Swingjend, swabjend sturtsje

Oan ús Cavalier King Charles (I of II, dêr wol ik fan ôf wêze… fan I is lykwols wol de kop ferlern gien en letter de sturt ek) hûntsje Nynke is aldergeloks noch hieltyd in kop en in sturt te finen… en se …jûchhei… bewege ek noch, boartlik en sierlik. Sa seach it der begjin desimber fan it ôfrûne jier 2011 perfoarst net út. Jimme Anne F. siet yn syn flatsje op syn bedsje yn Berlyn. Sa no en dan streamden syn triennen. Op ferskate plakken, benammen boekekastbuorden, mar goed yn ’t sicht, hie ik fotokes delsetten fan Nynke, ek hie ik in foto pleatst op Facebook, dy’t ik naam hie fan it bistje doe’t se de lêste kear by my yn Berlyn wie. Ik ha de foto makke by de yngong fan it kamp Sachsenhausen by Oranienburg.

Ik koe it mar net begripe… se hie noch sa goed west… se rûn alles mei… ik tilde har trouwens wol in soad op hear… treppen op en ôf… oars hie se it net folhâlde kinnen fansels… nei in pear oeren Berlyn is iderien út ’e liken! Leau my mar. Op ien fan ’e foto’s lizze it hûntsje en ik tegearre freedsum te sliepen… te snoarkjen en te piipjen. Nynke op myn boarst, ik op ’e bank, de bank op ’e flier, de flier yn it hûs, it hûs yn ’e strjitte, de strjitte yn ’e stêd…, ensfh., allegearre dan wer yn ’e earms fan Morfeus. Ik besocht, dêr yn Berlyn, it net werom te draaien feit mar te bestriden mei in einleaze assosjative oanfal op myn gefoel. Ik siet yn lamliddigens beferzen te wachtsjen op in tillefoantsje of sms’ke fan it thúsfront. Je koenen mei rjocht prate fan in ‘front’.

Thús, yn ’e hûs hearske der in krisissituaasje en de tún wie (mei troch it wiete waar) in stikje lânskip út ’e ‘Earste Wrâldkriich’ wurden. Der lei no in út Intratuinierde en Flytsterklaai, mei ierdewurkdiggels mongen, bulte neist in fjochtgroppe dy’t lykwols de foarm oannaam hie fan in hûnegrêfke. Nynke koe der sa yn. Mei al dat wetter wie it sawat in seemansgrêf op it lân… it wie dochs gjin seehûn dy lytse? Sa’n dea hierrich hûnepopke yn in wiet gat. Wêr wie dy God fan ’e dieren no? En ik?… ik wie der net by. Us twa dochters, Alma en Femke, hienen tegearre it gat groeven yn streamende stjalprein, dy’t him mongen hie mei de triennen fan ’e bern.

Al mei al in tige wiete bedoening, as yn in supersentimintele swart-wyt jeugdfilm earne út Italië 1950. Mar hoe kaam dit allegear?… wêrom wie de bistedokter ûnderweis om in spuitsje te jaan en ynsliepe te litten, foar ivich en net op myn boarst? Troch in ferkearde ûnferwachte beweging, by it boartsjen mei Nynkes favorite baltsje hie it hûnefanke heechstwierskynlik in nekhernia oprûn. Soks jout in soad pine en sa’n dier is fansels as in lyts bern dat net prate kin mar wól gûle. Se begripe der hielendal neat fan… as se efkes neat fiele dan bewege se… alle kearen farsk út ’e ferpakking sûnder foarskiednis… en dan docht it sear.

Nynke is myn libbensmaatsje, myn freondintsje, en heart te sliepen op ’e stoel op myn atteljee as ik oan it skilderjen bin en ik tsjin har oan eamelje. Ik wit ek wol dat sa’n bistje it ivige libben net hat en dat der in dei komt dat se der net mear wêze sil (útsein it feit dat se in plakje yn my´ krigen hat). Mar se hie noch nea wat hân fierders. Ik koe der net by mei myn bytsje ferstân en noch net. Myn partner (howdy) die alles en fleach fan ’e bistedokter fia ynternet hinne en werom.

Undertusken kaam der ek goedbedoeld advys binnen fan freonen hûneleafhawwers. ‘Net te lang wachtsje hear, mei ynsliepe litten… wy hawwe ek fierstente lang ompankoeke mei ús hûn.’ Mar… ho ris even… net alle sitewaasjes binne itselde. It Cavalier-ras stiet op it stuit net goed bekend. Der is tefolle mei fokke (jildbelang) en dêrom binne de hûntsjes oer it generaal swak. Sa binne de harsens te grut foar harren skedeltsjes. ‘Dêr haw ik ek lêst fan’, grapke ik altiten wer.

Mar ús Nynke is al tsien en hie nea echt de slimme ferskynsels hân dy’t by de raseigen sykte hearre. Oare hûntsjes, sa as te sjen is op YouTube-filmkes, binne der werklik wier folle slimmer oan ta. Us eksimplaar om it sa mar ris te sizzen wie behoarlik goed. 72 oeren foar it ‘SPUITSJE’ hie Nynke noch in Prednisonkuerke krigen en dat soe ridlik fluch wurkje moatte. In oerke foar’t de bistedokter komme soe kaam der wer wat libben yn ús lytse popke en woe se by Femke sitte. Doe’t de man mei it kofferke kaam moast dy sizze: ‘…Het hondje is nu te goed… zo doe ik het niet… uitstel van executie!’ No’t ik dit skriuw bin ik yn Ljouwert… se leit oan myn fuotten en hat krekt in stjonkskeet litten… wat bin ik bliid dat ik dy rûke mei!

Anne Feddema

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.