Stoer
Publisearre op 3 juni 2015
INGE NICOLAIJ –
‘Vloeipapiergewicht Koki de ‘Mepper’ en Prof. Bokser Ebi Eerste klas held op sokken.’
Ik bin nei alle gedachten noch net âld genôch om ‘eartiids’ te brûken, mar ik doch it dochs. Eartiids, doe’t ik likernôch deselde leeftyd hie as de jonge op ‘e foto, fûn ik it geweldich om my foar te dwaan as wat stoers. Der binne foto’s fan my mei pylk en bôge, foto’s ferklaaid as sumowrakseler of piraat. As it mar stoer wie, leafst eat dat mei fjochtsjen te meitsjen hie.
Mar wat is it datsto as jonkje of famke, sa graach stoer dwaan wolst. Sit dat yn ús bloed? Sit it stoer wêze en it fjochtsjen yn ús DNA? As it antwurd yn dizze foto sitte moatte soe, dan tink ik oan it tsjinoerstelde. De jonges binne dúdlik foar de foto sa delsetten: “Fûsten foar dy hâlde!” Koki stiet derby as docht er in gek ritmisch dûnske en Ebi liket earder ferlegen. Net as in jonge dêr’tst bang foar wurde soest.
Miskien giet dizze foto net oer geweld, mar mear oer derby hearre wolle en dysels bewize wolle. Do wolst elkenien sjen litte hoe stoer ast bist. En as ik der oer neitink; binne wy dêr miskein net ús hiele libben mei dwaande?
Fotografe Inge Nicolaij sammelet âlde famyljefoto’s en besprekt alle moannen foar de Moanne in foto út har samling.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - 'Ik streef naar een zo sober mogelijk beeld' Stephan Vanfleteren (Kortrijk 1969) is in ferneamd fotograaf yn België. Hy studearre fotografy [...]
MARITA DE JONG - (foto: Linus Harms) Iconen die de tand des tijds kunnen doorstaan Corbino (ps. Maarten Corbijn van Willenswaard, Strijen 1959), broer fan [...]
Kategory: Fotografy
'Lezen te midden van alles' - foto Traci White: www.traciwhitephoto.com