Poetic Potatoes

Begjin oktober binne foar it twadde jier gedichten foar it projekt ‘Poetic Potatoes’ ferstjoerd nei Malta. Under tafersjoch fan wethâlder Boukje Tol fan de gemeente ’t Bildt binne de gedichten fan Sannemaj Betten, Albertina Soepboer, Wilco Berga, Bartle Laverman en Arjan Hut op transport set nei Valetta. ‘Poetic Potatoes’ is in projekt fan de Stichting Bildse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018de Moanne fersoarge de seleksje fan de gedichten. 

No tongersdei 5 novimber om 20.30 oere yn de Westerkerk yn Ljouwert is de feestlike premjêre fan de ‘Poetic Potatoe’-films dêr’t de Moanne fiif filmmakkers opdracht ta joech. Heleen Haijtema, Elmar Kuiper, Piter Hettinga, Sytse Jansma en Richard van der Laan, lieten har ynspirearje troch de ‘Poetic Potatoe’-gedichten en makken fiif bysûndere films dy’t op it Media Art Festival yn premjêre gean. De films sille ynkoarten ek te sjen op de webside fan de Moanne.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.