Sytze Pruiksma: Shakespeare hâldt ús in spegel foar

KAREN BIES –

De studio fan Sytze Pruiksma. Rûnom ynstruminten – in piano, pauken en oar perkusjewurk. In frjemdfoarmich houten blaasynstrumint mei fersierings, yn ’e hoeke stiet in oargeltsje út Yndia.

It sicht troch it finster is it fûgellân en de toer fan Jorwert.

It lûd fan Macbeth komt út de kompjûter. Sytze: ‘It is noch net mikst. It is pianolûd dat de sfear oanjout, ik moat it noch útwurkje mei strikers en blazers. Dit binne allinnich noch mar sketsen foar my. Ik meitsje ferskillende tema’s dy’tst trochinoar hinne rinne litst, krekt as yn in symfony. It past hielendal yn elkoar, fertikaal, horizontaal. Macbeth is ien tema, in personaazje. Mar in tema kin ek wêze in gefoel, in siel fan in personaazje.’

Macbeth is it ferhaal fan de Skotske kening yn de midsieuwen dy’t ferbline troch ambysje oan it moardzjen slacht, oantrune troch syn frou. Sytze: ‘It is in monumintaal stik omdat it ek oer ús giet, oer dy en oer my. Wat ik deryn lês is dit: ik bin Sytze, slachwurker. Mar miskien ek wol moardner. Ik ha ferskillende karakters yn my, elk minske hat dat. Mar wy witte dat net fan elkoar. As de needsaak en de driften echt komme, binne wy ta hiele gekke dingen by steat. Dat sjogge wy om ús hinne yn oarloggen en oare ellinde. Net te leauwen soms hoe slim, mar dat is wol de minske. Yn in oarloch besykje wy te oerlibjen. Ast oerlibje wolst, sjitst werom! De tsjinstelling tusken ‘goar’ en ‘geef’, it tema yn it stik. Wy hawwe dat fize, dat goare ek yn ús.

Macbeth is in spegel foar ús as minsken. Ik skrik der soms fan hoe’t Shakespeare dat opskreaun hat, mar hy hat wol gelyk en it is noch altyd aktueel. Wy hawwe it oer beskaving. Net allinnich fan binnen, it hat ek te meitsjen mei hoe’t wy mei keunst omgeane. Wy ha keunst nedich foar refleksje, om nei ússels te sjen. As dy refleksje der net is, kinne minsken noch ferskriklikere dingen dwaan. It is in kar dy’t minsken meitsje. Keunst is gjin linkse hobby, it leart ús beskaving.’

Sytze fertelt hoe’t hy as komponist oan it wurk giet: ‘Ik krij bylden by it skript, ik gean op in eigen eilantsje sitten en hear en sjoch dingen fanút mysels. Ik meitsje yngongen foar de muzyk, kreëarje myn eigen idioom. Fansels praat ik mei regisseur Ira Judkovskaja. By de eardere Shakespearefoarstelling ‘Kening Lear’ gongen wy fier werom yn de tiid en keas ik âlde ynstrumintaasje. Macbeth spilet yn it doe én no, dat jout my frijheid. Ik wol mei elektroanika wurkje. Bygelyks de piano achterstefoaren hearre litte, in klank fan sacht nei lûd, ‘reverse’, dêr’t ik in protte gebrûk fan meitsje. Pauken fyn ik belangryk. Ik doch wat ik passend fyn, en dat giet faak puer yntuïtyf.’

It karakter fan Macbeth kin Sytze better yn muzyk as yn wurden omskriuwe. ‘Ik boartsje ek mei syn namme, Macbeth. Ik brûk it tema a-c-es. De noaten a en c sitte yn ‘Mac’, dy e mei in mol symbolisearret de ‘wringing’: der stiket wat by dy man. Dus troch dy es krijst in fermindere trijeklank. Dat past hiel goed by syn karakter.

Do hearst dat er mei dingen yn syn kop omspoeket. Macbeth is dermei oan. It klinkt oan de iene kant as wit hy alles, mar ik wit dat er ek ûnseker is. Der wurdt fan útgien dat hy him skuldich fielt, mar ik freegje my dat ôf. Dan tink ik: Macbeth, ik snap dy net. Dat makket it lykwols allinnich mar spannend.´

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.