Presintaasje dichtbondel Eeltsje Hettinga

Sneon 27 oktober, middeis 16.00 oere krije de dichter-essayist Martin Reints  en de dichter-skriuwer Elmar Kuiper yn de Johannes de Dopertsjerke yn Parregea de twa earste eksimplaren oerhandige fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga, útjûn troch de Gerben Rypma-stifting.

De manifestaasje fynt plak tidens in troch de stifting organisearre literêr-kulturele kuiertocht dy’t fan Blauhûs út wei, oer Greonterp, Hieslum, Arkum nei Parregea rint en wer werom. Underweis fertelle Tjitte en Sytse Bouwhuis in tal folksferhalen, sa’t se dy trochdien krigen hawwe fan har heit Jan Bouwhuis, ien fan de wichtige boarnen fan de skriuwer en samler fan Fryske folksferhalen, Ype Poortinga. Nei de weromreis oer Hieslum en Greonterp is der in noflike neisit yn kafee ‘De Freonskip’ yn Blauhús, it kafee dêr’t oait Gerard Reve op in middei foar tûzen Euro oan drank bestelde by kastlein Teake Witteveen.

‘Allinnich kin ik folle hurder’
Eeltsje Hettinga skreau foar de Gerben Rypma stifting de súksesfolle biografy Gerben Rypma – de keunstner fan it dûbele krús. Syn debút, de dichtbondel Akten fan Winter (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Dêrnjonken krige er foar syn poëzy tal fan kearen de Rely Jorritsmapriis.

 Hettinga hie gjin nocht om oardel jier of langer te wachtsjen op de útjefte fan syn nije bondel, wachttiden dy’t sa linkenlytsen wizânsje wurden binne yn de Fryske útjouwerijwrâld. Likemin hie de dichter nocht om de útjefte sels te bestuiverjen, in ferskynsel dat binnen de Fryske skriuwerswrâld – o gotspe, o mislediging – wat langer wat mear it gefal is. ‘Op dat soarte fan ûntmoedigingen, om mar net te sizzen snútslaggen, dêr’t it wrakke provinsjale literatuer- en kultuerbelied foar in net lyts part oan mandélich is, sit ik net te wachtsjen,’ seit de eigensinnige Hettinga. ‘Trinus Riemersma silger sei it al: “Allinnich kin ik folle hurder.” En dat jildt yn dizzen dan benammen foar de Gerben Rypma stifting.

’

De stifting, lyts en linich yn har ûndernimmen, naam de útjefte fan IKADER foar rekken, soarge foar in folslein dekkende finansiering fan dizze mânske bondel – 88 siden – en hie de hiele put wurk in no time foar inoar. Apart foar dizze nije poëzybondel fan Eeltsje Hettinga makke skilder Sjoerd de Vries it byldwurk (omslach-yllustraasje), wylst foarmjouwer Gert Jan Slagter it gehiel in singelier moai uterlik joech.

De literêr-kulturele kuiertocht Blauhûs-Greonterp-Parregea op sneon 27 oktober begjint om 13.00 by kafee De Freonskip yn Blauhús. Kosten €. 6,00 p.p. Goed fuortark meinimme.

It bywenjen fan de presintaasje yn de oarspronklik roomske Johannes Dopertsjerke fan Parregea is fergees en begjint om 16.00 oere. 

Graach namme en tal persoanen trochjaan.

– Skriftlik: V.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs
- E Post: gerbenrypma@home.nl
– Telefoanysk: 0515-579476 / 542352 (om-ende-by 18.00 oere)

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.