It Analoge Ambacht

Op snein 28 augustus presintearren ‘de Moanne’ en tydskrift ‘Noorderbreedte’ it Analoge Ambacht. Fjouwer teams fan skriuwers en fotografen dy’t harren ynspirearje lieten troch de fraach wat der gebeurt as it ljocht it papier rekket, en de pen? Harren wurk wie tidens it UIT Festival te sjen en te hearren yn de Pier Pander timpel […]

UIT Festival: It analoge ambacht

De tydskriften ‘de Moanne’ en ‘Noorderbreedte‘ presinteare tidens it UIT Festival yn Ljouwert tegearre it projekt ‘It analoge ambacht’. Fjouwer teams, besteande út in skriuwer en in fotograaf, presinteare tidens it festival de magy fan it ambacht as fotograaf en skriuwer. Dizze gearwurking sil op in bysûndere wize fertaald wurde nei fisueel proaza of poëzij. […]

Tsjoch!

INGE NICOLAIJ –  Der is dúdlik wat te fieren op de foto, dêr kinst net omhinne. Slingers, drank, blide minsken en sels in tekening fan in sjampanjeglês oan de muorre. Mar wat falt der te fieren? Soe heit werom kommen wêze fan in lange reis op see? Yn Nederlân is ûnder oaren oan it tal strepen op ien syn […]

Simmer

INGE NICOLAIJ –  Ik bin opgroeid yn it noarden fan Fryslân. Op it momint dat ik âlder waard, begûn ik myn omjouwing ferfeelsum te finen. Wat is hjir te dwaan? Der is neat. In pear jier lyn bin ik nei de stêd Grins ferhuze, dêr’t ik no trouwens noch altyd mei in protte wille wenje. Wol merk […]

Fotosjenyk

INGE NICOLAIJ –  As portretfotografe mei ik sizze dat ik geregeld immen foar de kamera stean ha. Guon minsken litte harren makliker fotografearje as oaren; neam it fotosjenyk. In soad minsken tinke dat fotosjenyk itselde is as moai wêze. Moaie minsken litte harren moai op ‘e foto sette. Boppesteande foto lit ús fuortendaalk sjen dat dat net altyd sa is. De frou dy’t […]

Stoer

INGE NICOLAIJ –  ‘Vloeipapiergewicht Koki de ‘Mepper’ en Prof. Bokser Ebi Eerste klas held op sokken.’ Ik bin nei alle gedachten noch net âld genôch om ‘eartiids’ te brûken, mar ik doch it dochs. Eartiids, doe’t ik likernôch deselde leeftyd hie as de jonge op ‘e foto, fûn ik it geweldich om my foar te dwaan as wat stoers. Der binne foto’s fan my […]

Puer

INGE NICOLAIJ –  Der wurdt faak sein dat de digitale revolúsje foar in bepaalde ‘nepheid’ soarget. Alles moat sa moai mooglik wêze. Yn reklames sjogge wy laitsjende minsken en gjin soargen. Yn tydskriften sjogge wy froulju yn’e fjirtich sûnder sellulitis. Photoshop. Dit fenomeen jildt net allinne binnen de kommersjele fotografy. Ek op sosjale media lykas Facebook sjogge wy inkeld hichtepunten: sjoch myn fakânsje […]

Neat

INGE NICOLAIJ –   Wat ferwachtsje jo te krijen as men seit dat hja neat hawwe wolle? 

Wat wolsto op dyn jierdei ha? 

Neat. Myn gefoel seit dat dizze fraach ek oan de man op de foto steld is. Lykas in soad mannen hoecht hy neat. Mannen hawwe gjin ferlet fan snypsnaarkes. Mannen wolle sokken, rûkersguod of wat oars dat se sels […]

Trije

INGE NICOLAIJ –  Ik herken dizze foto. Ik herken de kontoeren, de foarm en ek it tafreel. Ha ik yn it leger sitten? Nee. Wol hawwe ik ferskate kearen yn grutte groepen libbe. Grutte groepen minsken dy’t allegearre yn sels opsette tenten sliepten. Wy moasten allegearre nei deselde wc. De omstannichheden wiene oars as thús. ‘Earmhertich’ soene guon […]

Soer

INGE NICOLAIJ –  ‘Gemaakt op 26 juni 1937. 11 juni: Vader en moeder 25 j. getrouwd’   Elkenien hat de pronk oan. Sa te sjen hawwe de froulju ek knap wat tiid yn it hier stutsen. It yntrigearret my dat alle dochters itselde kapsel hawwe, lykas harren mem. Mannich famke soe anno 2014 de doar sa net út wolle, […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.