Puer

INGE NICOLAIJ – 

Der wurdt faak sein dat de digitale revolúsje foar in bepaalde ‘nepheid’ soarget. Alles moat sa moai mooglik wêze. Yn reklames sjogge wy laitsjende minsken en gjin soargen. Yn tydskriften sjogge wy froulju yn’e fjirtich sûnder sellulitis. Photoshop.

Dit fenomeen jildt net allinne binnen de kommersjele fotografy. Ek op sosjale media lykas Facebook sjogge wy inkeld hichtepunten: sjoch myn fakânsje ris. Sjoch ris nei de goeie sifers dy’t ik helle haw. Sjoch my mei myn geweldige baan. Sjoch ris hoe goed myn bern it hawwe. En ús hûn.

 

Dizze foto is foar my it byld fan in perfekt gesin.

 

Dat bringt my by dizze foto. As dizze foto juster nommen wie, dan hienen hja nei alle gedachten wat ôfkarrend nei it skermke fan de kamera sjoen.

Klik: ‘Wilt u deze foto verwijderen?’ 



Klik: ‘Oké’. 



Elkenien moat wol laitsje! Efkes de pake- en beppesizzers rêstich krije en dan noch mar wat klikjes. Earder gie dit fansels net sa maklik. Do kinstst net in hiel roltsje opmeitsje oan ien foto, dat is te djoer. It resultaat is dizze rommelige foto.

Ik ha gjin dúdlike miening oer it oer-perfeksjonearen fan alles. Oan de iene kant fyn ik dat elkenien him net sa drok meitsje moat en hâld ik sels mear fan bylden dy’t sa echt mooglik binne. Oan de oare kant begryp ik it wol. Wy wolle allegear aardich foar de dei komme en elkenien hâldt fan moaie dingen en minsken. En ‘moai’ ferkeapet.

Wat ik wol wit, is dat dizze foto foar my it byld is fan in perfekt gesin. Yn it sintrum in strieljende mem yn it sintsje, mei in oprjocht glimke. 

Puer lok, en gjin Photoshop.

 

Fotografe Inge Nicolaij sammelet âlde famyljefoto’s en besprekt alle moannen foar de Moanne in foto út har samling.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.