Eeltsje Hettinga ferkeapet goed
Publisearre op 4 februari 2013
Fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga binne yn trije moanne tiid mear as de helte ferkocht. Ofrûne wike gong it 160-ste eksimplaar de doar út. Fan de bondel, útjûn troch de stichting Gerben Rypma, waarden 250 stiks printe. De grutste haal die de útjouwer by de presintaasje fan it IKADER-boek, ein oktober yn Blauhûs-Parregea doe’t yn ien klap in lytse santich bondels ferkocht waarden.
Hille Faber fan de Stichting: ‘It hat foar ús in aventoer west om dizze útjefte op ’e noed te nimmen. Poëzy is in marzjinale saak, alhielendal yn it Frysk. De útjefte fan IKADER – de bondel is ek te keap is by Museum Belvédère en by galery De Vries yn Ljouwert – docht it merakels. En dat yn in tiid wêryn’t it Frysktalige boek it mear as dreech hat.’
De Gerben Rypma Stichting wie twa jier ferlyn ek ferantwurdlik foar de útjefte fan de súksesfolle, troch Eeltsje Hettinga skreaune biografy Gerben Rypma, de keunstner fan dûbele krús. ‘Fan de 650 boeken dy’t wy dêrfan printsje litten ha, binne noch in 50 stiks oer. Hast in fyfde part dêrfan is nei Amearika en Kanada gien. In soartgelikens risseltaat stribje wy mei IKADER nei.’
Troch de foarmjouwing fan de bondel – keunstner Sjoerd de Vries makke de tekening foar it omslach – de wize fan presintaasje, de distribúsje en it foardiel dat de stichting in lytse organisaasje is dy’t fluch, hurd en linich wurkje kin, rint it mei IkADER as it spoar. ‘As dat sa trochgiet, dan binne wy de oplage dit jier kwyt,’ seit Faber.
De stichting Gerben Rypma is op dit stuit drok mei de tariedings fan de fyfde kulturele midsimmerjûn, diskear yn Westhim ûnder Blauhûs. Op de lêste, yn Sânfurd holden midsimmerjûn wienen de Flaamske kultuerhistoarikus en bestsellerauteur David van Reybrouck en skriuwer-dichter Maarten Inghels te gast.
‘Foar dit jier hawwe wy trije grutte nammen kontraktearre, ûnder oaren de Flaamske dichteres Delphine Lecompte. Yn 2010 krige se de C. Buddingh’-priis en in jier letter ‘De prijs voor Letterkunde van West-Vlaanderen’. By dizze nije edysje fan de midsimmerjûn yn Westhim sil ek de bondel IKADER fan Eeltsje Hettinga te keap wêze.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij
HARMEN WIND - BESIKING In beam draacht mear as er opnimt. Sa kin, wylst er al kroant ûnder syn eigen leaf, in kloft [...]