It bist dat as de minske wurde woe

LOLKJE BOUMA – 

Bobo de aap oersjocht fan út syn beam de minskewrâld. Hy fynt minsken mar nuveraardich, mar hy is ek o sa nijsgjirrich. Want hoe soe it wêze om by de minsken te hearren? Op in dei sjocht er ûnder him in pearke frijen yn’e fiver. Bobo pakt syn kâns en lûkt gau de klean oan dy’t oer de grûn lizze. Dit moat it ferskil meitsje! No kin er him ûnder de minsken bejaan.

 

Bobo is der fan oertsjûge dat de minske geniaal wêze moat, want ‘wa komt oars op it idee om syn poaten te ferfangen troch tsjillen en rôljend fan it iene nei it folgjende plak te reizgjen?’

 

En it wurket, sagau’t er de klean oan hat is der nimmen dy’t mear de aap yn Bobo werkent. Útsein Spûky, de hûn fan Norbert Schnabel, dy’t Bobo opfangt en ûnderdak jout. Spûky hat lykas Bobo harsels praten leard en wol ek o sa graach in minske wêze. Dit soarget foar in haat-leafde ferhâlding tusken de twa bisten.

Mei In aap klimt út ‘e beam wit Koos Tiemersma op humoristyske wize krityk te jaan op it hjoeddeiske politike klimaat. En syn krityk liicht der net om. Oneliners en populisme winne it fan ynhâld en wiidweidige redefierings. Norbert Schnabel yntrodusearret Bobo by de Nije Partij, in populistyske politike partij – of nee, beweging! In wol hiel eksplisite ferwizing nei de PVV – dy’t neat ha moat fan bûtenlanners. Bobo, mei syn lytse wurdskat, seit op it goede momint de goede wurden en foar’t er it goed en wol yn ‘e gaten hat, wurdt er ferkeazen ta listlûker en is er in nasjonale bekendheid. Mar foar’t er listlûker wurde kin, moat der fansels earst wat oan syn uterlik dien wurde. Syn hier wurdt blondearre, want ‘minsken falle tsjintwurdich op lieders mei in opfallend prúkje’. Alwer in net al te subtile ferwizing nei mannen as Trump en Wilders.

Fan út it each fan Bobo set Tiemersma fraachtekens by alles wat wy as minsken hiel gewoan fine. Om’t Bobo der as aap bûten stiet is neat foar him fanselssprekkend. Útdrukkings en sprekwizen binne him frjemd. Tagelyk lit Tiemersma sjen hoe’t de minske faaks allinnich heart wat er graach heare wol. Bobo’s beheinde wurdskat wurdt troch syn omjouwing sjoen as mysterieus en djipgeand. Syn bedoeling wurdt foar him ynfold. Ûnoazelens wurdt oansjoen foar wiisheid.

In goed foarbyld is it fragmint wêr’t Bobo by Ad Salari fan de Nije Partij yn’e auto sit en dizze grapkes makket oer ‘Jan Lul’. Bobo tinkt lykwols dat it oer in besteande persoan giet, mar dit hat Salari op syn beurt net yn’e gaten:

“Wa is Jan Lul?”

“Haha! Jan Lul triuwt elke tiisdei om sân oere de kontener by de wei en set dan mei in brochje dat de frou klearmakke hat ôf nei de baas. […]”

“Wêr wennet er dan?”

“Yn in rychje, net frijsteand. Fansels yn in buert sûnder rook of smaak. Krekt te min parkearplakken en ien boartersplak op hûndert wenten, want sa is dat berekkene troch it Buro foar de Statistyk.”

“Is menear Lul ek lid fan ús partij?”

Salari syn kop belûkt. “Bedoelst dat ik mei wat mear respekt oer him prate moat? Mmm, hast gelyk. Want Janneman is yndied ien fan ús potinsjele kiezers.”’

Fansels moat Bobo der as listlûker ek oan leauwe en him dwaande hâlde mei sosjale media. Alle politike statements wurde hjoeddeis op Twitter setten. No kin Bobo wol prate, mar lêze en skriuwe slagget him net. Útsein syn eigen namme krijt er neat op papier. Mar ek dat falt gjinien op. As jo mar wat roppe en raze, dan folgje minsken jo wol, sa liket Tiemersma hjir mei sizze te wollen.

It minskeras komt der yn Tiemersma’s boek net sa goed fan ôf. Foarynnommen en oertsjûge fan syn eigen superieurens. Mar wat makket ús better as oare bistesoarten? Bobo is der fan oertsjûge dat de minske geniaal wêze moat, want ‘wa komt oars op it idee om syn poaten te ferfangen troch tsjillen en rôljend fan it iene nei it folgjende plak te reizgjen?’ Mar syn soartgenoaten yn de bistetún fine de minske mar in ‘fallen apesoart, in kânsleas sydspoar’. Tiemersma liket foar dit lêste stânpunt te kiezen en lit ek Bobo eintsjebeslút ta de konklúzje komme dat hy, troch him as minske foar te dwaan, der ‘gjin bettere aap’ fan wurdt. Oan jins natuer falt boppedat net te ûntkommen. As er in wyfke sjocht dan wol er mar ien ding. Mar eins binne minsken en apen dêryn gelyk, as jo nei de personaazjes sjogge. Ad Salari rint hast blyn achter sekretaresse Leida oan en sels de kreaze listlûker fan Ald Rjochts, dy’t noarmen en wearden heech yn it findel draacht, hat in affêre mei ien fan syn meiwurksters.

In aap klimt út ’e beam lêst as in trein. It is flot skreaun, humoristysk en werkenber. Somtiden binne de petearen tusken Spûky en Bobo, benammen de sênes wêryn’t Spûky Bobo lêzen leart, wat te ûnrealistysk, mar it docht oan it ferhaal net ôf. Troch de bisten oan it wurd te litten soarget Tiemersma foar genôch ôfstân om syn krityk oerkomme te litten, sûnder dat it in pamflet wurdt. De boadskip hellet syn krêft út de werkenning en bliuwt oerein troch it absurde dat beneamd wurdt. It lit minsken mei oare eagen nei harsels sjen.

 

In aap klimt út ’e beam, Koos Tiemersma, Friese Pers Boekerij, € 17,99

Comments
Ien reaksje oan “It bist dat as de minske wurde woe”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.