’t Graan skiet in de aren

Publisearre op 17 februari 2020

ARJAN HUT – 

De jûn foar Falentynsdei liezen tsien Friezen yn it OBE-paviljoen in favoryt gedicht of fragmint foar oer it Fryske Lânskip. Alteast, sa wie de bedoeling. It ien en oar stie yn it ramt fan de útstalling ûneinige beweging, oer it skilderwurk fan JanMurk de Vries (1919-2015). Bûten reinde en waaide it, yn it paviljoen wie it waarm en droech.

 

Wurk fan Eppie Dam, Syds Wiersma of Abe de Vries? Dien de Boer har anty-wynmûne poëzij? Dizze jûn wie smûk, mar ek wat te hapsnap. De opset lykwols, smakket nei mear.

 

Op de muorre achter it kateder in gedicht, dat begjint mei de wurden ’te reageren op zijn tijd / gestalte daaraan gevend / ondanks onzekerheid / in hemzelf’. De Vries syn wurk ferskynde ek wolris yn it eardere blêd Hjir en hy skildere by gedichten fan Sybe Krol (1946-1990). Krol syn libbenspartner, muzikant en sjonger Roel Slofstra siet yn it publyk. Spitich dat nimmen de konneksje mei dichter Krol makke yn syn of har presintaasje.

Der wiene goed fyftich besikers, nijsgjirrich nei de útsochte fragminten. Fan de tsien lêzers, wiene it de beide Willems (Winters en Verf) dy’t in fragmint út eigen wurk keazen. Beide op har unike wize fermaaklik, mar wie dit de bedoeling? Verf kaam sels werom foar in tajefte en lies nochris út eigen wurk. Winters hâlde it fral koart: “It lân is leech / Ik rin nei Heech”. Ek hy die trouwens in tajefte, en lies in gedicht skreaun troch de doe 13-jierrige Gina Loodsma: “De dijk / is gedicht.” Muzikant Tsead Nauta spile tusken de bedriuwen troch ymprovisaasjes nei oanlieding fan de foarlêzen fragminten. Nei Winters hâlde er it by it oanslaan fan ien akkoard. By Verf fariearre er subtyl op it Frysk folksliet.

Teake Oppewal pakte it tema goed op mei syn kar foar Elmar Kuiper syn Myn lân. In modern Frysk fers fan in aktive Fryske dichter, dy’t yn petear giet mei it lân, dat ta in ‘griene woastyn’ ferwurden is. De lânskipspine spat derfan ôf, it is likegoed sykjend en hifkjend – de dichter is gjin skôger, mar ien mei it lân. Dêr’t oare poëten yn Nederlân en Flaanderen mei yoga-hokus-pokus en wat al net mear besykje it bewuste los te litten en mei in werskepen taalgefoel de ynteraksje mei de community oan te gean, ûnderskiede in soad Fryske dichters fan no har mei it bewarjen fan in ferdwinend lânskip yn in stjerrende taal.

Hielendal ien mei de útstalling, wie de presintaasje fan Alex de Jager. De Afûk-direkteur wie de iennichste dy’t in dichteres foar it fuotljocht helle, te witten Baukje Wytsma. “Doopje dyn pinsiel yn wetter en begjin mei it blau,” sa set har fers Lânskip útein. Wurden fol farve en kleuren, dat útrint op “en bewarje it wyt foar it ûnbekende.”

“Ik soe it lânskip wolris freegje wolle, ‘Hoe giet it’,” sei Pieter Stellingwerf, man fan BUOG en SULT. Slute moai oan by de kar fan Oppewal. Oan it begjin fan de jûn waard al ferwachte dat Obe Postma grif útsocht wurde soe, en dat wie ek sa, Stellingwerf lies Yn maart. Earder hie Frysk diktee-winner Wopkje Bergmans de âlde Postma syn Dykhúskes lêzen, en as tajefte stoef rymjend wurk fan Wybren Altena en Age Tanja. Pytsje de Graaf, wethâlder yn Noardeast Fryslân, socht in gedicht fan Willem Tjerkstra út, Eachweid. Hoewol, socht, it gedicht hie har fûn, sy wie der tsjinoan rûn.

Douwe Kootstra keas foar Feanwâlden, fan Theun de Vries, mei wurden swier fan in libbenslang langstme nei de âlde lânsdouwe, it ivich wollen fan ‘it oare’. Sels as yn Feanwâlden, soe Theun de Vries Feanwâlden misse. Ek oare talen fan it Fryske lân klonken, Femmy van Venen lies in ‘old fertellechien’ yn it Stellingwerfsk, in mearke oer it ûntstean fan de sândunen. Froukje de Jong-Krap, planetariumdame en foarsitter fan it EBLT, lies twa gedichten fan Jelle Dirksz Krottje (1984-1959), ûnder oaren Seumer op ’t Bildt: “’t Is seumer In ’t Bildtse Iând / Met rykdom weer an alle kant / At ’t bolle wyntsy waait / Gaat ’t flas in baren / De orten binn’ met bloei besaaid / ‘ t Graan skiet in ‘e aren”.

Tresoar oan it begjin fan de jûn. Net in raar punt, der wurdt ommers in soad skreaun en dizze opset wie nijsgjirrich, ek om te sjen wat der lêzen wurdt en wat lêzers wurdearje. Mar mei al dy skitterjende, skrinende, konfrontearjende gedichten dy’t skreaun binne en skreaun wurde troch Fryske taalkeunstners, foel de rispinge by einsluten ôf. Wêr wie bygelyks Requiem fan Simon Oosting, de Funeral blues fan it Fryske lân? Wurk fan Eppie Dam, Syds Wiersma of Abe de Vries? Dien de Boer har anty-wynmûne poëzij? Dizze jûn wie smûk, mar ek wat te hapsnap. De opset lykwols, smakket nei mear. In oere literatuer, brocht troch ferskillende gasten – wat is by einsluten oanstekliker as entûsjasme?

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels