzen en op sjuerygearkomsten en fia email besprutsen. Wy binne Bart Temme, Karen Bies en Simon Oosting, en wy hawwe dit dien om te sjen hokker proazadebút út de jierren 2011 oant en mei 2013 de Douwe Tammingapriis winne moatte soe. Wat ús opfoel is […]

Kast

KAREN BIES –  Op keningsdei, de dei dat elk syn bern mei âlde rotsoai en in kleedsje oan de dyk set yn de hoop der in tsientsje oan te fertsjinjen, ferkocht ik myn boekekast. Net op strjitte, mar op ynternet. Ik woe ‘m kwyt want hy wie sa grut en naam tefolle ljocht wei, tocht ik. […]

Bibliotekaris

KAREN BIES –  De kachel baarnt en der hinget in swiere lucht fan opdroegjende klean. Ik hear it tikjen op in toetseboerd, it flústerjen fan bern, de hege stim fan de frou fan de ynformaasjebaly. Fierders is it rêstich. Ik sjoch om my hinne. Dit is ien fan de bibleteken dy’t skielk sluten wurde fanwege […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.