Kursus kreatyf skriuwen op Skylge

SITO WIJNGAARDEN – 

Kommend wykein fan freedtejûn 5 juny oant sneintemidje 7 juny organisearret de Folkshegeskoalle Skylge in kursus kreatyf skriuwen op it eilân. In kreatyf wykein om frisse ideeën op te dwaan. Foar elts dy’t ferhalen of gedichten skriuwe wol en al skriuwt. De begeleiding wurdt jûn troch Jelma Knol en Piter Boersma. Yndividuele begelieding en Skylge as ynspiraasjeboarne stean dit wykein sintraal.

Jelma Knol: “Omdat Piter Boersma en ik mei ús twaen binne, kinne wy mear yndividuele begelieding jaan en ek makliker differinsjearre wurkje. De iene kursist is ommers al langer dwaande as de oar, de ien publisearret al, in oar skriuwt fral foar himsels. Beide soarten kursisten wolle wy har gerak jaan. It giet om it fersterkjen fan dyn skriuwtalint. Dêr binne in hiel soad helpmiddels foar. Wy dogge dat op in positive manier: troch feedback te jaan. Want elkenien dy’t skriuwt, wol wolris kommintaar op syn wurk.”

 

‘Ast kreatyf skriuwst hast alle frijheid om in ferhaal en gedicht sa oan te pakken ast sels wolst. Hoechst dy neat fan foarskriften oan te lûken, ast dêr gjin nocht oan hast. Mar it is wol handich ast weet hast fan skriuwtechnyk.’

 

“Nije skriuwtalinten fine it faak wichtich as se yngeand kommintaar op har wurk krije. Mar ek skriuwers mei ûnderfining fine it noflik as se kommintaar en suggestjes krije. Guon skriuwers begjinne hiel goed en rinne dan nei in pear boeken fêst yn har eigen rûtine. Krekt dan kin it hiel goed wêze ast dyn skriuwen werris goed opfrisse kinst troch der op in hiel oare wize mei dwaande te wêzen. De kursus is dus perfoarst net allinne foar oankommend talint!”

By de kursus kreatyf skriuwen wurdt de omjouwing fan Skylge safolle mooglik as ynspiraasjeboarne brûkt. Neffens Jelma Knol is der mei in eilân en de natoer noch folle mear te dwaan: “Sjoch, rûk, fiel, harkje, priuw as dat kin, mei oandacht. Sokke skynber ienfâldige opdrachten jouwe wy en dan keppelje wy der in skriuwopdracht oan fêst. It resultaat wurdt plenêr besprutsen. Dêrneist jouwe wy oan kursisten ek skriuwtechnyk: hoe giest mei fertelperspektyf om, wannear brûkst in bepaalde skriuwstyl, hoe boust in personaazje op.”

“Ast kreatyf skriuwst hast alle frijheid om in ferhaal en gedicht sa oan te pakken ast sels wolst. Hoechst dy neat fan foarskriften oan te lûken, ast dêr gjin nocht oan hast. Mar it is wol handich ast weet hast fan skriuwtechnyk. Wannear’tst bepaalde technyske feardichheden goed yn de fingers hast, kinst der ek better mei boartsje. Itselde jildt foar kennis fan de literatuer en literêre ûntjouwingen yn de rin fan de tiid. Kinne wy no noch krekt sokke wiidweidige natoerbeskriuwings wurdearje as yn de 19de iuw? Of wolle wy hiel wat oars? Hoe beynfloedt de trochgeande digitalisearring dyn skriuwen. Sokke fragen komme ek oan de oarder.”

De kursus kreatyf skriuwen is foar elk dy’t Fryske ferhalen of gedichten skriuwt en graach wat stipe en begelieding hawwe wol. Jelma Knol is redakteur en skriuwster fan koarte ferhalen en kollums. Earder wie se – tweintich jier – redakteur Fryske literatuer by útjouwer Friese Pers Boekerij. Pieter Boersma is skriuwer en dichter en redakteur fan Ensafh. Hy is as útjouwer en redakteur belutsen by Utjouwerij Hispel.

 

Kinst dy oant kommende freed noch opjaan foar de kursus ‘Kreatyf skriuwen’. Mear ynformaasje? Sjoch op de webside fan de Folkshegereskoalle Skylge.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.