fotografy: Ruben van Vliet

UIT Festival: It analoge ambacht

De tydskriften ‘de Moanne’ en ‘Noorderbreedte‘ presinteare tidens it UIT Festival yn Ljouwert tegearre it projekt ‘It analoge ambacht’. Fjouwer teams, besteande út in skriuwer en in fotograaf, presinteare tidens it festival de magy fan it ambacht as fotograaf en skriuwer. Dizze gearwurking sil op in bysûndere wize fertaald wurde nei fisueel proaza of poëzij.

 

Wat bart der as it ljocht it papier rekket? En de pen?

 

Foarôfgeand oan it festival sil it wurk fan de fjouwer teams troch de stêd ferspraat wurde op affiches, as oankundiging fan de eksposysje op it UIT Festival. Tidens dy eksposysje yn de Pier Pander-timpel yn de Ljouwerter Prinserún is it wurk fan de skriuwers en fotografen te bewûnderjen.

Dielnimmende fotografen: Marin Leus & Thomas Jansen, Pieter Postma, Marc Henri Queré en Inge Nicolaij. Dielnimmende skriuwers: Marleen Nagtegaal, Sytse Jansma, Jaap Krol en Jan-Willem Dijk.

Kom op snein 28 augustus tidens it UIT Festival nei de Pier Pander-timpel en bewûnderje it wurk fan de skriuwers en fotografen. Want wat bart der as it ljocht it papier rekket? En de pen?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.